Dichters foar … dichters?

Publisearre op 11 december 2017

ELSKE SCHOTANUS – 

Under de namme Tinkrom organisearret Tryater gauris ekstra aktiviteiten by foarstellingen en by Wat jo wolle wie dat, tongersdeitejûn 7 desimber, in dichtjûn mei Grytsje Schaaf en Anne Feddema. It selskip wurke dêrfoar gear mei de Moanne dat ûnder de namme de Moanne Live ek geregeld temajûnen op priemmen set. Wie it tema fan de foarstelling de fraach yn hoefier akteurs bringe wat it publyk sjen wol, yn it ferlingde dêrfan – as ferdjipping én as eksperimint – waard in tal dichters frege om te eksperimintearjen mei it publyk. Yn hoefier is it publyk ‘de baas’? En slacht, as it om poëzy giet, sa’n formule oan?

 

Of is dichtsjen sawysa allinne foar dichters?

 

De dichters krigen it folgjende mei: ‘Lit de jûn in soarte fan laboratoarium wêze om bygelyks nije foardraachfoarmen út te prebearjen. Mei it publyk meidwaan? Of lit de jûn in momint wêze wêrby’tsto mei it publyk op syk giest nei nije ynput foar in fers. Set it publyk oan it wurk foar in nijsgjirrige einrigel! Of miskien wolst mei alle oanwêzigen in nije fers meitsje. Wat fynsto nijsgjirrich en hiest altyd al ris útprebearje wollen mei dyn publyk?’ Fjouwer dichters waarden frege, trije soenen meiwurkje, ien fan har die, troch omstannichheden, ôfberjocht.

‘Wat jo wolle’ is ek hoe’t it publyk sitte wol. Dat de stuollen op de enoarm grutte – en smûke – souder fan it Tryatergebou dy’t yn rigen opsteld binne wurde ferskood. Dochs it is net wat dichteres Grytsje Schaaf wol. Sy fiert it publyk mei nei in ôfsketten romte dêr’t in flipover stiet en dêr’t sy har bydrage úteinset mei har foar te stellen, folge troch in ‘leske’ oer de ferhâlding tusken dichter en publyk as in relaasje tusken sender en ûntfanger. It publyk, sit dat mar ‘sa’n bytsje te ûnfangen?’ It makket har opstannich, beweart se; it soe der om gean it publyk in spegel foar te hâlden. Wat docht sa’n dichter? Fiel it, kôgje op de tekst en wat meitsje jim – it publyk – dêrfan?

Dat publyk krijt ‘strafwurk’: trije kantsjes skriuwe dêr’t wurden (út in fers), sa’t dy fan de flipover oernaam wurde kinne, yn brûkt wurde moatte. ‘Wy kinne kieze oft wy hjir wat mei dogge,’ merkt immen op, ‘we kinne ek kofje drinke.’ Sa is it, dochs sette de ‘dielnimmers’ har, as makke skiep, oan it wurk. Ien fan har tekenet – ik werken yllustratrise Yke Reeder – immen oars draait mei de finger kroltjes yn it hier, dochs komt elk werom mei kantsjes tekst. Wat betinkst tusken de rigels fan de dichter sels? Fan de teksten wurdt, yn Grytsje Schaaf har wurden, ‘as resultaat fan dizze meditaasje in klanlânskip makke’. En in klanklânskip wurdt it as men, ien en foar ien, foar begjint te lêzen.

Tagelyk is it in opdracht dy’t op himsels ek wer ta tinken oanset, want – ien út it publyk hie it al opmurken – wêrom soen je je deroan hâlde? Dichter Sytse Jansma, oanwêzich as edukatyf meiwurker by Tryater, bringt dêr in lytse diskusje oer op gong. ‘Ja, doei, dacht ik,’ merkt immen op, ‘ik zit hier vrijwillig.’ Tagelyk is der de eangst om wat oars te dwaan as frege.

Alsa kaam Grytsje mei in nijsgjirrich eksperimint, in barren dat oansloech, yn dy sin dat elk meidie en it tagelyk diskusje oprôp.

Mar wa die mei? Yn it tsienkoppige publyk foel in tal bekende gesichten te ûntdekken. Mear as minder bekende dichters, meiwurkers fan de Moanne / de Afûk, kunde … Mar hoefolle publyk, bûten it ‘wrâldsje’, komt op sa’n jûn ôf? Is it it waar of de gryp dat minsken tsjinhâldt? Is der miskien sprake fan eangst om by it barren belutsen te wurden? (Dat is dan net terjochte, want noch de dichters, noch de organisaasje hat in swipe mei.) Of binne der tefólle gelegenheden dêr’t dichters te sjen en te hearren binne en is – yn marketingtermen – de merk fersêde? Of is dichtsjen sawysa allinne foar dichters?

Yn dy sin is it spitich dat Anne Feddema as dichter optreedt. Fansels, hy hat in stikmannich bondels op syn namme, dêr’t er út foarlies. Of foarlêze? Ja, hy hat de teksten foar him en nee, want syn ‘foarlêzen’, of ‘foardrage’ is performe. Mei it fenomeen ‘publyk’ die Feddema neat, teminsten net yn de sin fan ‘wat hiest altyd al ris útprobearje wollen?’ Of it moat wêze dat it foar it earst is dat er de gitaar brûkt om himsels te begelieden. Feddema’s foardracht – krêftich lûd, it brûken fan ferskillende ‘stimmen’, dan wer sprektalich, dan wer dadaïstysk, hy sjongt ek – is fenomenaal en in geniet foar it publyk. De teksten binne meast absurdistysk, komysk, inkeldris mear bespegeljend, suver mankelyk sels as it, yn in nij fers, giet oer in sike partner.

Fan him soest nochris in jûnfoljend programma yn ien fan de gruttere teaters meimeitsje wolle. Kleinkunst?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels