Detained: Stan Laurel oan de galge

Publisearre op 12 januari 2018

ARJAN HUT – 

Woansdeitemoarns sit ik oan de kofjetafel mei Syds Wiersma en Jurjen Enzing by it Frysk filmargyf op de Bûterhoeke yn Ljouwert. Tusken ús yn stiet in byldsje fan Stan Laurel, in soart fan aksjefiguur. In jier earder wie ik hjir ek, om Syds te interviewen oer syn dichtbondel ‘Raffelwjok’. Dat wie krekt op it stuit dat Enzing yn in stapel âlde 35mm nitraatfilms mei Fryske lânboubylden in bysûndere ûntdekking die.

 

Filmhistoarikus James Neibaur: “I think it is very important news for comedy film history.”

 

“Er zaten ook een andere beelden tussen en ik zag daar ineens een bekend gezicht.” Dat wie net in antlit fan in Fryske boer, mar de legindaryske troanje fan komyk Stan Laurel fan it duo Laurel & Hardy, ek wol bekend as ‘De Dikke en de Dunne’.

“Ik was benieuwd welke film het was. Via google vond ik het boek Stan Without Ollie: The Stan Laurel Solo Films, 1917 – 1927. De auteurs, Laurel & Hardy experts Ted Okuda en James L. Neibaur, beschrijven daarin de film ‘Detained’ uit 1924 en ik had snel door dat het die film moest zijn. Maar ze schreven over een bijzondere scène met een galg. Maar die stond als verloren te boek. Ik dacht, ben ik nu gek, die scene heb ik toch net gezien?”

It wie it begjin fan in trajekt dat hast in jier duorre. De hearen sochten fia de mail kontakt mei kenner James Neibaur, om nei te gean oft de sêne wilens net al earne opdûkt wie. Neat dêrfan. De filmhistoarikus, dy’t ek boeken skreau oer de oeuvres fan Buster Keaton en James Cagney, reagearre entûsjast wie oer de fynst. “I think it is very important news for comedy film history.”

 

 

Eksplosyf materiaal
Dêrnei op nei it Eye Filminstitút yn Amsterdam. “Wy ha de film persoanlik yn de auto hinne brocht,” fertelt Wiersma. “Stadichoan, want it is tige kwetsber spul, as is ferkeard giet, is it foar altyd wei.” Enzing knikt. “Nitraatfilms zijn licht ontvlambaar. Ken je de laatste scene uit de film Inglorious Bastards?” Wiersma wit wêr’t syn kollega op doelt. “By 50 graden fljocht it yn de brân. It makket dan soerstof oan en baarnt fûl troch. Sa binne eartiids in soad bioskopen yn flammen opgien.”

By Eye waarden de manlju trochferwiisd nei Lobster Films, in kommersjeel argyf yn Paris. Lobster brocht alris in box-set út mei alle Laurel & Hardy-films, ynklusyf in ferzje fan Detained, mar sûnder de galge-sêne. Uteinlik is der, werom yn Amsterdam by Haghefilm Digitaal, yn opdracht fan Lobster in begjin makke mei it kopiearen en digitalisearjen fan de ‘ûntbrekkende’ sênes.

 

Van Kampen syn fotowinkel
Hoe komt sa’n slapstick no terjochte yn in samling Fryske lânbou-films? Dat witte Ensing en Wiersma ek net presiis. “De samling komt fan de famylje Van Kampen, dy’t oan de St. Jacobsstrjitte op nr. 13 de film- en fotografywinkel VAKA hiene. Hendrik van Kampen kocht yn 1947 foar 100 gûne in partij films, mei de bedoeling dy te fertoanen.” De sinematografysk ûndernimmer kocht lykwols in kat yn de sek. “Hy koe mei syn 16mm filmprojektor de 35mm films net ôfspylje.”

Fia stêdshistorikus Dirk Swierstra, dy’t kunde hie oan de famylje Van Kampen, kamen de opnamen by it Frysk Filmargyf terjocht. Dêr binne se opslein yn in spesjale, koele en tsjustere romte, oant begjin ferline jier. “Verder terug dan 1947 hebben we de geschiedenis niet kunnen traceren, daar houdt het spoor voorlopig op.”

 

 

Homo-eroatysk
Even letter steane wy, as skoaljonges dy’t foar it earst bewegende bylden sjogge, achter in byldskerm. Op de linkerside de film sa’t Lobster dy útbrocht. Oan de rjochterkant de sênes dy’t koartlyn noch yn it swarte gat fan de skiednis omdoarmen.

Te sjen is in jonge Stan Laurel yn boevepak dy’t besiket út de finzenis te brekken. Hy springt troch in gat yn de muorre. Dan is der yn de Lobster-ferzje in knip. Laurel komt út yn in oare sel tusken oare finzenen. Yn de Van Kampen-ferzje komt er earst bûten, mar rekket er mei syn holle yn in strop. Syn nekke rekt meters út en by einsluten klimt er by syn eigen nekke omheech om himsels los te krijen. In hilarysk byld, ek hast hûndert jier letter noch!

Yn suggestive sêne mei Laurel en in oare finzene dy’t in tunnel dold is yn de Lobster-ferzje trouwens ek flink koarter. “Dat wie miskyn wat te riskant yn dy tiid”, laket Wiersma, wylst wy sjogge hoe’t Laurel, mei in baarnende kears, de man foar him mei de stôk fan syn bots yn de kont prikt, wylst dy oar syn ark as in fallus beethâldt en stevich oan it dollen is. Net lang nei de opnames fan ‘Detained’ soe de komyk yn Stan Laurel in fêste partner treffe.

De rest is skiednis.

 

In digitale kopy fan de hiele film, ynkl. ‘missende’ fragminten, is foar it earst op sneon 13 febrewaris om 14:30 oere te sjen yn Slieker Film te Ljouwert. Op snein 14 jannewaris om 13:30 wurdt de film ek fertoant, mar dan mei in ynlieding troch de ûntdekkers. Filmkomponist Arjan Kiel skreau spesjaal foar dizze ferzje in soundtrack.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels