de Gysbert 2015

de Gysbert 2015

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard. Op 1 juny waard de ‘longlist’ werombrocht nei 3 titels: ‘Einum’ – Froon Akker, ‘In kop as in almenak’ – Elske Hindriks en ‘Littenser merke’ – Ale S. van Zandbergen. Yn dit dossier alle bydragen oer de nominearre skriuwers en titels.

Laudatio Gysbert Japicx-priis Koos Tiemersma

Yn it foarste plak graach myn hertlike lokwinsk, út namme fan de Fryske Akademy, oan de bekroande skriuwer fan hjoed, Koos Tiemersma alias Froon Acker, mei de Gysbert Japixc-priis 2015, him takend foar syn lêste roman, 'Einum'. 'Einum' is in besûnder boek, en dêr woe ik hjir graach trije dingen oer sizze.

Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan

“Dêr is it winkeltsje fan frou Jongsma. Brune beannen, grouwe earten en sûker wurde út potten en blikken yn papieren kladden skept en ôfwoegen.” In kop as in almenak iepenet mei in sfearskets fan in doarp yn de jierren fyftich. It is it doarp Terband, dêr’t de mem fan de skriuwster wennet en dêr’t sy sels ek foar in part opgroeid is. It winkeltsje fan frou Jongsma is der fansels net mear.

Gysbert 2015: Ale S. Zandbergen

‘Littenser Merke’ giet oer in dominy en syn frou (1832) en in slachterssoan en syn kammeraatske (1972) ... in treffen fan tiden en minsken ...

Side nei side ferwûndering

Net faak ferskynt der sa’n tsjok debút as de roman Littenser merke fan Ale S. van Zandbergen (1956). Neffens eigen sizzen hat de skriuwer it ferhaal de ôfrûne fjouwer jier op ’e fyts betocht en jûns opskreaun. It resultaat fan dy fjouwer jier is in debút dat net allinne yn omfang (405 siden), mar ek yn struktuer en ynhâld der wêze mei.

Fragminten fan in libben

De earste twa rigels fan it ferske Oeral thús fan de Fryske trûbadoer Piter Wilkens binne goed fan tapassing op it nijste boek fan Elske Hindriks (1957), In kop as in almenak. De skriuwster, dy’t in skûlnamme brûkt hat, komt út in skipperslaach en wol de skiednis fan de famylje fêstlizze foardat alles ferlern giet.

Gysbert 2015: Koos Tiemersma

In buertskip oan in âlde seedyk, achttjin yn elkoar oerrinnende ferhalen, foar lêzers dy’t net benaud binne foar in boek dat oars as oars is.

Gysbert 2015: Anne Feddema

In boek fol ferhalen fan wille en earnst, bedoeld om minsken glimkje te litten, in bytsje gûle te litten, om it libben en harsels miskien in hiel lyts bytsje te ferklearjen.

Gysbert 2015: Josse de Haan

‘De roman is in minskepoppespul mei seldsume suvere loksmominten fan fersmelting mei de oar, dy’t de wrâld letterlik opheffe, mar dy’t djoer betelle wurde.’

Gysbert 2015: Leo Popma

âlde leafde flammet op yn in lânhûs oan see. mar #de treinkaping hat syn slopende útwurking net mist. wat in libbens. @ sirkwy.nl/titel/906

Gysbert 2015: Margryt Poortstra

21 koarte ferhalen oer hiel ferskillende minsken mei har ferburgen langstme, gekte, talint of lilkens.

Gysbert 2015: Sipke de Schiffart

Dit wurdt dus myn earste (koarte) tweet: In boek dêr’t humor, synisme, grofheid en oerdriuwing ôfwiksele wurde mei tearheid en weemoed.

Gysbert Japicx: Marga Claus

Syktocht nei de wûnders yn in minskelibben. Want se binne der noch.

By Wêda, Ty en Thuner

Willem Schoorstra skreau in roman oer de Fryske kening Rêdbâd. Schoorstra is net benaud om delikate of beladen ûnderwerpen oan te snijen, wat him as skriuwer orizjineel makket.

Gysbert 2015: Elske Schotanus

Der is gjin oantinken fen ’e foarâlden; en de kommende slachten dy’t wêze scille, dêr scil ek gjin oantinken fen wêze by dyjingen dy’t letter wêze scille. (Prediker 1:11)

De wierheid kreëare

It binne gjin sympatike lju, it stel dat yn It libben fan in oar de haadrol spilet. Hy, Johan, hat him de lêste jierren foar syn promoasjeûndersyk yn de poëzij fan de Fryske dichter Boate Annes de Vries ferdjippe. Dat dat ûndersyk op ‘e non rint is al gau dúdlik, mar in heimsinnige liftster – in operasjongeres mei Amerikaenske roots – soarget foar it lêste triuwke om de handoek yn de ring te goaien.

Tusken eachwink en ivichheid

Metten, Lauden, Priem, Terts, Sekst, Noon, Fespers en Kompleten. Dat binne de acht gebeden dy’t op fêste tiden fan de dei yn in kleaster bean of song wurde. In Fryske skriuwster giet acht dagen nei in kleaster yn Seelân. Se sit op keamer acht. Ien fan beide spikerkes dêr’t it sifer acht mei oan de doar befêstige is, is stikken wêrtroch de acht oerdwers hinget en sa in lemniskaat foarmet, it ivichheidssymboal.

Nei de krypten fan it ferline

Skriuwe docht Popma yn riten: yn ’e jierren santich publisearre er in toanielstik, in roman en in dichtbondel. Yn 2002 ferskynde pas wer in boek: de ferhalebondel Himelsk ferwulf, yn 2004 folge troch De wraakingel. En no dus As gong dêr in oar.

Ferhalen foar by it kofjesetapparaat

Margryt Poortstra (1953) is in produktyf skriuwster. Fan har hân ferskynden sûnt har debút yn 1975 (Hillige Minke) ferskate poëzybondels, romans, berneboeken en bondels koarte ferhalen. Se wûn twa kear de Rely Jorritsmapriis foar poëzy (1985, 1986) en twa kear foar proaza (1989, 1994). Har lêste roman Minskebern komt út 2008 en giet oer de gefolgen fan Alzheimer. It resint ferskynde Kofje ferkeard is in ferhalebondel mei 21 ferhalen, har twadde nei In soarte fan swijen (1998).

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.