Poëtyske ankerplakken: Dien L. de Boer

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma en Lida Dijkstra skreaunen foar dit projekt in gedicht.

Sûnt dit jier ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Dien L. de Boer dy’t yn Bakkefean ynspiraasje opdie. “Vaak zijn het beelden die je bijblijven en als je eenmaal besluit daar iets mee te doen, dan komen er allemaal beelden bij. Alsof het materiaal je toestroomt als je eenmaal het besluit hebt genomen om ergens iets over te schrijven.” It gedicht dat sy skreau by dizze lokaasje is werom te lêzen fia de webside fan de Marrekrite en yn de Moanne nûmer 5.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.