Domela

Publisearre op 10 april 2017

KAREN BIES – 

Hearrenfean beslút jûn oer it foarstel om Museum Heerenveen, mei dêryn it Domela Nieuwenhuismuseum, te koartsjen mei 65.000 euro. In part fan dat jild kin Museum Belvédère dan krije, sa wie it idee. De twa musea tsjin elkoar útspylje, ‘verdeel en heers’, sadat se beide amper rûnkomme kinne en dochs áltyd de hân ophâlde moatte… wêr kin ik dy polityk ek al wer fan? Hast hûndert jier nei syn dea draait Ferdinand ‘m noch mar ris om yn it grêf.

 

Sjoch oer de gemeentegrinzen hinne, want yn hiel Súdeast Fryslân lizze de spoaren fan Domela.

 

Mar guon aksjes, petysjes en hantekens letter is de kâns grut dat de ried jûn tsjin de besunigings stimt. Der moat wol in ‘takomstbestendich’ plan komme foar it museum. Dit sille se derby sizze, want gewoan tajaan dat je fout sitte is hiel dreech. Moai is wol dat de polityk lústert nei al dy minsken dy’t it museum in waarm hert tadrage, read of net. Museum Heerenveen is rêden, en de kolleksje Domela Nieuwenhuis foarearst ek.

It is no heech tiid om te betinken hoe’t dit ferhaal fierder moat. Hoe belangryk de kolleksje fan Domela Nieuwenhuis ek wêze mei: yn syn wurkkeamer yn it museum, ynrjochte mei syn meubels, skilderijen en boeken is it deastil. Allinnich de planken kreakje. Der hinget in plechtige sfear fan earnst en tawijing. Ik ha oanstriid om ‘Sssttt!’ tsjin myn bern te sizzen. Net om ‘De Internationale’ yn te setten.

Mar dêr moat it toch om gean. It is de keunst om de skiednis libben te hâlden, troch besikers it gefoel te jaan dat se wat belibje. Skeppe en grave, de earmoede, de ûnderdrukking fan de Heeren van ’t Veen, it wurk fan Domela om de arbeiders te ferheffen, de ‘meetings’: in skiednis dêr’t it Hearrenfean grut mei wurden is, en dus grutsk op wêze moat.

Dy arbeidersskiednis moat de fokus wurde fan museum Hearrenfean. Al dy oare fitrines mei sulveren berteleppels, redens en âlde munten binne yn elk Frysk kultuerhistoarysk museum wol te finen. Mar yn dy ferfeaning sit it unike ferhaal fan de streek. Sjoch dus oer de gemeentegrinzen hinne, want yn hiel Súdeast Fryslân lizze de spoaren fan Domela. It Streekmuseum op ’e Gordyk en it Damshûs yn Nij Beets gean der ommers ek oer.

En net te ferjitten it lânskip sels. Ik sjoch it foar my: toeristen út it hiele lân dy’t nei Súdeast Fryslân komme om de striid fan de arbeider fan tichtby mei te meitsjen. Se meie de Turfrûte farre, mar dan earst wol in stikje fean ôfgrave. Mei flinke stap troch de Deelen kuierje, en ûnderwilens de Internationale sjonge: ‘Ontwaakt, verworpenen der aarde!’ In nachtje sliepe op in striesek yn in spitkeet, kofjedrinke ûnder it portret fan Us Ferlosser en dan wer nei hûs. Mei wat luzen as oantinken en in stikje turf foar yn de kachel.

It kin, ast net te sunich tinkst. Mar yn it ljocht fan de iuwenlange arbeidersskiednis mei ek dizze striid wol even duorje. Hâld hoek, soe Domela sizze.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]