Doden of ondood: wie durft?

Publisearre op 28 oktober 2014

ELSKE SCHOTANUS – 

Neffens frieslandagenda.nl – in site fol mei streken ûnder de links – hawwe de Lawei yn Drachten, de Harmonie in Ljouwert, it Posthuis op It Hearrenfean en it teater in Snits neat op it programma. Op beleeffriesland.nl is de evenementenkalender mar mei muoite te finen en ha ik dy fûn, dan blykt dat allinne Tryater de muoite nimt om troch te jaan wêr’t harren foarstellingen te sjen binne. Ek op de webside fan Omrop Fryslân dogge de gruttere teaters net mei. De aginda op de app ‘kijk dat is het mooie van Leeuwarden’ is in soadsje en dy op de websiden fan de NDC mediagroep fermeldet wol it teateroanbod, mar klik op in foarstelling yn de Harmonie, dan stiet der in link nei De Oosterpoort yn Grins by.

Underweis nei hûs wurdearje ik de foarstelling op nei in njoggen om it eksperimint dat ek nei ôfrin noch fassinearret.

Slimmer is dat ast werom nei de foarige pagina giest om in oare foarstelling út sykjen, by álle eveneminten útkomst sadatst op ‘e nij de sykkritearia opjaan moatst. Mei weemoed tink ik werom oan de tiid dat de perfekt wurkjende app Uit ek alle ynformaasje oer it oanbod yn Fryslân joech. Ja, alle teaters ha harren eigen websiden, mar sa wurdt in jûntsje fuort in deitaak. Sa tinkend seit de mail ‘ping’ en komt Gerard Wolters fan Het Posthuis, as roppen, mei it ferlossende wurd:

 

OPERAGEZELSCHAP VLIEGWIEL met ‘AS’, een apocalyptische opera

Geef deze jonge talenten een kans en aanvaard onze uitnodiging om vrijdag 24 oktober te komen kijken naar de Premiere van ‘AS’ een apcalyptische opera met aria’s en duetten uit bekende composities, gegoten in een compleet nieuwe setting. Achter elkaar gezet en elkaar opvolgend in een splinternieuw geschreven muziektheaterstuk, met een griezelig tintje. Durft u het aan Het kost u NIETS anders dan een vrije avond. De voorstelling wordt u GRATIS aangeboden (…)

 

In leuk oanbod, net allinne foar it publyk, ek foar it muzykteaterkollektyf Vliegwiel dat ‘As – een apocalyptische opera’ bringt. Mei in noardlik publyk dat trochstrings ‘op safe’ spilet en It Hearrenfean dat earder sport- as kultuerstêd is soe dizze foarstelling, brocht troch nije, noch net al te bekende talinten, heechút in fyftich besikers lûke, seker as it ferhaal seit dat der troch medyske eksperiminten in mutearre fyrus útbrutsen is. Wat de boer net ken, dat fret er net. ‘WIJ vinden ze de moeite waard”, sa seit Wolters en sa komt it dat der toch in lytse twahûndert minsken op de oanbieding ôfkomme.

De earste pear minuten binne dat noch net. De tekst is net goed te ferstean, it spul wat houterich wêrtroch de yndruk ûntstiet dat groep acht op it spylfjild stiet. In sjongeres is net by definysje ek goed yn toaniel en de ‘As’ is in miks fan beide sjenres. Sopraan Brigitte van Hagen as ‘Tosca’ hat in prachtich sjonglûd, mar as spylster is sy minder sterk. Nei de earste sêne wêryn’t de spilers har beskûl sykje yn in kelder fassinearret de foarstelling. Foar operakenners – ik bin dat net – is de muzyk bekend, mar it skript fan Renske de Greef en Kasper Soeters, oer de besmetting troch it firus dat makket dat de persoanaazjes nei har dea as sombys troch de tiid gean, nij. It barren sa’t dat oer de fuotljochten brocht wurdt, docht ynearsten tinken oan de jeuchdroman ‘Nei de klap’ fan Trinus Riemersma dêr’t it lân likegoed oerspield is troch in ramp, yn dizzen in kearnramp, mar algau ûntjout ‘As’ him ta in klearebarre horrorstory oer deaden en ûndeaden. De teksten binne yn it Nederlânsk en op skerm mei te lêzen. Dêr sitte twa kanten oan: It ferhaal is goed nei te kommen, mar skreaune teksten ha de oanstriid alle omtinken nei har ta te lûken en liede ôf fan it byld der’t beweging en mimyk likegoed part fan útmeitsje.

Bariton Bert van de Wetering as Edgar en pianofirtuoas Anouk de Jong dy’t as ‘Clara’ de kelder ferlit om om iten út en mei in pûdfol minskefleis werom komt, dogge it ek goed as akteurs. It jildt benammen foar mezzosopraan Sara Klein Horsman dy’t, neist dat sy part út makket fan Vliegwiel, by oare gelegenheden it Weihnachtsoratoarium of de Mattäus Passion bringt. Foar har rol as de ferwûne en ferwyldere Carmen hat sy boppedat har uterlik mei: lang hier, bientige hannen dy’t hiel moai, dramatysk bewege. Op in stuit lit sy har, ta ûntheistering fan har freon Edgar, mei opsetsin bite. Dêrmei einiget de sitewaasje dramatysk, want foar him sit der mar ien ding op: wol er as minner by har bliuwe, dan sil er itselde lot kieze moatte.

It ferhaal docht der ta en docht der tagelyk net ta. It is benammen it boartsjen mei it gegeven fan lykbleke ûndeaden fol bloed en wûnen – sa’t dy bekend binne út films, strips of games dat folslein net by in as serieus bekend steand sjenre as de opera past – dat yntrigearret. Ek de taal – ris net Italjaansk of Dútsk – wurkje ferfremdzjend. Edgar en Tosca binne broer en sus en, sjongendewei, bringt sy him harren bernetiid yn it sin: hy boarte leafst mei My little Pony’s. It is even wennen sokke teksten. Oare aria’s, duetten en trio’s, oer spyt, oer eangst en dea, binne bloedserieus. En dan is der ‘vannacht, vannacht …’, in opswypkjend songen bewurking fan ‘Tonight’ út de musical West Side Story.

It publyk, nei ôfrin by de steantaffels, wurdearret ‘As’ mei sifers tusken in sân, om it tinne ferhaal, en in tsien om it gehiel. Sels set ik der in acht op, om de sang en it pianospul, mar ûnderweis nei hûs wurdearje ik de foarstelling op nei in njoggen om it eksperimint dat ek nei ôfrin noch fassinearret.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]