Dongeradielster smaak en mjitte

JOSSE DE HAAN –

Oantekeningen by it boek ‘Einum’
FroonAkker – 1). pseudonym skriuwer K. Tiemersma; 2). krist.fuotbalclub Frjentsjer (1949).
Einum – 1). fiktyf doarp yn Dongeradiel; 2). titel boek (2012).

It sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 2015 jout oan dat foar de twadde kear yn de skiednis de sjuery út 5 persoanen bestiet. De skriuwer fan it rapport (A. Looijenga?) skriuwt dat der twa Dongeradielsters om utens yn sieten, plus de boargemaster fan Dongeradiel, en dan noch wat los guod.

It wie in advyskommisje fan 5 persoanen, want de leden moasten ferskillende kleuren hawwe om úteinlik by itselde boek te kommen. Nei lêzen fan it boek konkludearje ik dat de Dongeradielster smaak wûn hat. Dy smaak hie en hat mei literatuer net it measte te krijen.

In prachtich sintsje yn it rapport is dit: ‘Uteinlik ha wy unanym, sûnder trelit of skeel, advisearre om Einum fan Koos Tiemersma de priis te jaan.’ De 5 folslein ferskillende persoanlikheden lieken dus mear op elkoar as wat tocht waard by har oanstelling. Dongeradiel, in wrâld op himsels yn Fryslân.

 

Gjin roman
It boek Einum is gjin roman, meidat it net oan de definysjes fan in roman beantwurdet – ferhaalline, ûntwikkeling karakters (psychology haadpersoanen) en plot. It boek bestiet út 18 ferhalen dy’t foar it meastepart op harsels steane, fiif kear ûnderbrutsen troch in oardel side ferhaaltsje oer in fûgeltsje dat oer de Atlantyske Oseaan fljocht nei Einum. It fûgeltsje hat gjin funksje yn it ferhaal, noch reëel, noch metaforysk.

 

Yn de wurden fan dizze sjuery sit mear winsk as heit fan de wurklike sitewaasje yn wat se lêzen hat.

 

De 18 ferhalen fan sa likernôch in fyftjin siden elk foarmje in sjoernalistyk ferslach fan it libben fan minsken yn in optocht doarp yn it noarden fan Fryslân. Op de iene of oare wize binne se dêre terjochte kommen, tafallich, sa’t it tafal faker yn dit boek in grutte rol spilet. Dat keunstmjittige fan it tafal is needsaaklik, want der is gjin sprake fan in ûntwikkeling sa’t dat yn in roman it gefal is. Hjir wurdt allinne troch de skriuwer registrearre yn momintopnames.

De ferhalen binne net ferfelend om te lêzen, hoewol’t de measte neat nijs nei foaren bringe. Alle nijsblêden, wykblêden en benammen tv-stjoerders bringe ditsoarte fan ferhalen oer minsken dy’t it net maklik hawwe, dy’t soms op in sydspoar setten binne, dy’t wat apart yn it libben stean of in eigen libben easkje. Dat is fan alle tiden. It aparte is dat se hjirre yn dit boek by elkoar setten binne, sadat de reportaazje in boek wurde koe.

Dêrta wie it wol nedich en forsearje keunstmjittige wrâlden en barrens, want yn de realiteit fynst nea achttjin fan sokke lju sa ticht by elkoar op in klútsje, mei sa’n bytsje kontakt.

 

Plattelân boppe de stêd
De skriuwer fan it rapport beweart yn it sjueryrapport dat yn de hjoeddeiske Fryske romankeunst gjin ynternasjonale oriïntaasje nei foaren komt – geografysk konsintrearje de auteurs har op de eigen provinsje. En dan komt de útsmiter: se litte de stêd achter har en situearje har wurk op it plattelân, yn besteande en yn fiktive doarpen. Neffens my spilet literatuer him altyd ôf yn fiktive doarpen of stêden. In ferslach lykas Einum yn feite is, kin as net-fiktyf sjoen wurde, hat mei literatuer net sa’n bult te krijen.

De rapporteur stelt dat de Fryske literatuer mei it ferlitten fan de (gefaarlike, JdH) stêd weromgrypt op de begjin 20e ieuske Fryske proazatradysje – it plattelânsproaza. De wjerklank fan de proazafernijing fanôf de de jierren 60 fan de foarige ieu mei eksperiminten is hast net werom te finen. Dat fernuveret de advyskommisje.

Dy stelling oer it plattelân en it ûntbrekken fan eksperiminten wurdt yn in noat wer relativearre – de bliidskip oer de ferhalen fan it plattelân en binnen de gouden hoep moat spitigernôch timpere wurde:

Dizze grutte wurden fertsjinje lokkigernôch in nuansearring. Der is yn de lêste jierren wier wol mear Frysk proaza ferskynd dat syn ynspiraasje bûten de swetten fan it Heitelân fynt, bygelyks: Piter Boersma, De krêftproef (2012); Lida Dykstra, De nije seemearmin (2012); Anne Feddema, De triennen fan Cheetah (2014); Josse de Haan, Frou mei mandoline op sofa (2014); Leo Popma, As gong der in oar (2013).

Oer Piter Boersma syn roman haw ik skreaun: ‘In poëtyske roman oer in absurde wrâld dêr’t de mins as ienling besiket him steande te hâlden yn syn eksistinsjeel bestean – It tema yn it proaza fan dizze skriuwer. Mei dit boek hat de skriuwer de Fryske ‘nouveau roman’ noch wer wat breder makke.’

Myn eigen roman Frou mei mandoline op sofa is ien eksperimint, streekrjocht it gefolch fan it ekspermint fan de 60-er jierren. Yn de wurden fan dizze sjuery sit mear winsk as heit fan de wurklike sitewaasje yn wat se lêzen hat.

 

Stream of consciousness?
It sjueryrapport praat oer Tiemersma as in Fryske Faulkner dy’t ommers ek in fiktive streek beskreau yn út en troch lange sinnen (dy’t grammatikaal allegearre klopje, JdH). It boek fan Tiemersma is ek yn lange sinnen skreaun neffens de sjuery, yn in stream of consciousness mei in assosjative en evokative wurdkar.

Ik haw dat net sjoen. Ik haw grammatikaal breklike sinnen lêzen, dêr’t soms komma’s op it ferkearde plak steane, helendal net brûkt wurde of net nedich binne.

 

Literêre taal easket benammen in ienheid fan foarm, funksje en ynhâld. Proaza is gjin poëzy.

 

Yn dy saneamde lange sinnen fan Einum sit gjin struktuer, skûlet gjin needsaak, omdat de sprekker/tinker/alleswittende ferteller (skriuwer) dat net wiermakket. De stream of consciousness – faak yn de foarm fan in monologue intérieur (sjoch De krêftproef fan Piter Boersma) – is in literêre technyk dy’t hege easken stelt oan de skriuwer – de needsaak fan de stream moat fuortkomme út de tekst, yn feite út de persoan dy’t tinkt of praat. Keunstmjittich tapasse sa’t yn Einum bart, sûnder ynnerlike needsaak, hat gjin doel, en skeint de tekst.

Skriuwers as José Saramago, Antonio Lobo Antunes, Hugo Claus, Simon Verstdijk en f’ral James Joyce wiene masters yn it brûken fan de technyk fan de ‘stream of consciousness’. Joyce is wrâldbekend en –berucht wurden doe’t er yn 1922 Ulysses yn Parys publisearre, dêr’t Molly Bloom yn ien stream har monologue intérieur oer it libben, oer seks, oer frjemdgean, oer manlju nei foaren bringt – yn in lytse fjirtich pagina’s ferdield oer mar acht sinnen spuitet se gedachten, gefoelens, dreamerijen en ideeën oer de lêzer hinne. It is ien trochgeande flow fan bylden, wurden, assosjaasjes en oantinkens. Hast hûndert jier lyn! Dit kin út soarte net imitearre wurde.

Ik jou in lyts fragmint fan Ulysses, BB 1997 yn de oersetting fan Paul Claes en Mon Nys (út Episoade 18 – It bêd):

episoade it bed

 

It fragmint út Einum is in moeting tusken it swarte soarchfrommeske en de boer mei rimmetyk, in petear tusken dy twa, en der is dus gjin sprake fan in trochgeande flow fan gedachten, etc. Beide persoanen hawwe har eigen ritme en dat soe yn de taal nei foaren komme moatte. Hjir wurdt alles keunstmjittich mikst en dat hat mei de realiteit fan dy moeting neat te krijen. De frou tinkt, freget en antwurdet út deselde laach – de man komt nei foaren as in objekt. Hy is dat folslein net docht letter bliken: Einum (Haadstik 1, side 19):

einum dandy

 

 

Forsearre byldspraak en metafoaren
Sa’t de foarm en de opbou fan sinnen en alinea’s frijwat keunstmjittich is, sa is ek it gebrûk fan metafoaren en byldspraak yn it algemien moai aardich forsearre, soms sels would be-achtich. As wol de skriuwer per se literêr-achtich skriuwe, útgeande fan de premisse dat literatuer in oare foarm fan skriuwen easket as sjoernalistyk wurk of wurkferslaggen fan in gearkomste.

Yn prinsipe is hjir wat foar te sizzen, mar literêre taal easket benammen in ienheid fan foarm, funksje en ynhâld. Proaza is gjin poëzy. Dat betsjut dat metafoarysk gebrûk fan de taal yn proaza folslein oars is as dy yn poëzy. De skriuwer fan Einum brûkt te faak in artifisjele ‘metafoaryske’ foarm. De útdrukkings slane soms as in tange op in baarch, út en troch lêze je nonsens.

Hy wol net yn de fâle fan de boeketrige of fan de KFFB-roman-klisjees rinne, mar skept no in taal dy’t noch literêr, noch klisjee, noch sjoernalistyk is. It subtile taalgebrûk dat mear suggerearret as streekrjocht oanjout ûntbrekt folslein. Faaks seit er dat it syn eigen styl en taalgebrûk is. Dan allinne yn syn eigen eagen, want taalgebrûk –literêr of net – easket it brûken fan de rigels fan dy taal. Neologismen en eigen skepen wurden binne mooglik, mar as it ûnsin wurdt, wurket it negatyf oangeande in tekst. Foarbylden (in kar):

s.12: it kontakt bloeit op as in katte-each yn ’t tsjuster;

s.14: in bleek gesicht as in fisk dy’t him meldt achter it glês fan in akwarium;

s.15: stjoert de Opel op de rourâne fan de ôfbrokkeljende ferhurding;

s.16: it jiskefabryk, in fertikaal aksint yn in lânskip;

s.16: alle yndrukken dy’t har ynslute bûten de doar te hâlden;

s.17: as dit suzjet op Walburg passe moat dan miicht de duvel wijwetter;

s.19: út it sedimint fan syn opfieding wei komt er oerein;

s.19: fingers dy’t it ek net mear witte;

s.19: swimt de hân werom nei syn eigner;

s.26: blykber is se al opgien yn it plaatsje fan de pleats;

s.27: stadich komt syn hân omheech en leit er syn aai;

s.30: in plan as in tegelpaad;

s.32: it wetter moat dochs in kear siede (konflikt útlokje?- JdH);

s.39: de kjeld wurdt út it iten wei kreake , in waarm miel op oarlochssterkte;

s.39: in sin weromfike oant op de kearn;

s.40: in polonêze fan ferwiten;

s.41: wylst djip ûnder him auto’s har ta pearelsnoeren riuwe;

s42: by elke foarm fan fertriet stiet de doar om te treasten mar even op in kier;

s.43: har stim besiket de pine derút te wjudzjen;

s.44: alle deilis fan de lêste tiid hat de see berikt;

s.45: it bloed mingt him mei it fretten fan syn tút

 

Doe’t ik hjir wie op dizze side frege ik my ôf oft de saneamde ‘byldspraak’ oersetten wie út in oare taal, net goed begrepen en dêrtroch ferkeard tapast. Of hat de skriuwer by it lêzen fan kranten, tiidskriften en boeken oantekens makke fan yn syn eagen nijsgjirrich taalgebrûk yn wat er lies? Hat er de sinnen en de sprekwizen der letter yn Einum tusken smiten? Ik taast yn it donker. Ik jou noch ien side.

 

Wurden buorrelje út it grim fan de tsjerke s.97

s.49: hy siket in meganise eachopslach;

s.49: it mei syn eigen fel beklaaide spegelbyld;

s.50: de slange mei de flústerjende bek flakby syn ear te wjerstean;

s.51: elke fraach wie in weesbern gelyk;

s.52: de fysike grins fan de see opsykje;

s.55: mei syn ôftocht fike er it lân yn ien haal midstwa;

s.55: in ferwachting út de kategory driuwsân;

s.55: de stilte nei hege hichten tôgje;

s.55: (de frou) in spat bloed yn in grize setting;

s.57: ynsjipje mei ferwiten;

s.58: ûnrêst, de ideale skoandochter fan de erotyk;

s.62: oeral hearsket it ekskús fan de ûnskuld;

s.70: in út ‘e bocht fleine partnerruil;

s.75: Gré hat in noas as in jachtbuks;

s.86: it hiele bestean is net mear as in stip oan ‘e kym;

s.86: losskuord fan it wurd dat der grif by heart;

s.87: himmelje sit har as in anker yn ‘e holle;

s.89: wurden wurde wei yn dearinnende miichstegen;

s.90: sûnder wurden glidet it libben oan har foarby as in âlderling yn ‘e nacht;

s.91: se fielt hoe’t har longen ôfkuolje, se lykje op krystbeammen mei in laachje ryp, se knisterje;

s.105: in garaazje tusken de skonken om in dildo te bergjen;

s.122: it kasjot fan har fersliten liif;

s.162: de lucht om syn broer hinne begjint te twirjen;

s.176: wolkjes fan fertriet boppe fronsele wynbrauwen;

s.192: de nacht hat de sliepmûtse noch net opset;

s.198: drinke en pisje mei myn liif as kearslûs;

s.199: Jente, in bern as in klinkneil;

s.202: twa bûtenlampen nimme har ûnder skot;

s.207: stoarje nei de noch tsjustere dei dy’t ynienen stim krijt;

s.208: wat har as in hynder op ‘e kletter troch de geast fjouweret;

s.209: auto’s as sliepende hûnen op it gers;

s.218: opstutsen finger fan it jiskefabryk (sjoch s. 16);

s.233: it apparaat rattelet in list om de stilte;

s.240: fragen, jûkjend achter de tosken;

s.245: him talitte yn it lauwe feest fan har liif;

s.246: beslipe de lucht syn luchtpiip om syn bloed op te laden;

s.274: de rein tikket mei wiete fingerkes op de paraplu;

s.285: yn it binnenste fan syn geast begjint it te jûkjen;

s.285: it laitsjen falt om;

s.288: de skreau lit de faas fan stilte út inoar barste ;

s.291: siedende spikers stekke yn syn tinken ;

s.301: altyd in seedyk fan stânfêstigens.

 

 

Spoaren âlderwetske boereroman
Yn 1971 krige Paulus Akkerman de Gysbert Japicxpriis foar syn koarte ferhaaltsjes. Trinus Riemersma skreau yn trotwaer 1971-7 (ek sammele yn Op ‘e barrikaden en der by del ,Venus – 2005) it stik ‘Gysbert op it Skiermuontseach’ – hy fûn it idioat dat Akkerman de priis krige, want syn skriuwsels hiene neat te krijen mei literatuer dêr’t de priis foar bedoeld is.

Riemersma makket yn dat essay ferskil tusken oprjochtheid en kitsch. De priis foar Akkerman betsjut neffens him dat 25 jier krityske aktiviteit fan Tsjerne en trotwaer ûngedien makke is. Hy fynt ek dat de tradysje fan de literatuer ynhâldt, dat er him tsjin de tradysje ôfset.

 

De skriuwer beskriuwt de gefoelens fan de persoanen, sadat se gjin karikatuer of klisjee wurde, mar echt en oprjocht. Yn Einum bliuwe se stereotipen.

 

‘Akkermans wurk is gjin kitsch, gjin falske literatuer – it is gewoan neat, wol neat wêze, mar it is wol earlik wurk. It binne ferhalen sec. It wurk hat gjin styl. De wurden fertelle wat der stiet – Akkerman is in opskriuwer fan ferhaaltsjes dy’t er optocht hat. Hy giet de wrakseling út ‘e wei. Literêre wearde krijt in wurk pas as de minsken yn de wrâld fan it boek ta libbene minsken wurde. Moaie útdrukkings dy’t troch it boek frissele wurde hawwe mei literatuer neat te krijen’.

Guon krityske noaten oer it wurk fan Akkerman kinne ek op it boek Einum slaan. Heel wat fan de niisneamde sitaten út Einum falle ûnder de kitsch, hearre by de falske literatuer, omdat se optocht en would be binne – korrupte byldspraak en metafoaren dy’t net doge.

As lêzer hawwe jo gjin inkelde yntellektuele útdaging, it boek is in ûnmeilydsum ferslach oer yndividuele minsken dy’t it net maklik hawwe. Dizze optinksels hawwe neat mei in doarp te krijen. Der is gjin ûntwikkeling, gjin plot. Karakters binne sa’t se binne. Ik sjoch net de op ‘e nij útfûne plattelânsroman (sjueryrapport), wol sjoch ik in nijsoartich KFFB-boek, c.q. boereroman, mei falske noaten.

Wat my it measte steurt as lêzer is de ôfwêzichheid fan de skriuwer. Ik sjoch gjin moederaasje, mar wol in soarte fan genietsjen fan en delsjen op de spilers yn de ferhalen dy’t yn ‘e knipe sitte – de frou mei it amputearre boarst, de pedo dy’t himsels ophinget fanút it Blaue Hinein, de deminte frou dy’t de Wiel ynrint, de mislearre sjonger, de betize skilder en noch wol mear. It binne 18 ferslaggen fan in sjoernalist dy’t allinne mar registrearret (sûnder gefoel).

Yn de roman De mjitte (2004) fan Tiemersma kaam dat ek al nei foaren yn ferbân mei de bewenners fan in folksbuert. Inselde soart folksbuert dy’t ik as net-fiksje kennen haw doe’t ik dêre in heal jier skarrele – sjoch myn keatsferhaal Autoskooterje op it Frjentsjerter keatsen oer famke K. In skriuwer soe neffens my yn de karakters fan syn haadpersoanen krûpe moatte, dan kinne se ta libben komme. De skriuwer beskriuwt de gefoelens fan de persoanen, sadat se gjin karikatuer of klisjee wurde, mar echt en oprjocht. Yn Einum bliuwe se stereotipen.

 

Oanset ta in boeresoap mei in sadomasogistysk frommeske yn geil pakje en imitaasje ‘Leafdedea’
De achttjin ferhalen yn dit boek jouwe gjin ûntwikkeling yn de tiid, se beskriuwe sec de sitewaasje, mei hjir en dêr in dwersferbining. By fjouwer ferhalen leit dat oars – de nûmers 1, 2, 12 en 15. Mei inoar telle se in 66 siden, in fyfde diel fan it geheel. Yn dizze ferhalen spilet Rindert Walburg de haadrol, in âlde boer mei rimmetyk dy’t geilt op jonge froulju.

De âlde tematyk fan de boereroman (dêr’t Anne Wadman mei syn De smearlappen mei ôfweefde yn 1963) spilet hjir de haadrol. Nije eleminten lykas in swart soarchfrommeske, in eks-hoerke dat sadomasogistyske ûnderfinings hat, sjantaazje op in earder libben, in twongen houlik troch swangerskip, in sûch mei in leech I.Q., in debyl jonkje en in simpele neef fan de boer wurde hjir yn dizze koarte novelle op it aljemint brocht.

 

No bliuwt it allegearre wat stikem sa’t it heart yn boereromans – neat wurdt by namme neamd.

 

It prinsipe is noch gelyk oan dy yn ferhalen fan foar de twadde wrâldkriich – in rimmetykboer (widner) hat ferlet fan froulju. Froulju en dochters fan arbeiders binne der net mear, der moat dus wat oars betocht wurde. De haadstikken 1 en 2 fan it boek sette útein mei dizze boeresoap (36 siden). It giet yndirekt oer seks. Yn in blog skreau Tiemersma in pear dagen nei de útrikking fan de GJ oer In Geile Gysbert (16/10/’15), itselde hie er dwaan kinnen yn Einum oangeande de boer Rindert Walburg. No bliuwt it allegearre wat stikem sa’t it heart yn boereromans – neat wurdt by namme neamd.

It twadde âlderwetske elemint is de winsk fan de neef om letter de pleats oer te nimmen, meidat der gjin bern as opfolgers binne. Syn frou sjocht dat helendal sitten, en it is dé reden om him net te ferlitten. Sij wol fan hoerke boeremefrou wurde.

De âlde boer ûntdekt har seksferline, en kin har dêrtroch sjantearje. Se geriift him yn in sm-pakje, sadat de neef (har man) en de boer in maatskip opsette kinne. Ien betingst – it frommeske moat him oant syn dea sobje en lobje en op ‘e bealch jaan (of wat Tiemersma ek mar op it each hat mei dat s.m.-pakje). Eksplisite seks heart ommers net yn sa’n boeresoap. Boppedat, de sm-sêne is ferbalisme.

As lêste sêne yn it boek ferskynt in imitaasje fan de roman leafdedea fan homme eernstma, dêr’t Maria en de haadpersoan Wibe al frijend de himel yndûke – in supersurrealistyske sêne sa’t noch net earder yn it Frysk skreaun wie (des. 1963).

Yn it boek Einum lit in man syn deminte frou in wiel ynrinne – hy wol har net tsjinhâlde – ‘hy heart hoe’t de oerflakte fan It Wiel him iepenet en wer slút’, en hy smeekt, ‘ferjou my Heare’, mar God bliuwt stil. Mar dan (achter him): dêr stiet se, ûntheistere yn it tsjuster fan de nacht, se sjocht nei him op en trouhertich seit se it fûgeltsje is fuort hear Jan. It is fuort.

Ik jou de foarkar oan leafdedea dêr’t de beide luvvers bliid de himel yndûke sûnder omsjen yn spyt of wrok, omdat it logysk folget út it haadstik sels. Yn Einum is de sêne artifisjeel.

PS: Fan de longlist foar de GJ fyn ik bygelyks In kop as in almanak fan Elske Hindriks of It libben fan in oar fan Jetske Bilker (hoewol’t ik de lêste net echt slagge fûn troch it minne diel ien) twa kear sa folle literatuer as dit boek Einum. As der dan dochs oersetten wurde moat yn it Dútsk (rapport sjuery) nim dan yn ’e goedichheid echte literatuer. Dútslân hat de jierren tweintich en tritich foargoed achter him litten – it plattelân foar ’t neist.

It liket hast in trend te wurden – âlderwetske boeken nei de Buchmesse, en no de GJ foar in boek dat mei literatuer net sa’n soad hat te krijen, want it liket werom te gripen op it proaza fan de 20- er jierren fan de foarige ieu (sjueryrapport).

 

Josse de Haan, Hendaye-sur-Mer, 24 oktober 2015, Maijos Baita, France.

Comments
2 reaksjes oan “Dongeradielster smaak en mjitte”
  1. Friduwih Riemersma schreef:

    ‘Dongeradiel’ gjin trend mar wet

    De analyse ‘Dongeradielster smaak en mjitte’ fan Josse de Haan, in besprek fan Einum van Froon Akker en krityk op it Gysbert Japicxadvys, is skreaun op 24 oktober 2015. It stik is dalik oanbean oan De Moanne mar krekt troch De Moanne pleatst op 26 novimber. Hawwe der problemen west? En fan hokker aard dan? Ik haw it De Moanne mar net frege. Nei myn eigen betinken is der wis in probleem. De slotrigels fan de ynlieding fan De Haan binne:

    “In prachtich sintsje yn it rapport is dit: ‘Uteinlik ha wy unanym, sûnder trelit of skeel, advisearre om Einum fan Koos Tiemersma de priis te jaan.’ De 5 folslein ferskillende persoanlikheden lieken dus mear op elkoar as wat tocht waard by har oanstelling. Dongeradiel, in wrâld op himsels yn Fryslân.”

    Dat sintsje is net sasear prachtich as wol sa dúdlik as mar kin oer de eigenskippen fan in advysproseduere dy’t net winsklik binne: unanimiteit, konkordânsje & konformisme. Mar alas! groepsprossessen, mei allerhanne net-skreaune groepsregels, sette ûnûntkomber útein, en somtiden sa glûpenderwize dat men himsels derfoar op it boarst kloppet. In groep dy’t in brede rige fan literêre tinkwizen en foarkarren fertsjintwurdigje wol moat ôfstân fan inoar hâlde, fysyk, sosjaal en emosjoneel én ekonomysk. Sjueryleden moatte net, om it sjuerearjen te fasilitearjen of sa, troch deselde hân en ûnder itselde dak stâlfuorre wurde. Bart dat dochs dan sille se har sjueryhygiêne net bewarje kinne en krije wy in kliemsk advys. Mar dat haw ik al earder opmurken. De angel sit yn de lêste sin (dy’t oars in hiel moaie sin is). Want fansels stiet dit gefal, it ‘unanym’ bepriizgjen fan in aardich mar net-Gysbertweardich boekje, net op himsels.

    Wat yn it fiktive en oer it algemien ek net botte realistyske barren—fan partisipearjend ûndersyk yn de Dongeradielster goatten hat gjin sprake west—yn Einum it gefal is, jildt net minder foar de wrâld en a fortiori foar Fryslân. De Haan giet tagelyk yn op de kwaliteit fan it boek en it sjueryproses. Wat it earste oanbelanget, de KFFB-toan krijt Einum al troch de konsekwint negative beskriuwing fan seks, nammentlik relatearre oan macht, geweld, ûnwissens, skamte en frustraasje yn kombinaasje mei de opfallend grutte rol dy’t de seksdrift spilet yn kontrast mei de seksleaze ferhaalline fan it fûgeltsje, hoewol’t dat stjoerd wurdt troch neat oars as syn ympulsen. Dat de meast yntegere en autonome en tagelyk de meast profesjonele en meast kreative figuer fan Einum de eksprostituee is dy’t har âlde metier wer oppakt liket in ûntjouwing dy’t de skriuwer sels net hielendal yn de hân hie. En de funksje fan de seks yn it plot is net dúdlik, of it moat al it fêsthâlden fan de oandacht fan de lêzer wêze.

    Einum is opboud is as whodunnit, dus in ensemblestik mei treddepersoansfertellingen, yn dit gefal fan sa’n soad lykweardige karakters dat dy net fierder útdjippe wurde kinne as har motyf foar ‘de misdie’. De skriuwer, as detektive, is hat inkeld profesjoneel syn fertinkingen, mar bliuwt neutraal en distansjearre, ûnder oare troch it nuveraardige metafoar- en similegebrûk dêr’t de Haan skerp op wiist. En wa is it net mei De Haan iens, in karakteristyk fan literatuer, fan alle keunst, is yntegriteit, yntegriteit lykas yn In kop as in almenak fan Elske Hindriks. Mar persoanlik engaazjemint, djip-minsklike belutsenens by persoanen dy’t syn buorlju wêze koene, de ferbûnens troch it lot, empaty, solidariteit ensafuorthinne misse folslein út Einum én út de lêzing fan de sjuery dy’t tagelyk weromsjocht nei it plattelânsroman en de beskreaune problemen sjocht as ûnfryske problemen.

    Op it mêd fan it sjueryproses is De Haan minder skerp. De Gysbert Japicxpriis hat, lykas de Nobelpriis foar de literatuer, in literêr en in polityk doel. Wurk moat romme wurde om syn universele artistike kwaliteit en as sadanich in standert en symboal wêze foar de prestaasjes fan de minskheid. En Fryslân wol himsels promoatsje mei in stikje Fryskeigen kultuer dat elkenien sinniget, Fryske bewegers moatte op in stuit foar har ynset beleanne wurde en foar in glânzgjende Fryske reputaasje moatte eilânbewenners en froulju earlik oan bar komme. Hie der mar ien doel west ynstee fan dit twaslachtige, dan soene wy it óf oer de winner nea iens wêze mar yn grutte linen wol oer it kritearium fan literêre kwaliteit, óf wy wiene samar klear en joegen alle kearen Obe Postma de priis—gjin frou mar wol gay, dus diskriminearje dogge wy net, hear bûtenlân. It is just de ambivalinsje dy’t easken stelt oan it sjueryproses.

    Sa’n sjuery hat te meitsjen mei withoefolle kritearia fan ferskillende oarder. De altyd wikseljende politykmaatskiplike werklikheid blykt foar in fiifkoppige sjuery al sa kompleks dat se de folle stadiger literêre dynamyk, de herfoarmingen fan de jierren 1960, mar gau yn in noat fuortstopje. De sjuery soe dus just folle grutter wêze moatte. It probleem is dat de sjuery lyts genôch is om him werom te lûken út de wrâld. It út De Haan syn analyze nei foaren kommende Dongeradielster tribalisme is dus in misdiagnoaze. Elke mooglike groep mei in beskaat doel sil troch dat doel feriene wurde, wat lytser de groep en wat dreger de ûndernimming, wat hechter. Elk groepslid sil him konformearje oan de ymplisite groepskonvinsjes en om de loyaliteit fan it groepslid en syn oarsheid as oaren te bekrêftigjen lit de groep in sfear fan útkardheid en heimsinnigens oer him hinne sakje. Under dy stolp fan wrâldfrjemdheid krijt dan it sjueryproses syn beslach. Dat is gjin trend; it is in psychososjale wetmatichheid. En der is net tsjinoan te skriuwen en skriuwers dy’t dat dêrom ek net mear dogge hawwe gjin ûngelyk.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.