De lêzende mins

De lêzende mins

de Moanne pleatst alle wiken in koarte boekresinsje online fan boeken dy’t in bysûndere yndruk makke hawwe op de besprekkers. Boeken dy’t wizer meitsje, dy’t dy op oare gedachten bringe of boeken dy’tst fan in bysûnder persoan kado krigen hast. De kommende 50 wiken pleatse wy alle kearen in nij besprek.

De kruikenruiker

De bedrijven die ons land groot maakten (Gerjan Heij, Terra 2010) is in nostalgysk fotoboek dat in oersjoch jout fan bedriuwen en merken oant en mei de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Foar wa’t yn de fyftiger (en sechstiger) jierren opgroeide, is it trochblêdzjen in feest fan werkenning

Wylde jagers

It hat in djippe yndruk op my makke, it boek fan W.G. van de Hulst, De wilde jagers, it berneboek dat ik mei de krystdagen 1953 krige fan de 'Zondagsschool Samuel' op It Hearrenfean.

Harrekrammele

It djoerste boek dat ik ea kocht ha en tagelyk it djoersje dat ik ea keapje sil. Ik hear it mysels noch sizzen, nei ôfrin fan it fraachpetear dat ik foar de Moanne mei Machiel Braaksma hie, in begearich "reservearje my mar in eksimplaar".

De trein út Gent

Yn 1970 wie ik santjin, âld foar myn leeftyd, en lid fan de Lêzende Mins. Jierren rûn ik op en del tusken bungalow en bibleteek, de griene barak dêr’t ik datumstimpels garre yn dichtbondels fan namme. Omdat it ek wat mei my wurde moast, reizge ik troch de wike fan Kollum nei Dokkum. Mar ik wie al wat ik wie: lêzende mins.

Band of Brothers

Tsja, as je oan in Twadde Wrâldoarloch-freak as ik freegje om in stikje te skriuwen oer myn favorite boek, dan hoech ik dêr net sa lang oer nei te tinken. Hoewol’t de Twadde Wrâldoarloch it tema is fan de grutte mearderheid fan de boeken yn myn boekekast, springt dizze der echt út. Fanwege it oantal kear dat ik it lêzen ha, mar ek fanwege yndruk dy't it alle kearen wer makket: 'Band of Brothers' fan Stephen E. Ambrose. Ik moat sizze, dit wie wol in gefaltsje: earst de searje sjoen, dêrnei pas it boek lêzen. Meastal sizze se dat it oarsom moat. Dat de searje of film faak minder goed is as it boek. Dat is yn dit gefal dreech te sizzen.

De ballade van den oud matroos

Samuel Taylor Coleridge skreau dit boek yn 1798. Al is it mear as 200 jier âld, ik fyn it it lêzen tige wurdich. Ik haw twa oersettingen lêzen: dy fan W. Blok út 2002 mei as titel De ballade van de oude zeeman en dizze De Ballade van den oud matroos, dêr’t de titel in folle moaier ritme fan hat, fan Antonie Donker (dat in pseudonym is fan Nico Donkersloot) út 1931.

Schaduwkind

In Voor jou schrijft K. Schippers over het ‘verdwijnen’ van zijn vrienden Brands en Bernlef. Het is een mooie gedachte: of je ze ooit nog tegen kunt komen. Zo heb ik mijn dochter Rosanne Mei van 29, overleden in april 2002, later nog gezien in Venetië, in de verte. Ze zat met haar rug naar me toe te praten met twee jonge mensen. Ze is er nog, dacht ik, al kan ik er niet meer bij. Het troostte me.

Albert – Brusselske waffels – Camus

Yn de jierren njoggentich wenne ik in jier yn Brussel, eins om in oplieding oan de toanielakademy te folgjen, mar dêr hie ik al gau myn nocht fan. Om yn myn ûnderhâld te foarsjen wurke ik as dosint by de taalskoalle fan Berlitz: Nederlânske les jaan oan expats fan multinationals. Yn dy dagen haw ik hiel wat oeren trochbrocht yn bus en metro, moarns nei de toanielskoalle, middeis en jûns nei ien of mear fan de fjouwer fêstigings fan Berlitz yn Brussel: Kunstlaan, Stephanie, Tervueren of Louisalaan.

Wohin rollst du, Äpfelchen?

Boeken lêze? Ik bin der gék op en net allinne yn ’e fakânsjes hear. Tafallich wie ik, ein juny, krekt wer ris ta oan in boek fan de skriuwer Leo Perutz dus haw ik it ferline jier yn 'e simmerperioade lêzen. It liket my in goed plan om earst wat te fertellen oer de skriuwer, om’t er net al té bekend is by it gruttere publyk.

Ik as lêzend minsk

Ik ha de lêste tsien jier in fertalend minsk west: myn oersetting fan John Milton syn It Paradys Ferlern (1674) is ien fan myn grutste prestaasjes. Net dat ik de skriuwer en syn teology (hij woe Gods hanneljen tsjinoer de minsk rjochtfeardigje) sa graach lije mei – krekt oarsom, foaral syn rare skynhillige God haw ik (en ik net allinnich) slim it mier oan. Mar it is en bliuwt in machtich en ferheven stik taal, ek yn ús simpeler Frysk.

Terug uit de Witte Hel, werom nei de Arcadia.

Sjef is bliid. Einlings heart er wer ris syn memmetaal. Hy nimt groepkes passazjiers op sleeptou troch it doarpke Barentsburg en fertelt hûnderdút oer syn slidehûnen. Ien fan de passazjiers op it cruiseskip is Nan Woudenberg. Dat is te sizzen, sy is de haadpersoan yn it famkesboek ‘De Arcadia. Een genoeglijke reis naar Spitsbergen’ fan Cissy van Marxveldt. De achttjinjierrige Nan fynt de Nederlânske gids Sjef van Dongen mei syn brúnferbrânde kop wol in kreaze jonge, mar foar it oare kin it kâlde keale lânskip har amper boeie. ‘Hij is nu vier jaar in Spitsbergen - hij liever dan ik,’ seit Nan.

Erlend Loe - Doppler

Skjin myn nocht fan alles hawwende, wie ik ferline jier nei Denemarken fytst. Dêr haw ik seis wiken heal-om-heal fan ’e wrâld ôfsletten west. Op sokke mominten komt men der efter wat men oan goede freonen hat, want sa krige ik de tip om Doppler fan de Noarske skriuwer Erlend Loe te lêzen. It die har wol wat oan my tinken, sa sei se derby, dat myn nijsgjirrigens wie fuortdaliks oproppen.

Los van de wereld

In boek fan Hella, Freek syn frou, wie ik ynearsten skeptysk oer. Sy fersoarge fan ’t begjin oan by de optredens fan Bram en Freek ljocht, lûd, kostúms en dekor. Freek hat troch de jierren hinne ferskate ferhalebondels skreaun. En no moast Hella sanoadich ek har literêre stientsje bydrage?

Das finstere Tal

Begjin april ferline jier haw ik in slim ûngemak hân. Der is my in merkel yn it gesicht flein, dwars troch it rút fan 'e auto hinne. Ik haw in wike yn it sikehûs lein en koe de earste pear moanne net lêze. Yn dy tiid wie ik oanwiisd op harkboeken. Freonen, kollega's en sels ûnbekenden ha my harkboeken jûn of liend. It earste boek dat ik yn myn 'bline' wiken beharke ha, wie 'Das finstere Tal' fan Thomas Willmann.

Brilka

Ik ûntduts myn boek fan it jier it fia in besprek yn de Frankfurter Algemeine,dy’t ik kocht nei’t ik de foarige jûns op in feestje mei in kollega oersetter in petear hân hie oer de Dútse literatuur fan op ’t heden. Neffens him ferskynden der gjin echt belangrike boeken mear, boeken dêr’t je op sitte te wachtsjen en dy’t antwurden jouwe op je fragen.

Angèle

Sûnt koart haw ik in nije tas. Lytser as de âlde en dêrom handich foar fyts en trein en mei in formaat dat my oanset ta it lêzen fan de rige ‘âlde pockets út myn boekekast, dy’t krekt yn myn nije taske passe’.

De ontelbaren

Der liket dizze simmer gjin ein te kommen oan de streamen flechtelingen, asyl- en geloksikers dy’t oanspiele op de kusten fan Grikelân en Itaalje. De bylden steane ús allegearre op it netflues. Bylden fan tramtearre minsken, beroaid en útrûpele. Wanhopigen, dy’t alles achterlitten ha yn de falske hoop om yn Europa in feilich ûnderkommen te finen, of help yn watfoar foarm dan ek.

Leaust de letters amper

Ik ha net in hekel oan lêsfoer mei (auto)biografyske eleminten. Yn de foarbije moannen ha ûnderskate ferhalen oer pakes en beppes, heiten en memmen fan skriuwers myn netflues passeard, de memmen fan Adriaan van Dis en Maarten ‘t Hart, de pake fan Anne Sinclair. Stik foar stik yntrigearjende personaazjes, dy’t net meielkoar te fergelykjen binne.

De woede van Teresa – Alejandro Jodorowsky

Zodra mensen weten dat je schrijft, kijken ze je meewarig en een beetje minachtend aan als je vertelt dat je ieder jaar met ongeveer dertig romans van de boekenmarkt in Deventer terugkeert. Alsof een schrijver, wil deze maar van enige betekenis zijn, op zijn minst ter onderscheiding van de gewone lezer onbekende boeken moet lezen.

Spinroc

Sûnt in jier bin ik dwaande mei in roman dy’t foar in part yn Bergen (NH) spilet – wurktitel In winter oan see mei Colleen (frij nei A. Roland Holst syn bondel Een winter aan zee - 1937). Dichters, skriuwers, skilders, groepys en oar literêr folk fleane oer de siden fan de roman.

Nei it Park, in sublime novelle

Noch altyd koester ik de novelle 'Nei it Park' fan Hylkje Goïnga (1930-2001), de 100ste útjefte yn ’e Gurbe Rige dy’t yn 1992 ferskynde. Ik mocht dizze novelle, lykas folle mear wurk fan dizze skriuwster, yn manuskript lêze. Dy manuskripten tikte Hylkje faak út op de achterkant fan in A-4 mei foarop de 'Schijf van Vijf'. Hylkje har lesmateriaal wannear't se op skoallen kaam as konsulente bij de Basisgezondheidsdienst Zuidwesthoek.

Oer libben en wurk fan Johanna Westerdijk

It lêzen fan it kreas útjûne boek fan 352 siden makket al gau dúdlik wêrom't Faasse har boek mei rjocht en reden ien fan de achttjin nominearden foar de Boerhaave Biografy Priis 2015 is.

It boek fan de Tao

Begearte! In auto want te loai om te fytsen! In bûk as in hjerstkeal om de tonge te haagjen! Piltsjes om de seks oan te trunen. In buorrel en in sigaar foar de berûzing. Tsjinnatuerlik alfabet fan abc ta xtc. Om oer sjokola mar te swijen.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.