Dichters als stilleven

No woansdei 23 maart om 20.00 oere organisearret de Moanne yn gearwurking mei Museum Belvédère en Tresoar in dichtersjûn yn Museum Belvédère. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herte út om hjirby oanwêzich te wêzen.

Christiaan Kuitwaard portrettearre tweintich Fryske dichters en gie dêrby metoadysk te wurk. Hy brûkte de camera lucida en bylde harren ôf mei de eagen ticht. De reeks waard oankocht troch Tresoar en wurdt no as gehiel toand yn Museum Belvédère. Alle dichters binne troch de skilder yn ien sessy portrettearre. Kuitwaard frege syn modellen om de eagen te sluten, sa koe hy harren benaderje as stillibben. ‘De tijd was beperkt, omdat er toch een mens zat te poseren. Daarom heb ik de camera lucida gebruikt. Zo kon ik heel snel de positie van de ogen, de neus en de kin bepalen.’

By de portretten hawwe de dichters op fersyk fan de Moanne  in gedicht skreaun. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herte út foar in literêre en muzikale jûn yn Museum Belvédère. De dichters dy’t foardrage, binne: Aggie van der Meer, Anne Feddema, Arjan Hut, Edwin de Groot, Elmar Kuiper, Elske Kampen, Grytsje Schaaf, Jan Kleefstra, Johan Veenstra, Martin Reints en Sytse Jansma. De muzyk wurdt fersoarge troch ‘Tsjinlûd’.

 

Museum Belvédère, woansdei 23 maart, 20.00-22.00 oere. Nei ôfrin is der gelegenheid om noch wat te drinken. De tagong is fergees. Hawwe jo in museumkaart? Nim dy dan mei. De tentoanstelling yn Museum Belvédère is noch te sjen oant en mei 15 maaie.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.