Kulturele Haadstêd 2018

Kulturele Haadstêd 2018

Yn 2018 leverje Ljouwert en Malta de Kulturele Haadstêd fan Europa. de Moanne folget de ûntwikkelings fan dit ambisjeuze projekt. Yn dit dossier fine jo alle stikken dy’t earder op de Moanne online ferskynden, mar ek yn ús blêd. Wolle jo sels in bydrage leverje oan dit dossier yn ‘e foarm fan bygelyks in reaksje, kollum, essay of in oar stik? Stjoer jo kopij nei de redaksje: kopij@demoanne.nl.

Kulturele Haadstêd: in ultramaraton

Noch minder as twa jier foar de start fan Kulturele Haadstêd en de grutte linen wurde lang om let sichtber. Ein maart krigen de oarspronklike bidbookprojekten definityf in grien of read ljocht. “We zijn de bidbookfase nu echt voorbij. We moeten nu gaan bouwen aan het programma.”

Valt er nog wat te beleven na CH18?

De nakende komst van de Culturele Hoofdstad – nog zo'n duizend nachtjes slapen – is iets dat de gemiddelde amateurkunstbeoefenaar zeker niet onverschillig laat, maar in de meeste gesprekken daarover zwalkt de toon tussen scepsis en hoge verwachtingen. De verwachtingen worden gevoed door het idee dat er bijzondere dingen staan te gebeuren, dat Fryslân weer eens in de schijnwerpers mag staan en dat dit dé gelegenheid is om ook zelf met iets bijzonders te komen. De scepsis heeft vooral te maken met de angst dat het entertainment aanbod straks groter is dan de vraag, dat er te weinig ruimte is voor initiatieven ‘van onderop’ en dat de ambitieuze doelstellingen financieel niet haalbaar zullen blijken.

Bertels parttime, Van Erve fulltime by Kulturele Haadstêd

Yn 2018 leverje Ljouwert en Malta de Kulturele Haadstêd fan Europa. de Moanne folget de ûntwikkelings fan dit ambisjeuze projekt. Yn dit dossier fine jo alle stikken dy’t earder op de Moanne online ferskynden, mar ek yn ús blêd. Wolle jo sels in bydrage leverje oan dit dossier yn ‘e foarm fan bygelyks in reaksje, kollum, essay of in oar stik? Stjoer jo kopij nei de redaksje: kopij@demoanne.nl.

It ûntweitsjen fan Kulturele Haadstêd

Yn 2018 leverje Ljouwert en Malta de Kulturele Haadstêd fan Europa. de Moanne folget de ûntwikkelings fan dit ambisjeuze projekt. Yn dit dossier fine jo alle stikken dy’t earder op de Moanne online ferskynden, mar ek yn ús blêd. Wolle jo sels in bydrage leverje oan dit dossier yn ‘e foarm fan bygelyks in reaksje, kollum, essay of in oar stik? Stjoer jo kopij nei de redaksje: kopij@demoanne.nl.

Fryslân yn in modern jaske

Wurket Fryslân as in neidiel? Earder iepenet it doarren oer de hiele wrâld hinne. Hoe dan ek, it moat wol oars. Grinzen soenen foar de Friezen eins net bestean moatte. Sûnder soe Fryslân mear kânsen hawwe yn de gruttere wrâld, miene in tal foaroansteanden. It is de globalisearring dy’t in oanslach docht op de regionale identiteit, of leaver de Fryske identiteit. It is de fraach oft soks slim is. De grutste kulturele en ekonomyske wearde fan Fryslân sit net yn wat der is of wie, mar yn hoe’t Friezen harren ûntjouwe. De yndustrialisaasje hat yn de foarige ieu syn spoaren efterlitten en de digitale revolúsje docht dat no opnij. It plattelân is feroare, de mienskip is oars wurden en dêrmei ek de regionale identiteit.

Kulturele Haadstêd wurdt in froed feestje

Fryslân is yn 2018 nei alle gedachten in regio dêr’t ûnskuldige keunst fertoand wurdt, in provinsje mei in haadstêd dêr’t foaral ûngefaarlike ‘events’ te genietsjen falle. Dy realiteit twingt him oan my op, ek al kin ik dêr mar min oer.

Gedichten 'Poetic Potatoes'

Juster binne de earste gedichten fan it projekt Poetic Potatoes ferstjoerd nei Malta. Under tafersjoch fan Deputearre Jannewietske de Vries en boargemasters Krol en Crone is in jirpelkistje mei gedichten fan Hein Jaap Hilarides, Gryt Witbraad, Tjitte Piebenga, Sito Wijngaarden, Remco Kuiper, Sytse Jansma en Willem Schoorstra yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk op transport set nei Valetta.

LWD2018 kâns foar Ljouwerter bibliotheken

Ein dit jier beslút de Gemeente Ljouwert oer de takomst fan de bibliotheek. Besunigings hawwe fan gefolgen dat de trije wykbibliotheken ferdwine en de Ljouwerters it tenei dwaan moatte mei ien sintraal loket. Dy sintrale bibliotheek huzet dan net mear yn 'de Beurs', mar wurdt wei yn 'e Blokhuispoort is it doel. Feroarings yn in âld ynstitút kinne gjin kwea as dy de mienskip tsjinje. Mar fuort is fuort. De Kulturele Haadstêd Lwd2018 hat sûnder mis oansteklike ambysjes, mar wat bliuwt derfan oer? Wurdt 2018 ien trits fan amuses, in langduorjend strjitfestifal dêr't Ljouwert sa goed yn is?

Hype en meme

Us provinsje liket fersyld rekke yn in permaninte prakkesaasje oer har identiteit. Taal, lânskip, ferline, folksaard – de vintage trademarks fan it Frysk-eigene binne hieltyd mear it spylfjild wurden fan bestjoerders, marketeers en transysjemanagers. Lykop rinnend mei in mondiale trend hat it bêste lân fan d'ierde de postmoderne oerstek makke fan nation building nei nation branding. In ferhaal hoe't Fryslân himsels weromfine en fermerke wol.

Kulturele Haadstêd: Van visioen tot hoofdpijndossier

Fjouwer jier lyn alwêr, spruts Jannewietske de Vries foar it earst har fisioen fan Fryslân út as kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Mei o sa grutte ambysjes, sa gong de riddenaasje, kin de provinsje hielendal omtsjoend wurde yn in kreative kennisekonomy. Mar Fryslân2018 kampt mei ûnfoltôge foarnimmens, ôfbroazeljende stipe yn 'e polityk en in noch altiten skriel draachflak. Wylst de polityk hjoed kedize sil oer in trochstart, ûndersocht Richard de Boer hoe't de reis nei 2018 út 'e koerts rekke.

Valse historische argumenten helpen niet

Wat is er aan de hand? Looper stelt met enig aplomb dat ‘de betrokkenheid bij het steeds weer zoeken naar ons eigen dna de kracht is van Friesland.

Falske histoaryske arguminten helpe net

Under de kop ‘Fryslân op nei Europeeske takomst’ pakte de Ljouwerter Krante yn desimber foarich jier oer seis kolommen út mei in ûnferhoalen propagandaoffinsyf foar it projekt Kulturele Haadstêd 2018 (KH2018). Tresoar-direkteur Bert Looper die yn it artikel in fisy op de Fryske skiednis en in fisy op de Fryske identiteit út ’e doeken dy’t nei syn beskieden miening daliks mar yn it bidbook moast, ‘it ferhaal dat wy oan Europa fertelle moatte.’

De regio is hot

Is de regio in opkomst? Die vraag staat centraal in de meest recente uitgave van Boekman, tijdschrift voor kunst, cultuur en beleid. Het is een prikkelende vraag, zeker voor Friesland, in deze verwarrende tijd van enerzijds een toenemende globalisering en anderzijds een groeiend verlangen naar een meer lokaal en regionaal gewortelde identiteit.

2018: Zin in de toekomst

Leeuwarden, als hoofdstad van Fryslân, wil worden gekozen tot Culturele Hoofdstad van Europa in 2018. Het gaat om veel méér dan cultuur alleen, zeggen de denkers en doeners die als ‘Coöperatie 2018’ werken aan de uitgangspunten van het bidbook.

2017

'Het zou verdorie eens tijd worden', grommele Hans van der Heijde wat brimstich yn de mikrofoan, op de fraach wat er fûn fan de hege ûnderskieding. Mar de knypeach en de glinster yn syn eagen seinen genôch. Nimmen hie ommers yn 2009, doe't syn 'De Republyk' ferskynde, ferwachte dat dat boek no sa'n cultstatus berikke soe, ja sels útgroeie soe ta ikoan fan dizze nije tiid.

Fryslân 2040

Wolle Ljouwert en de provinsje Fryslân har kandidaat stelle foar de titel fan Europeeske Kulturele Haadstêd 2018?

Kûbaard Kultureel Haaddoarp 2018

Noch mar sân jier en dan is it safier. Sil Fryslân yn 2018 de kulturele haadstêd fan Europa wêze?

Erfgoed, identiteit en polityk yn Fryslân

It wie spannend yn Fryslân yn dy lêste wike fan maaie 2010. De finansjeel-ekonomyske krisis trof it lân. De oerheden makken har op om mei hurde maatregels de problemen te wjerstean. Wat soe de provinsje Fryslân dwaan? Fansels: kearntaken, ynfrastruktuer, oer datsoarte fan saken soe it grif gean. Mar hoe soe it it Fryske erfgoed ôfgean?

Mienskip!

Mienskip! Dat joech de trochslach. Ljouwert KH 2018! Mienskip! De sjury wie unanym: de Mienskipsgedachte, dat is wat noadich is! By it wurd Mienskip begûn der eat yn my te triljen. Eat dat al hiel lang yn djippe rêst wie. Ik waard wekker, sa fielde it: 'Dit is myn kâns, dit is ús kâns. Wy, de lêste sosjologen. Wy dy’t yn de jierren ’70 fol goeie moed nei de universiteit gongen, derfan oertsjoege dat we dêr leare soenen hoe de wrâld te ferbetterjen.'

Moai sûnder wjergea

Ofrûne moandei wie der in moaie en entûsjasmearjende byienkomst yn de Harmonie oer de ynhâld en de organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. In protte folk, nijsgjiirige projekten en ik leau dat elkenien der in protte nocht oan hat. Ik leau ek dat KH2018 no al belangrike djipperlizzende effekten krijt. It belangrykste is wol dat in nije en jonge generaasje tweintigers en tritigers in kreative takomst yn Fryslân sjocht en net fuortendaliks nei Grins, Amsterdam of Berlyn ta fleant.
foto: Linus Harms

Henk Keizer: ‘Jongens let op, Friesland komt eraan’

Henk Keizer is op 1 juny begûn as kwartiermaker culturele hoofdstad Fryslân 2018. Earder saaklik lieder fan Oerol en Dogtroep, de lêste jierren wurke er as projektlieder fan De Vrede van Utrecht oan de tariedings fan Utert yn de striid om kulturele haadstêd fan Europa te wurden. Hy stapt dus oer nei in konkurrint: Fryslân. ‘Eén van de grote kanshebbers.’ Keizer wennet sûnt 15 jier op Skylge en fielt him thús by de Fryske mentaliteit, neffens him: ‘Leven op een rustige manier, met aandacht voor andere mensen.’

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.