Poëtyske Ankerplakken

Poëtyske Ankerplakken

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne it projekt ‘Poëtyske Ankerplakken’. Poëtysk ankerplak op it Fryske wetter en op it lân. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra, Dien L. de Boer, Piter Boermsa en Eeltsje Hettinga skreaunen earder al in gedicht foar […]

De Marboei - Eeltsje Hettinga

Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Eeltsje Hettinga. "It wetter hat syn skeppende kracht en syn ferneatigjende kracht. 'It wetter wat leavet, it wetter wat deadet', dat fertsjintwurdiget in kosmos fan spanning en poalen dy't elkoar tsjinsprekke, mar op de ien of oare manier ek byelkoar hearre." Lês it gedicht fan Eeltsje Hettinga 'Yn in úthoeke fan it hielal' oer de Aldegeaster Brekken no yn de Moanne nûmer 3

Poëtyske ankerplakken: Piter Boersma

Sûnt ferline jier ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Piter Boersma dy’t yn Earnewâld ynspiraasje opdie. "Ik kom hjir al fan myn sechde ôf oan. En ik moat sizze, skriuwe oer in ûnbekend gebiet is faak noch makliker as oer Earnewâld, dêr't ik al salang kom. Hjir kin ik safolle details en hjir lizze safolle oantinkens, dat je der soms wolris in omkomme as je mei in gedicht dwaande binne. De Alde Feanen, dat is eins myn paradys." Lês it gedicht dat er oer Earnewâld skreau no yn de Moanne nûmer 2.

Poëtyske ankerplakken: Dien L. de Boer

Sûnt dit jier ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Dien L. de Boer dy’t yn Bakkefean ynspiraasje opdie. “Vaak zijn het beelden die je bijblijven en als je eenmaal besluit daar iets mee te doen, dan komen er allemaal beelden bij. Alsof het materiaal je toestroomt als je eenmaal het besluit hebt genomen om ergens iets over te schrijven.” It gedicht dat sy skreau by dizze lokaasje is werom te lêzen fia de webside fan de Marrekrite en yn de Moanne nûmer 5.

Poëtyske ankerplakken: Lida Dijkstra

Sûnt hjoed ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei skriuwster Lida Dijkstra dy't yn Dolsterhuzen ynspiraasje opdie. “Ik fyn it moai ast ynspriaasje hast mei in begjinpunt. In lânskip, de omkriten. In boek of skilderij.” It gedicht dat sy skreau by dizze lokaasje is werom te lêzen fia de webside fan de Marrekrite en yn de Moanne nûmer 5.

De Marboei - Syds Wiersma

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Syds Wiersma. “En dan sjochst dy ûnbiedich grutte elektrisiteitsmêsten dêr’tst ûndertroch giest en yn de fierte sjochst dy betonkolos fan de dyk. En dan giest mei dat wiffe boatsje dwers troch dy beide linen hinne.” Syn ferhaal is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 3.

De Marboei – Saskia Stehouwer

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne it projekt ‘Poëtyske Ankerplakken’. Poëtysk ankerplak op it Fryske wetter en op it lân. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra, Dien L. de Boer, Piter Boermsa en Eeltsje Hettinga skreaunen earder al in gedicht foar […]

De Marboei - Joost Oomen

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Joost Oomen op de Fluessen. “Ik heb nog nooit zulk rustig weer meegemaakt. Er is echt geen bal aan. Volgens mij moet ik er daarom maar een zo explosief mogelijk gedicht uitslepen.” Syn ferhaal is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 6.

De Marboei – Erik Lindner

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne it projekt ‘Poëtyske Ankerplakken’. Poëtysk ankerplak op it Fryske wetter en op it lân. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra, Dien L. de Boer, Piter Boermsa en Eeltsje Hettinga skreaunen earder al in gedicht foar […]

De Marboei - Elske Kampen

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichteres Elske Kampen op de Sitebuorster Ie by Grou. ‘Myn earste gefoel, doe't wy mei de boat ôfsetten, wie it beweechlike. Je fiele yn je liif dat dingen los reitsje en dat betinke je net yn it foar.’ Har gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 2.

‘Skeppe Arjan, skeppe... wy sinke!’

It kontrast kin suver net grutter wêze wannear’t ik Arjan Hut fan syn wente tsjinoer de Cambuurfjilden ophelje: de stêd Ljouwert fan stien en asfalt en de Burgumer Mar, dêr’t in lulke wyn weach nei weach de reiden ynstjoert oan legerwâl. En fan dy legerwâl by Jistrum moatte wy sjen tsjin de westewyn yn oan de oare kant fan de mar te kommen; net fier fan Eastermar. Want dêr lizze de marboeien. De 71-jierrige Jitse Krol hat as snoekbearsfisker de boat noch yn it wetter en wol ús wol meinimme. Dizze fjild- en wetterman ken de mar goed; hiel goed.

De Marboei: Arjan Hut

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Arjan Hut op de Burgumer Mar. "It is in bombardemint fan yndrukken. Watst fielst, wat oer dyn holle hinne spat en watst sjochst oan kleuren, fûgels ... En dan ynienen moatst yn aksje komme, want oars rint is mis!” Syn gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 1.

De Marboei - Ellen Deckwitz

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichteres Ellen Deckwitz op de Hegemer Mar. "Ik heb nog nooit op een meer gevaren, maar wat ik heel leuk vind, is dat het net is alsof we op een plas olijfolie varen." Har gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 3.

De Marboei - Jaap Krol

Yn dizze fideo fan Remco de Vries skriuwer Jaap Krol op de Sleattemer Mar. "Ik fyn de natuer wol moai, mar ik bin net echt in kenner. Of in fan, ofsa." Syn ferhaal is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 3.

De Marboei - Elmar Kuiper

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Elmar Kuiper op de Swarte Brekken. "De Swarte Brekken, dat ropt in soad by my op. Ik bin wol in man fan taal. It wurd ’swart’ ropt wol wat by my op, lykas it wurd ’brekken’. As is der wat stikken gien. En dêr wol ik oer skriuwe." Syn gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 3.

De Marboei - Maarten Inghels

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Maarten Inghels op de Alde Feanen. "Ik vind dit inspirerend. Het is een uitdaging om voor het eerst over het water, over Friesland en deze plek te schrijven. Bovendien heb ik in mijn leven nog nooit een natuurgedicht geschreven." Syn gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 3.

‘Eigenlijk wil ik wel vaker doen. Mag dat?’

Dichteres Ellen Deckwitz hat in soarte fan argeleasheid oer har wêrtroch’t sy har as in bern fernuverje kin oer de wrâld om har hinne. Dat falt op. En hielendal as dy wrâld sa gewoan is as de Hegemer Mar dêr't ik safolle syld en fiske ha. Mar foar Deckwitz is it allegearre folslein nij: ‘Ik ga er wel vaker in mijn eentje op uit om over landschappen te schrijven, maar ik heb nog nooit het genoegen gesmaakt om mee te mogen op een boot op een meer. Ik ben nu al helemaal overweldigd door de geuren, de geluiden, de kleur van het water en dat soort dingen. Je kijkt over het meer en opééns komt er een vogel uit het water en je vraagt je af waar die zich verstopte.’

'Ik tocht no is it einde oefening.’

It hûs fan Elmar Kuiper sit fol. Fol mei bern. Net ien of twa, mar echt in hiel soad. En oan ’e muorre hingje tekeningen. Tekeningen dy’t troch bern makke binne. ‘Wiene dat allegearre dyn bern?’, freegje ik him letter wat skruten. ‘Nee, der wiene ek bern út it doarp by. Wy ha der fjouwer’, seit hy yn in greide oan de westkant fan de Swarte Brekken dêr't ik him hinne riden ha.

'Echt in fan fan wetter of boaten bin ik eins hielendal net.'

Jaap Krol komt as ienichste fan de dielnimmende dichters en skriuwers mei in eigen auto en in eigen reinbroek. It waait behoarlik hurd en de Sleattemer Mar hat in reputaasje wier te meitsjen as in mar dêr't je dat goed fernimme. Marrekritefrijwilliger en skipper Sjoerd Groen hat syn reade sylpak al oanlutsen foardat hy yn Wâldsein syn sloep yn stapt. Groen wit wat der kommen giet. Wy litte it fan de Fryske skriuwer om útens ôfhingje nei hokker marboei wy geane. Der binne der fjouwer.

'Maar als je dichter bij de Friezen komt dan is alles mooi rechtgetrokken.'

Oardel oere op it wetter. Dêr moat skriuwer en dichter Maarten Inghels út België it mei dwaan. Hy moat der ek noch acht oeren foar yn de trein sitte mei fjouwer oeren hinne en fjouwer oeren werom. En as ik him net op tiid yn Ljouwert krij, wurdt it in lange rit mei him nei Antwerpen ta. Al is it gjin ferkeardenien om mei te reizgjen want der komt al gau in nuveraardige ynformaasje-útwikseling op gong, al foardat wy mei it hierde boatsje út Earnewâld De Alde Feanen yn farre. Fragen wurde steld en de blik reizget oer it lânskip ûnderweis. Dat is logysk want yn it koarte skoftke tiid hjir yn Fryslân moat Inghels genôch yndrukken opdwaan foar in gedicht passend by ien fan de plakken dêr't in marboei leit.

it Marboei-projekt

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne it projekt ‘Poëtyske Ankerplakken’. Poëtysk ankerplak op it Fryske wetter en op it lân. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra, Dien L. de Boer, Piter Boermsa en Eeltsje Hettinga skreaunen earder al in gedicht foar […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.