Nije Fryske stavering

Nije Fryske stavering

Op 24 april stimden Provinsjale steaten fan Fryslân yn mei ferskate foarstellen oangeande staveringsregels en waard dúdlik dat in standertwurdlist foar it Frysk oanmakke wurde sil. Fuortendaalk rôpen Fryske wittenskippers, skriuwers en oaren op om yn aksje te kommen tsjin de foarnommen feroarings omdat dy neffens harren liede sille ta in ferearming fan it Frysk. Yn dit dossier fine jo artikels oangeande de diskusje dy’t ûntstien is oer de útstellen fan de Fryske Akademy. Wolle jo in bydrage leverje oan dit dossier? Stjoer jo reaksje nei: reaksje@demoanne.nl.

Stavering, taalwittenskip en automatisearring

Automatisearring, dêr sit de oast yn alle opskuor en trelit oer de stavering. Om myn part sizze jo automatisearing, en skriuwe jo it sa. Mar ûnthâld it wurd. Want tsjintwurdich is de wurdboekerij net mear in kwestje fan kaartsjes dy’t by de A begjinne en by de W ophâlde, mar fan digitale bestannen dêr’t jo alles yn fine kinne wat jo sykje wolle. Dat it moat hast wol sa wêze dat de Fryske Akademy, fleurich oan it wurk om in Grien Boekje te meitsjen, oer de ynkonsekwinte stavering fan ‘e û-lûden stroffelt.

Standertwurdfoarmen, per definysje in gaos

De Fryske Akademy liket it hêft yn eigen hannen nommen te hawwen troch de provinsjale opdracht om in standertwurdlist foar de stavering op te stellen tagelyk ‘eefkes’ út te wreidzjen mei in list fan standertwurdfoarmen (ferplichte foar it skreaune Frysk yn ûnderwiis en offisjeel ferkear) en ‘ek goed-wurdfoarmen’. By dy eigenmachtige útwreiding giet it yn de taljochting dus net mear om de stavering, mar om it kiezen tusken dialektfarianten.

Nieuwe Friese spelling, een gûd idee?

Provinciale Staten van Friesland hebben besloten de officiële Friese spelling te wijzigen. Het beruchtst is de nieuwe regel voor de schrijfwijze van de oe-klank. De nieuwe regel zegt dat er een oe wordt geschreven als het 'duidelijk overeenkomstige Standaardnederlandse woord' die ook heeft. In andere gevallen wordt een û geschreven. Die regel zou eenduidig en makkelijker leerbaar zijn. Laten we eens bij een paar Friese woorden met een oe-klank bekijken of dat waar is.

Op ûndersyk út!

Yn ’e diskusje oer staveringsferoaring komme der hieltyd wer arguminten oer it wurdbyld en oer hoe’t minsken dêr tsjinoan sjogge. Binne dêr faaks al wat feitlike gegevens oer bekend?

Nasjonalisme en taalsuvering

It oanfolle argyf fan Henk Wolf oer de foarnommen staveringswiziging befettet 113 artikels en is al lang net mear up to date want der binne nei heal oktober al wer in stikmannich nije stikken oer de stavering en standert bykommen. Mar yn it hiele argyf, noch yn de neikommen post dy't my berikte, komt it kaaiwurd 'nasjonalisme' nei foaren. Dat is apart want de bân fan taal en nasjonalisme is histoarysk. Taal hat altyd de kearn foarme fan it nasjonalistyske stribben. Dizze histoaryske dei, want it is 25 jier lyn dat West- en East-Dútslân wer byinoar kamen, noeget út om dêr wat oer te sizzen. Fansels sjogge wy de fal fan muorre & gerdyn as fiktoarje fan de frijheid; dat is it ek. Mar tagelyk wie it in oerwinning fan it nei-oarlochse Dútske nasjonalisme dat East- en West-Dútslân foarstelde as in 'Sprachnation', op gelikense wize as dat it nasjonaalsosjalisme it folk seach as in ienheid ferbûn troch taal.

Eppie Dam skriuwt syn eigen Frysk

De arguminten yn it debat oer de foarnommen staveringsherfoarming en standertwurdlist rinne útinoar tusken fakgebieten. Dat is logysk mar lestich; it draacht net by oan oersjoch op de kwestje. It soe sa moai wêze as immen my syn stânpunten útlizze koe dy’t ferstân hat fan de deistige praktyk fan it ûnderwiis, dy’t taal net inkeld funksjoneel tapast mar ek artistyk, leafst as dichter, en dy’t him tagelyk as in filosoof bejout yn it wûnder fan betsjutting. Mar sa’n persoan soe, tocht ik, wol net bestean. No, dat die er wol. En hy woe ek graach in emailynterview jaan: de âld-learkrêft en alsidige skriuwer Eppie Dam.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.