Koos Tiemersma

Koos Tiemersma

De Gysbert Japicxpriis 2015 giet nei Koos Tiemersma. Yn dit dossier jout de Moanne omtinken oan it hiele oeuvre fan de skriuwer.

Dongeradielster smaak en mjitte, oantekeningen by it boek 'Einum'

It boek Einum is gjin roman, meidat it net oan de definysjes fan in roman beantwurdet – ferhaalline, ûntwikkeling karakters (psychology haadpersoanen) en plot. It boek bestiet út 18 ferhalen dy’t foar it meastepart op harsels steane, fiif kear ûnderbrutsen troch in oardel side ferhaaltsje oer in fûgeltsje dat oer de Atlantyske Oseaan fljocht nei Einum. It fûgeltsje hat gjin funksje yn it ferhaal, noch reëel, noch metaforysk.

Laudatio Gysbert Japicx-priis Koos Tiemersma

Yn it foarste plak graach myn hertlike lokwinsk, út namme fan de Fryske Akademy, oan de bekroande skriuwer fan hjoed, Koos Tiemersma alias Froon Acker, mei de Gysbert Japixc-priis 2015, him takend foar syn lêste roman, 'Einum'. 'Einum' is in besûnder boek, en dêr woe ik hjir graach trije dingen oer sizze.

Gysbert 2015: Koos Tiemersma

In buertskip oan in âlde seedyk, achttjin yn elkoar oerrinnende ferhalen, foar lêzers dy’t net benaud binne foar in boek dat oars as oars is.

Hoe blond je aap

Politieke satire is zo oud als de literatuur. En misschien zodoende ook wel even oud als de politiek. Het genre wordt in Nederland echter nauwelijks meer beoefend. De literatuur heeft de satire uitbesteed aan cartoonisten en cabaretiers. Op Koos Tiemersma na. Tiemersma schreef onder zijn pseudoniem Froon Akker al geëngageerde boeken toen het noemen van dat genre nog vloeken in de postmodernistische kerk was.

Lok en leed yn Einum

De Gysbert Japicxpriis 2015 giet nei Koos Tiemersma. Yn dit dossier jout de Moanne omtinken oan it hiele oeuvre fan de skriuwer.

In folwoeksen oanbod fan e-boeken

Koos Tiemersma wie in pear jier lyn hast opholden mei it skriuwen fan boeken: nei’t er yn in pear jier tiid fiif romans publisearre, wie de skriuwer út Kollumersweach wol sa'n bytsje klear mei it papieren ferhaal. Ein 2009 wie yn de krante sels al te lêzen dat hy ophold mei it skriuwen. Mar doe kaam hy op it idee om digitaal wat mei literatuer te dwaan. "It ien set it oar oan de gong," seit Tiemersma.

Psychology fan 'e wiete grûn

Koos Tiemersma syn fiifde boek Under wetter spilet him ôf yn de takomst; yn 2065 om presys te wêzen. Neffens de omskriuwing op de achterflap wurdt Fryslân yn dat jier ‘priisjûn oan it seewetter dat heger en heger komt’.

Midsomer Murders yn Frjentsjer

It liet fan de Ibis, it nijste boek fan Koos Tiemersma, begjint mei in yntrigearjende en riedseleftige meidieling: “Hjir bin ik, wenjend by de boarnen dêr’t it libben oan ûntspringt”. De ik dy’t hjir oan it wurd is, is in figuer út it Afrikaanske folksleauwe, in abiku, “in geastbern, dat har út en troch meisûge lit nei de berte, in frucht besieljend om dêrnei fuorre te wurden troch de plasinta, útwaaksend ta bern fan fleis en blau klopjend bloed”.

De ljedder

Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, wit beppe it praat altyd geande te hâlden: ‘…se eamele ûnfersteurber troch – ‘kwòòòk?’ – socht de aaien út de jirpelbakjes op ’e souder – ‘kwòòòk?’ – lei sa út en troch ien fan de bisten mei de kop op it hakblok en koarte mei de bile – ‘kw?’– de hin in eintsje yn.’

Mind games

Dêrmei jout Tiemersma ek daliks it swakke punt oan fan syn ferhaal Mind games – en alle oare ‘fantastyske’ ferhalen, ynklusyf de wrâldferneamde Harry Potter syklus: alles kin, alles is mooglik, it is in wrâld fan hokuspokuspas en alles is weer net zo of juist heel anders als het was. Dat wurket al rillegau, by my alteast, ferfeelsum. In ferrassing is pas in ferrassing as men it net foar mooglik hâlden hie, as men derfan opsjocht. En dat is no krekt it probleem yn ditsoarte ferhalen: dêryn sjocht men nergens fan op, alles is mooglik. Behalven in echte ferrassing dus.

De mjitte

Doe en noch en wer: saken dy’t yn it ferline bard binne, en noch altyd trochwurkje of op ’e nij begjinne – sa soe men yn it koart de ynhâld fan Koos Tiemersma’s nijste roman De mjitte gearfetsje kinne. Itselde etiket kin plakt wurde op it skriuwerskip fan Koos Tiemersma, dy’t yn syn twadde boek folslein trou bleaun is oan foarm en ynhâld fan syn debút.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.