Josse de Haan (1941 – 2020)

Op snein 1 novimber 2020 ferstoar skriuwer Josse de Haan. Yn dit dossier stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek besprekken en polemiken fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.

Mindert Wijnstra (1945 – 2020)

Op woansdei 30 septimber 2020 ferstoar skriuwer Mindert Wijnstra. Yn dit dossier stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek kollums en ferhalen fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.

Sjoerd de Vries (1941 – 2020)

Op tiisdei 7 jannewaris 2020 ferstoar keunstner Sjoerd de Vries. Yn dit dossier alle stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer it libben en wurk fan Sjoerd de Vries.

De Gysbert 2019

Aggie van der Meer is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2019. Se ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân wurdt sneon 16 novimber útrikt yn Boalsert. Yn dit dossier alle bydragen dy’t earder oer de skriuwster en har wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.

Tsead Bruinja

Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Yn dit dossier in seleksje fan de bydragen dy’t earder mei en oer de nije Dichter des Vaderlands publiseard binne yn ‘de Moanne’.

Jelle Kaspersma (1948-2019)

Ofrûne snein 17 febrewaris 2019 ferstoar dichter/skriuwer Jelle Kaspersma. Yn dit dossier alle stikken mei en oer it wurk en libben fan Kaspersma dy’t earder publiseard binne yn ‘de Moanne’.

Poëtyske Ankerplakken

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne it projekt ‘Poëtyske Ankerplakken’. Poëtysk ankerplak op it Fryske wetter en op it lân. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra, Dien L. de Boer, Piter Boermsa en Eeltsje Hettinga skreaunen earder al in gedicht foar […]

Klaas Bruinsma (1931-2018)

Moandei 29 oktober ferstoar Klaas Bruinsma is op 87-jierrige leeftyd. Hy wie dichter en foaral bekend as oersetter fan grutte klassikers yn it Frysk. Bruinsma hat yn syn karriêre meardere prizen wûn foar syn wurk. Yn dit dossier alle stikken mei en oer it wurk en libben fan Bruinsma dy’t earder publiseard binne yn ‘de […]

Kulturele Haadstêd 2018

Yn 2018 leverje Ljouwert en Malta de Kulturele Haadstêd fan Europa. de Moanne folget de ûntwikkelings fan dit ambisjeuze projekt. Yn dit dossier fine jo alle stikken dy’t earder op de Moanne online ferskynden, mar ek yn ús blêd. Wolle jo sels in bydrage leverje oan dit dossier yn ‘e foarm fan bygelyks in reaksje, kollum, essay of in oar stik? Stjoer jo kopij nei de redaksje: kopij@demoanne.nl.

Koos van der Sloot (1953 – 2018)

Op moandei 19 febrewaris ferstoar keunstner Koos van der Sloot (1953 – 2018). Yn dit dossier alle stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer it libben en wurk fan Koos van der Sloot.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.