fotografy: Jan Bensliman

Doek! Weagen fan libben en leafde

RYNK BOSMA – 

Eb en floed hearre by elkoar as see en lân, it gruttere gehiel fan de natoer dy’t de soarten oan elkoar keppele hat. Hoe oars is dat by de mins en de leafde. Wol mei in grutte leafde by elkoar hearre, net sûnder elkoar kinne en dochs net libje kinne yn ien romte. Dat is wat Lies en Richard oerkomt yn de foarstelling Doek! dy’t op 29 oktober yn premjêre giet yn Theater Sneek.

Twa akteurs dy’t spile wurde troch Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra mei regisseur Froukje van Houten as de persoan mei de leidsels yn hannen. Doek! is as foarstelling net nij, sterker noch, it troch Maria Goos yn 2010 skreaune stik wie yn 2011 mei Loes Luca en Peter Blok in grutte teaterhit. En no dus de Fryske ferzje, oerset troch Gurbe Dijkstra, en as fiifde produksje útbrocht troch Stichting Pier21.

 

“Ek al is der mar ien yn de seal dy’t troch myn rol neitinkt oer it libben en in oare kar makket, dan is de jûn al slagge.”

 

“Eins giet it oer in ûnmooglike leafde tusken twa akteurs dy’t net sûnder mar ek net mei elkoar libje kinne’”, sa seit Schoppert. Tink dan net fuort oan in dramatyk à la Shakespearre, mar mear oan de toan fan De ondraaglijke lichtheid van het bestaan yn it sa ferneamde boek fan Milan Kundera fan 1984. Eins dûnset it stik fan ferhaal nei ferhaal mei in ‘clevere’ struktuer sa’t Schoppert dat neamt. Van Houten: ,”It binne allegearre ferhalen binnen it gehiel fan ien ferhaal. En dat ferhaal is in moai ferhaal.”

Neffens Schoppert “Is it eins in hiel yngewikkelde artistike konstruksje fan allegearre ferhaallijnen en ferbiningen troch elkoar hinne, mar dochs ek hiel tagonklik.” Oer ferbiningen sprutsen, de ronfelige learen bank op it toaniel hat fiif jier lyn ek noch tsjinst dien by it Nederlânsktalige Doek! fan Blok en Luca. In fysike ferbining mei it ferline yn in ferhaal dat in soad ferbiningen leit tusken hjoed en juster.

Lies en Richard wienen ea in suksesfol twatal op it toaniel oant Lies in tsjien jier lyn keas foar in oare wei yn har libben. Net in wei dy’t Richard noaske. En no wurdt der wurke oan in nij stik dat in bytsje tinken docht oan Who’s afraid of Virginia Woolf. It slagjen fan dizze nije foarstelling hat in dûbele boaiem en betsjutting. Slacht de foarstelling oan, dan is de nije gearwurking tusken Lies en Richard ek slagge. Der stiet dus in soad, de takomst, op it spul. Mar gjin takomst sûnder ferline, gjin eb sûnder floed. Eins is Richard de man fan it hege wetter, hy hapt it libben fuort op alkoholise weagen en fynt syn wize fan libjen de juste.

Lies hat tsien jier lyn keazen foar in rêstige rûte: wenje yn Súd Frankryk mei in rike man op de bank. It libben justjes kabbeljend as it lege wetter fan eb en dat kin rekkenje op de ‘minachting’ fan Richard want “Mei likernôch kin ik net libje, dat is gjin libben of leafde, dat is allinne mar komfôr”, sa seit de akteur wylst hy Lies besiket los te weakjen fan har oare libben. Dochs is Richard net in drammerige man, earder in spannende man om mei te libjen. Dijkstra: “It is in sjarmante man fol humor dy’t leaut yn syn libbenswei. Hy is alhiel oprjochte yn syn missy, wrakselt mei de leafde, drinkt te folle en kin gjin libbensmaat fine.”

Ja Lies, de iennige dy’t him stiet, dy’t hy net fan it libbenstoaniel ôf feegje kin. En dêrom ek de iennige wêr’t hy mei spylje wol want hy fernearet gjin likernôch. Eins bedarret Richard op in autowei mei yn de rin fan de jierren hieltiten minder ferkear om him hinne. It libben rydt troch mar de oare auto’s nimme de ôfslach dy’t by harren past. En dêr giet it yn Doek! eins ek om, net de fraach wat dyn winsken fan it libben en de leafde binne is wichtich, mar de fraach hokker ôfslach past by myn libben, in kar meitsje dus. Lies hat it antwurd fûn, Richard doarmet in bytsje oandwaanlik troch it libben mei dy fraach, totaal oprjocht leauwend yn syn rol op it toaniel: “Ek al is der mar ien yn de seal dy’t troch myn rol neitinkt oer it libben en in oare kar makket, dan is de jûn al slagge.”

Dat alles yn in foarstelling wêr’t Schoppert it stimpel ‘speelbeestenstik’ op set fanwege it ferskaat oan rollen dy’t spile wurde. Mei oan de ein it doek as metafoar fan it libben, it kin samar falle, mar it kin ek omheech gean en nije fierten yn it libben sjen litte. Eb en floed as skaaimerken fan it ivige ferskynsel dat libben en leafde hjit.

 

Klik hjir foar kaarten en mear ynformaasje

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.