Der binne grinzen …

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn it smûke doarpshûs fan Weidum gie sneon, 8 oktober, foar in man as fyftich, de teaterfoarstelling De grins / De Grens yn premjêre. De oankundiging set útein mei: “It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhúzje wy nei Drinte, nei België? Komme der nije grinzen? Binne wy dan noch Friezen? Prate wy noch Frysk?” In foarstelling oer taal en identiteit.

 

It Frysk brûke yn it kontakt mei oerheidsynstellingen? In soad flachjes. Ha jo meirûn mei de fakkeloptocht foar mear en better Frysk ûnderwiis, foarich jier desimber op priemmen set troch de aksjegroep Sis Tsiis? Ien flachje.

 

Wa’t de roman Under wetter fan Koos Tiemersma lêzen hat, sil in déjà vu ha by it lêzen fan dizze rigels. Yn it boek komt Fryslân troch klimaatferoaring écht ûnder wetter te stean en wurde de bewenners écht evakuearre. Mei as gefolch dat de fraach nei taal en identiteit fan de Friezen écht spilet. Yn De grins / De grens dêrfoaroer giet it perfoarst net om it oerstekken fan de provinsjegrins as it needlot taslacht. De grins, of grinzen, yn de foarstelling is in oarenien: Yn hoefier past dy oan, as Fries, as it om dyn taal en identiteit giet? Ast, as sprekker op in ynformaasjegearkomst oer klimaatferoaringen stiest en in part fan it publyk is net Frysktalich, skeakelest dan oer nei it Nederlânsk? En wat, as ien dy it paad freget en dy net ferstiet? Wat is it Frysk eins as der Latynske en Frânske ynfloeden west ha? Wat hast oer foar mear en better Frysktalich ûnderwiis? Langere skoaldagen? Ekstra lesjild? En wat is in Fries eins? Bist in Fries ast yn Fryslân hikke en tein bist? Giet it om taal? Of is it it DNA dat bepaalt oftst al as gjin Fries bist? Wêr lizze de grinzen?

It stik giet dus net oer de ynfloed fan klimaatferoarings. De ynformaasjegearkomst oer dat ûnderwerp dêr’t de foarstelling mei úteinset, is bysaak, net mear as in oanlieding om in diskusje oer taal en identiteit te fieren. Teater wurdt ynset as edukaasjemiddel. As in middel om bewustwêzen oer it brûken fan ’e Fryske taal op gong te bringen ek. It edukative sit ûnder mear yn it brûken fan ynformaasjepanielen, it teatrale yn it spyljen sels. Sa fertelt Koldyk oer de skiednis fan de taal. Dat is edukatyf. Meester hat de kôkwekker der lykwols by. Opsjitte. Net eamelje. Mei dy wekker jaget er Koldyk op it ferhaal yn in sadanich rap tempo te bringen dat er himsels amper byhâlde kin. En dat is teater.

Der is in sêne mei in telefoanpetear mei de belestingtsjinst, ien oer it Frysk ûnderwiis. Wat, ûnder rezjy fan Theo Smedes, de spilers Wybe Koldyk en Thijs Meester bringe binne yn feite ynliedingen op stellingen. Meester hat in strik mei pompeblêden foar, Koldyk in kolbertjaske mei pompeblêden. Koldyk is dan ek folle Frysker as Meester. Sa uteret er syn beswier as Meester de gearkomst yn it Nederlânsk dwaan wol. Under it publyk wurde Fryske flachjes útdield. Moat de ynformaasje yn it Frysk brocht wurde? Dan it flachje omheech. Yn Weidum gean alle flachjes de loft yn.

Dy flachjes wurde faker ynset. It Frysk brûke yn it kontakt mei oerheidsynstellingen? In soad flachjes. Ha jo meirûn mei de fakkeloptocht foar mear en better Frysk ûnderwiis, foarich jier desimber op priemmen set troch de aksjegroep Sis Tsiis? Ien flachje.

As it giet om oerskeakelje nei it Nederlânsk as der yn in groep ek mar ien is dy’t net-Frysk is, is wol dúdlik wêr’t de spilers stean. Net yn de sin fan: jimme móátte yn sa’n gefal stûf trochsette mei Fryskpraten. Al yn de sin fan: wês jim bewust fan jimme taal. Sis Tsiis, lykwols, krijt behoarlik op ’e bealch. De beide spilers wiene derby, by de fakkeloptocht: ‘In goed hûndert demonstranten.’ Amper flaggen, te min fakkels. De doelgroep? ‘Grize kopkes.’ En: ‘Mei in optreden fan Gurbe Douwstra bliuwt men hingjen yn it âlde.’ Meester wie as earste fuort, Koldyk rûn noch al in eintsje mei, mar krige hieltyd mear it gefoel: ‘Ik hear hjir net by. Der binne grinzen …’ En, sa freegje de spilers har ôf: Sil it demonstrearjen, op dizze wize, net averjochts wurkje?

De Grins / De grens is dus net sasear in teaterstik yn de sin fan € 12,50 foar in noflik jûntsje út. De tematyk is ál geskikt foar diskusjegearkomsten. Dêrby slagget it de spilers it publyk mei te krijen en oan it tinken te setten. De Grins sil 12 oktober noch te sjen en mei te meitsjen wêze yn Tresoar, 4 en 5 novimber yn Het Wapen van Baarderadeel yn Jorwert. No binne it publyk fan Tresoar en de bewenners fan doarpen as Weidum en Jorwert al – of noch – aardich Frysktalich. Kin Breinroer, as produsint, him net better rjochtsje op groepen middelbere skoaljeugd, studinten heger ûnderwiis, learkrêften, sjoernalisten, oerheids- en winkelpersoniel?

 

Sjoch ek: https://www.facebook.com/degrins/

Comments
2 reaksjes oan “Der binne grinzen …”
  1. Wybe Koldyk schreef:

    Ha, Elske en oaren fan De Moanne!

    De Grins wol de minsken oan it tinken en praten settte, oer Fryslân en de fryske taal.
    Dêr ha we in teatrale foarm foar betocht, we jouwe opsetsjes……mar it giet ús om wat der nei de foarstelling bart!sa ast
    En ja, sa ast yn de lêste rigel fan dyn resinsje seist, we wolle it graach spylje en besprekke mei ynstellingen, gemeenten, provinsje, skoallen ensaf.
    Mar ek yn it program fan kulturiele haadstêd 2018…..we binne drok dwaande.

    groetnis,
    Wybe Koldyk

  2. Abe de Vries schreef:

    ,,We jouwe opsetsjes… mar it giet ús om wat der nei de foarstelling bart!” skriuwt Wybe Koldyk. In wûnderlike ambysje foar akteurs, teatermakkers, keunstners (of ,,keunstners”?). Ik tocht dat it de teaterminsken gean moatte soe om wat der YN de foarstelling bart. Op it toaniel en mei it publyk, bedoel ik dan. Mar blykber hat immen dizze minsken promovearre ta propagandisten foar it iene of oare. Of ta skoalmasters, dy’t de bern wat ,,meijouwe”. Of ta handige subsydzje-opstrikers, dy’t werklik oeral ,,keunst” fan meitsje kinne. Dat betsjut yn dit gefal: popyjopy klisjees omstruie en dan mar lûd roppe dat je wat losmeitsje wolle. Dêr is dit groepke trouwens lang net unyk yn. Likegoed soene se better ris in ynstjoerd stik skriuwe kinne foar de krante, dan kinne wy kontrolearje oft har riddenearringen in bytsje kloppe. Want se binne no ferklaaid as ,,keunst”.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.