Dit wiene/binne ek Friezen

GERBEN DE VRIES –

It wie de wiete dream fan de Nederlânske yngenieurs en boeren fan fuort nei de oarloch. Lis in dyk om in stik wetter, meitsje der in droege polder fan en foarmje grutte, liniaalrjochte kavels lânbougrûn: de dream fan in yngenieur. Dan dy fan de boer: gjin lytse stikjes grûn mear yn it âlde lân, mar tenei buorkje op nije en tige fruchtbere klaai. Dat barde mei de oanliz fan de grutte polders yn de Iselmar. Yn 1942 foel de foarste polder droech, de Noardeastpolder, en goed tweintich jier letter de Flevopolder. No gie it der om, om foar dat nije lân de meast geskikte boeren te finen en dêrom waard der skerp selektearre. It boek fan Eva Vriend, Het nieuwe land. Het verhaal van een polder die perfect moest zijn giet benammen oer dy seleksjeprosedueres.

De kening fan dat nije lân wie in Fries, teminsten, in Fries-om-utens. Sikke Smeding wie yn 1889 yn Wytmarsum berne, gie nei de HBS yn Ljouwert en studearre fierder yn Wageningen. As lânboukundich yngenieur wurke er sûnt 1927 by de proefpolder fan Andyk, dêr’t de saneamde Suderseewurken úteinsetten. Fiif jier letter waard de Ofslútdyk oanlein en koe begûn wurde mei it ynpolderjen fan no de Iselmar. De foarste polder wie de Wieringermar, ek yn Noard-Hollân. Smeding waard ‘Landdrost’ fan de Directie Wieringermeer, dy’t letter omdope waard yn de Rijksdienst voor de IJsselmeerpolders. Dy funksje wie al hast ferlykber mei dy fan Gouverneur-Generaal yn Ynje, al skriuwt Vriend it net sa op. De Landdrost fierde nammentlik taken fan sawol ryk, gemeente as wetterskip út.

Sjoen nei ien fan dy taken wie de seleksje fan de bewenners fan de nije polders. Dy wie strang, tige strang. Der waard in lykwichtige ferdieling fan de nije boeren wat godstsjinst en ôfkomst út de ferskate provinsjes oanbelange. Hja moasten fansels sûn weze, net te âld en net te jong, finansjeel deeglik, aktyf yn it ferieningslibben en mei in himmel hús en in oanharke hiem. It moasten benammen ek moderne boeren wêze. Pas neidat Seelân yn 1953 der ûnder strûpte en oeral yn Nederlân ruilferkavelings útfierd waarden, kamen ek ‘oerstallige’ boeren nei de polders. Dôven, blinen en lju mei hendikeps of groanyske kwalen kamen de polder net yn. Der waard dus sawat stribbe nei koloanjes fan Ubermenschen.

Smeding wie Landdrost fan in mjuks fan ûnderdienen, fan Sieuwen, Hollanners, Brabanners, Gelderlanners, Grinslanners en ek Friezen. Yn it neioarlochske Fryslân fûn net elkenien dat in prima idee. In Frysk nijsblêd skreau yn 1948 dat der sa gjin sûne ienheid yn ’e polder ûntstean soe. Dêrom woe Anne Vondeling dat in part fan de Noardeastpolder foar Friezen en fuort ek bestjoerlik foar de provinsje Fryslan ornearre wêze soe. Vondeling wie in boeresoan út Appelskea, dy’t ek út Wageningen kaam as lânboukundich yngenieur. Hy wurke yn dy funksje by de provinsje Fryslân en wie ek lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA. Smeding woe dy stamppot fan minsken krekt wol, skriuwt Vriend, as dy mar lang genôch siede koe. Yn 1952 besocht Vondeling it nochris. No woe er ek earme boeren nei de polder ha, mar ek ditkear joech de Direkteur-Landdrost gjin belies. Twa jier letter gong er trouwens mei pensjoen.

Yn Het nieuwe land fan Eva Vriend – in mei faasje skreaun sjoernalistyk-histoarysk ferhaal – figurearje net sa’n soad Friezen. It boek stipet feitlik op in hânfol seleksjedossiers dy’t de papierferneatiger oerlibbe ha. Los dêrfan fûnen yn de jierren fyftich en sechtich yn Fryslân ek wer net sa’n soad ruilferkavelings en stedsútwreidings plak. Dat wie spitich, want nei 1959 waard trijefjirde fan de selektearre boeren foarme troch lju dy’t om dy reden it âlde lân ferlitte moasten. De Landdrost wie lykwols wol in Fries en hy komt yn it boek ferskate kearen lâns.

Mar wie Sikke Smeding wol in echte Fries bleaun, trouwens? Yn de Encyclopedie van Friesland út 1958 komme fjouwer Smedings foar, mar Sikke sit der yn tsjinstelling ta Anne Vondeling net by. Der sil grif oer stind wêze. Smeding wie wol hikke en tein yn Fryslân, mar syn maatskiplike karriêre en betsjutting lei dêr bûten. Wied er net wichtich of Frysk genôch foar in plak yn de ensyklopedy? Dan is Smeding – dy’t no by de measte lju yn Fryslân hjoeddedei net bekend wêze sil – goed fyftich jier letter nei alle gedachten mear Fries of Frysk wurden, want hy komt wol yn de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân!

 

Eva Vriend, Het nieuwe land. Het verhaal van een polder die perfect moest zijn. Uitgeverij Balans, €18,95.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.