‘Wat is kunst?’

MARRE SLOOTS –

In ‘slijpsteen voor de geest’, sa neamt gastfrou Marijke Roskam dizze debatjûn, woansdei 3 febrewaris yn it Keunstwurk-gebou yn Ljouwert, organisearre troch Keunstwurk en de Moanne. Underwerp fan it gesprek: keunstedukaasje. It is de twadde debatjûn yn in rige fan fjouwer. Allegear oer de rol fan keunst en kultuer yn ús maatskippij. Oan it wurd komme dizze jûn saakkundigen, learlingen en dosinten. De gearkomste is goed besocht, de seal sit sa goed as fol. Yn it publyk fertsjintwurdigers fan musea, de provinsje en kulturele ynstellings. Mar foaral dosinten, dy’t graach leare wolle hoe’t se de wittenskiplike teoryen oer kultuer en ûnderwiis yn de praktyk bringe kinne.

 

Op in soad skoallen hinget kultuerûnderwiis der noch altyd mar wat by.

 

Want mei it each op KH2018 moat der neitocht wurde oer it plak fan keunst en kultuer yn it ûnderwiis. Oer wat wy de jonge generaasje meijaan wolle. En hoe. Keunst is yn it ûnderwiis altyd wat in ‘ondergeschoven kindje’ west, sa set Barend van Heusden útein. Hy is heechlearaar ‘cultuur en cognitie’ oan de Ryksuniversiteit Grins en ien fan de sprekkers dizze jûn. Yn tsjinstelling ta oare fakdosinten moatte dosinten yn de keunst en kultuer altyd ferantwurding ôflizze oer it nut fan harren fak. Der is altyd dy fraach: wêrom is it fan belang? Mar eins is dat net de fraach dêr’t it om giet, sa fynt Van Heusden. Want hoe kinne je hjir antwurd op jaan, as je sels net witte wat keunst eins krekt is?

Elkenien is op skoalle wol yn oanrekking kaam mei keunst. It begjint al op de beukerskoalle mei it meitsjen fan skilderijen en oare nifelwurkjes. Yn groep 8 is der fansels de musical en ek op de middelbere skoalle giet it fierder mei fakken as tekenjen, drama en dûnsjen. Mar mei de wize wêrop’t dit ûnderwiis jûn wurdt is wat nuvers oan ‘e hân, fynt Van Heusden. Want keunst wurdt wol bedreaun, mar bern leare der net oer. En dat wylst it ûnderwiis basearre is op kennis. Dus moat it net allinnich gean om de praktyk, mar ek om de teory. Sels toanielstikken spylje, gedichten skriuwe of in tafel ûntwerpe is moai. Mar it is like wichtich, of miskyn noch wol wichtiger, om der ek oer te learen. Wa wie Multatuli? Of Spinoza? Wêrom feroaret troch de jierren hinne de kollektive belibbing fan keunst? Wat seit keunst oer ús identiteit? Mei it ûntwikkeljen fan it fak ‘Culturele Kunstzinnige Vorming’ (CKV), dêr’t Van Heusden sels mei oan de basis stien hat, wurdt besocht bern, neist it ûnderfinen fan kultuer yn de praktyk, bewust te meitsjen fan ditsoart fragen.

Dizze kombinaasje fan teory en praktyk komt moai oan it ljocht yn it ferhaal fan dramadosinte Ingeborg Abrahamse fan it Zernike College yn Grins. Mei har klasse wurket se oan in mearkesprojekt. De bern wurdt frege om âlderwetske mearkes yn in hjoeddeistich ljocht te setten. Readkapke wurdt ‘Gigi Redshoes and the swaggaboys’. Sjakie en de Chocoladefabriek wurdt ‘Candy Records’. Sa komt it ferhaal tichter by de belibbingswrâld fan de bern te stean. Mar ek yn dizze moderne ferhalen komme bekende literêre tema’s as goed en kwea en leafde en oergeunst werom. Kultuer fertale nei de belibbingswrâld fan de learling dus, dat is it doel.

Neidat alle sprekkers oan it wurd west binne, is der romte foar debat. De konklúzje: op in soad skoallen hinget kultuerûnderwiis der noch altyd mar wat by. De dosinten ha it gefoel dat harren fak net serieus naam wurdt. Hoe’t it fak jûn wurdt, hinget ôf fan de goede wil fan in pear entûsjaste dosinten. Is dy wil der net, dan is it mar sa. Goed bedoelde inisjativen rinne oan tsjin ûnbegrip en skepsis. Net yn it earste plak fan de learlingen, mar benammen fan de kollega’s. Ek al leit dat soms gefoelich.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.