Dichters ha it te drok foar Obe

ARJAN HUT

“Griist it lân jim oan, of it laket it jim ta,” hifket Geart van der Meer. “Is it in fabryk, of in libben wûnderskilderij?” Hy sjocht de Gysbert Japicksseal yn. Dêr sitte sa’n sechstich belangstellenden en seis dichters dy’t yngongen binne op de útdaging fan It Obe Postma Selskip om in gedicht op it tema Lânskipspine te skriuwen.

 

It falt dit jier net ta om dichters bymekoar te krijen, der geane meardere mailtsjes yn blokletters de doar út foardat der seis ree binne.

 

It falt dit jier net ta om dichters bymekoar te krijen, der geane meardere mailtsjes yn blokletters de doar út foardat der seis ree binne. “Ik ha it te drok op dit stuit”, seit bygelyks Marije Roorda, dy’t meiwurket oan it poetyske KH-projekt Sjen yn it tsjuster, en sy is net de iennichste. Dochs komt se efkes te sjen wat har kollega’s derfan makke ha. Der binne mear skriuwers yn it publyk, lykas Pier Boorsma en Sjieuwe Borger, wylst ek oertrûbadoer Roel Slofstra presint is. Opfallend is dat Slofstra hieltyd mear op Obe Postma liket. Allinne it briltsje en it burdsje ûntbrekke.

De earste dielnimmer is Friduwih Riemersma. De redaktrise fan it tydskrift Fers2 is ien fan meardere dichters dy’t it wurd neonicotinoïden op it aljemint bringt. “In skealike pestiside, dy soarget derfoar dat bijen stadich ferhongerje.” Riemersma hat gâns wurk makke fan har gedicht. Se skreau in protestgedicht yn balladefoarm, mar smiet dat wer fuort. “Te moralistysk.” Se speurde it argyf fan de LC ôf en makke in seleksje fan hûndert artikels oer lânskip, en skraste dêr alle wurden sûnder jambysk metrum út.

“Oeral falt oer te sjongen,” reagearret se op de útdaging fan it Selskip, en “Postma syn ydille is in utopy.” Op in gegeven stuit stelt se dat poëzij in ekskús is “.. foar oandacht foar de dichter.” Se uteret har kritysk oer it fieren fan jierdeis fan deade dichters en de lju dy’t “nijtsjes fertelle as hiene se juster noch mei him yn de kroech sitten.” Spitigernôch spilet Riemersma har eigen, nije gedicht mar in byrol yn de lange rede dêr’t ûnder de oare de Brexit, it bankwêzen en bylûdpatroanen foarbyflitse “It lânskip wurdt inkeld troch eagen sjoen,” fettet Van der Meer nei ôfrin gear.

“Alle dichters ha in grut ego”, seit Elmar Kuiper. Obe hope neffens him net allinne dat der wat fan it Fryske lân oerlibje soe (‘oer bliuwt it greidefjild’), mar likegoed wat fan syn eigen fersen. De dichter en sjonger stiet ûntspannen achter it kateder, jit himsels in glês wetter yn, griemt in fluts oer in bondel fan Obe. “Oan wetter gjin gebrek yn Fryslân,” seit er, “is dy bondel ek mar wer doopt.” Hy ferstelt de mikrofoan as docht er soks alle dagen en lêst dan mei waarme stimme twa nije, lange gedichten foar dy’t allebeide Myn lân hjitte.

Beide fersen binne in reaksje op Obe syn As ik fuortgean. Hy freget him ôf oft Postma it echt miende, dat it grien oerlibje soe, of dat er moai waar spile, tsjin better witen yn. De mikrofoan is Kuiper syn freon, yn alle rêst en fol waarmte draacht er de nagelnije fersen nuânsearre foar en makket dêrmei yndruk.

Abe de Vries hat foar de gelegenheid 39 sonnetten skreaun en lêst dêr seis fan foar. “Minsken ha it oer it eigene fan it Fryske lân, mar it is net fan ús. It is fan in bank, in fersekeringsmaatskippij.” Soks sei Riemersma ek al. (Syds Wiersma sil him dêr by oanslute). “Wy soene foarop rinne moatte, mar wy bongelje der wat achteroan”, en ferwyt politisy dat se bang binne.) De Vries stelt dat bestjoerders minder yn literêre prizen ynvestearje moatte en mear yn skriuwers. De nostalgy fan Postma follet er oan mei pit en aksjereewilligens, al is syn earste nije sonnet Drone noch nostalgysk.

 

Bliuwsto fier fan hûs fandinne

As de ierde fan de sinne?

 

“Postma sjocht it as syn taak om te skriuwen oer alles wat bestiet.” It lêste sonnet dat de Vries foardraacht is yn reklametaal skreaun. In wervingssonnet foar in Postma-doarp, mei frazen as ‘better sliepplak is der net.’

“Lânskipspine, dan binne wy by Postma oan it ferkearde adres,” begjint Syds Wiersma, njonken dichter ek meiwurker fan it Frysk Filmargyf. Hy lês it gedicht Ipe Douwe’ soan foar, net yn it Frysk mar yn it Biltsk – en sa klinkt Postma dochs wat pittiger. Hy neamt Obe in filmysk dichter, dy’t him yn syn gedichten lyts en beskieden opstelt. Dêrmei botst er mei wat Kuiper earder sei. Wiersma syn nije syklus Lân sûnder ljurk (ierdsk petear mei Obe) glidet der yn as koeke.

 

Sa âld en dochs

sa trinten sjongt dyn stim!

 

Sigrid Kingma, mei har 29 jier de jongste dielnimmer, achtet Postma krekt in klager, omdat er it yn syn gedichten gauris oer froeger hat. As yllustraasje lêst sy syn It libben dat fergong foar. “Hy sjocht dat it lân âlder en minder wurdt, krekt as hysels”. Dêrnei draacht se har har eigen fers Devolúsje foar.

 

Nimmen wit wêr’t it oan lei

raaigers is ek grien

biljartlekken fan skjinne skyn

yn ús lân rinne gjin kij

set de moter út en swij

foar neonicsgriene grêfstien

jonge skriezen by boskjes fan tsien

raaigers is ek grien

 

De sprekkers wiene it lang net altyd meimekoar iens. Dichter Jetze de Vries fûn Postma krekt in ‘dichter fan it ljocht’, dy’t skaadkanten leaver lizze liet. Mar: “It ljocht fan Obe lit de pompeblêden groeie”. De Harnzer wûn yn 2010 in Rely Jorritsma oanmoedigingspriis en hat him sûnt mear op it Frysk en it skriuwen stoart. “Ik bin hiel bliid mei dy priis Abe, oars hie ik no allinne Harnzers praat!” Syn poëzij falt lywols net by elkenien yn de smaak. Immen hifket oft er wat fierder fan de mikrofoan stean wol, oars bromt it sa. As de dichter freget hoe fier, ropt een mevrouw “hoe verder weg hoe beter!”

Nei ôfrin fan de poëzijmiddei wurdt yn it OBE-paviljoen de trijetalige útjefte Selected poems Obe Postma útrikt oan kommissaris fan de Koaning (Van der Meer wol gjin Kening sizze, want dat is ‘in betocht wurd’) Arno Brok. De measte dichters binne dan al ôfstuite – faaks om fierder te wurkjen oan in KH-projekt as twa, trije, fjouwer …

Comments
4 reaksjes oan “Dichters ha it te drok foar Obe”
  1. Geart van der Meer schreef:

    Hee, ik sei KOANING mei OA fergemy, net KONING, dat meist mij net oanwriuwe.
    Sjuch foar dat KOANING/KENING it kommende MOANNE-nûmer.

    Geart

  2. Abe schreef:

    Prima stikje, mar ik freegje my sa njonkelytsen al (langer) ôf wêrom’t de Moanne op syn ynternetside de hiele tiid mar resinsjes bringt fan barrens dy’t al dagen of soms wiken earder troch de deiblêden besprutsen binne – en bytiden ek troch deselde resinsinten. Is in moanneblêd net it plak foar ferdjipping ensafierderhinne? Foar teksten en foto’s dy’t ik net earne oars tsjinkom? Besteegje it jild oan (skriuw)opdrachten, dat hat mear doel.

  3. Geart van der Meer schreef:

    Ik sei KOANING mei OA, net KONING!
    Sjuch kommend MOANNENUMER oer dy kwestje yn stikje fan mij.
    Geart

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.