De doarpskrêft fan Burdaard
Publisearre op 21 april 2017
NHL-Studinten Anouk Jager, Siemy-Anne Siderius, Jildou Tolsma, Janna Rozema, Regina Sandstra en Alinda Stam fan de oplieding Communicatie hawwe justerjûn op it Filmfestival ‘Doarpskrêft’ de sjuerypriis wûn mei harren film ‘It klopjende hert fan Burdaard’.
Sa’n 150 studinten krigen earder dizze wike de opdracht om in koarte film te meitsjen om de krêft fan it doarp yn byld te bringen. Alle ferhalen tegearre moatte tegearre in portret foarmje fan it doarpslibben yn Fryslân.
De sjuery, besteande út Fredau Buwalde fan it Noordelijk Film Festival, Janko Krist, programmamakker en Annet Huisman, dokumintêremakker, keas úteinlik de koarte film oer Burdaard as winner om’t it neffens de sjuery in tûke set west hat om de doarpssupermerk sintraal te stellen. De publykspriis gei nei in film oer Arum. De films wurde oanbean oan it Fries Film Archief.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Film
Syds Wiersma - Om 15 april hinne, befrijingsdei fan Fryslân, komt der in bysûndere dvd-boks út. Tijdsbeeld Media presintearret dan Friesland in de Tweede Wereldoorlog. [...]
SJOERD VAN METEREN - In Passie voor cinema, een boek over de naoorlogse geschiedenis van de alternatieve filmvertoningen in Nederland, schrijft Gerlinda Heywegen: “Anneke van [...]
SYDS WIERSMA - Op 16 july is it 116 jier lyn dat Christiaan Slieker yn in merketinte mei 116 sitplakken de earste films yn Fryslân [...]