De trettjinde asega

SJOERD BOTTEMA

”It folk sil wer yn deugd en soberens libje en mei dreech bodzjen syn brea beskreppe.” Mei dat donderjend evangeelje ûnderbrekt in anonime preker yn beierjend brûns it rinnende ferhaal yn De 13de asega, it nijste klokkespul fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra.

 

It is de toan, dy’t de muzyk makket. Dat giet trijedûbeld op foar Bremer en Hoekstra. Wielderich, âldfrinzich Frysk oant yn it útwrydske, dat is harren hannelsmerk.

 

Oan it wurd is in skriuwer dy’t him foardocht as in hjoeddeiske asega. Asega’s, dat wiene de kenners fan it rjocht, de juristen fan it midsiuwske Fryslân. Yn de sêge fan de trettjin asega’s binne der earst mar tolve. Dy wurde troch kening Karel, dy’t de Friezen oerwûn hat, de see opstjoerd, yn in gammel skip sûnder seil en sûnder roer. Dêr bidde se God om help en lieding. En sjoch, ynienen is dêr in trettjinde, as stjoerman achter op it skip. In gouden bile hat er by him, dy’t er brûkt as helmhout. Dizze godlike figuer stjoert it skip oan lân. Mei syn bile slacht er in gat yn ‘e grûn, dêr’t it wetter út omheech spuitet. Om dy boarne hinne siket elk in plak en dan fertelt de trettjinde harren alles wat se witte moatte fan it Fryske rjocht. It boadskip is dúdlik: it Fryske rjocht is net samar wat, it komt streekrjocht fan God. ‘Der is gjin oar rjucht as it rjucht dat God ús jûn hat. Sa’t Er it ús iuwen lyn leard hat, sa sil it stean oant yn der ivichheid. Hy hat ús oplein om it te hoedzjen; en dat ha wy dien oan ‘e dei fan hjoed ta.’

 

Studint natuerkunde en haadfiguer Ruerd van der Zee fynt in stikje fan in âld dokumint yn in boekekistje fan syn omke. Dat perkamint ferwiist nei de sêge fan de trettjin asega’s en neamt it kleaster fan Haskerdiken as it plak dêr’t de gouden bile úteinlik bedarre is. Lit dêr no in âld sneuper wenje dy’t graach wat yn ‘e grûn omspitte mei op syk nei ferburgen skatten. En hoe kin it sa treffe, Willem Veenstra – sa hjit er – hat okkerdeis de gouden bile opgroeven! En dan docht bliken dat de asega’s fan doe yn it djipste geheim it stokje hieltyd fan de iene oan de oare trochjûn ha, oant de dei fan hjoed ta. Dy hearen sitte fansels net stil en dat soarget foar it noadige trelit.

Dêr falle hiel wat deaden by. In ploech brulloftsgongers, de bemanning fan in frachtboat, de bemanning fan in fleantúch en de passazjiers. Ofsjoen fan dy massale oantallen binne der noch fyftjin yndividuele slachtoffers. Dat lycht der net om, yn in Fryske misdiedroman is soks nei alle gedachten noch net earder fertoand.

Nettsjinsteande dat is de toan fan it boek earder luchtich as hard-boiled. Dat sil foaral te krijen ha mei it feit dat it boek skreaun is as in parody en nei de aard fan dat bistje gauris útskaait nei it karikaturale en iroanyske. Klisjees en oerdriuwing wurde net mijd. Hoe mâl as it bytiden ek giet, we bliuwe der ûnderútsakke nei sitten te sjen, it bliuwt amusemint. As grapke foar de insiders litte de skriuwers sa no en dan Oebele Vries, jierrenlang spesjalist Aldfrysk oan ‘e universiteit fan Grins, opdrave ûnder it pseudonym Eabele Drenth.

It ferhaal spilet him ôf yn in setting dy’t soms tinken tocht oan Dan Brown, hinne en wer flitsend fan it iene wrâlddiel nei it oare, en dan wer oan Rink van der Velde, stevich mei beide fuotten yn Fryske grûn. Benammen Willem Veenstra, amateur-histoarikus yn Haskerdiken, liket sa weistapt te wêzen út ien fan Van der Velde syn boeken: “’Ik hie de tee al brún,’ seit er. ‘Meist wol in bakje, tink?’ Sûnder it antwurd ôf te wachtsjen kriget er de âld treppot fan it reade teeljochtsje en jit út. ‘Mei bakswetter set,’ fernijt er.”

Om haadfiguer Ruerd van der Zee hinne hinget de lucht fan in spannend jongesboek út de jierren fyftich, in Kuifje-aventoer: “Ruerd is no hielendal út ‘e skroeven. At dit wier is, is it ommers bjusterbaarlik! Dan hat er hjir in oanwizing fûn foar it fynplak fan ‘e bile fan ‘e trettjinde asega!” Jikke Post, ek noch studearjend, is syn faam en froulike pendant, allike jeugdich bolbjirken en oerallich.

 

It is de toan, dy’t de muzyk makket. Dat giet trijedûbeld op foar Bremer en Hoekstra. Wielderich, âldfrinzich Frysk oant yn it útwrydske, dat is harren hannelsmerk. ‘It seldichste  symboal’, ‘yn ‘e ferhoping’: tusken al dat steile Frysk is in frijsinnich hollanisme as ‘in gesien man’ de opfallende útsûndering dy’t de regel befêstiget. Yn de stavering geane de hearen bytiden ek har eigen eigensinnige gong: ‘fimenuten’ [fiif minuten], ‘felyt’ [fallyt], ‘libytsje’ [lyts bytsje].

Bremer en Hoekstra har styl komt it bêste ta syn rjocht yn harren Bommeloersettingen. Dy slút perfekt oan by it argayske Nederlânsk fan Toonder en is dêr net allinne fermaak mar ek needsaak. Yn De 13de asega is it mear in aardichheidsje dêr’t men aardichheid oan ha moat. Mar as men dat hat, dan is it boek in rike boarne fan fermeits. It muzyk giet troch de buorren: ‘se is de ferhalen fan it minske sa sêd as spuid spek’, ‘de line om ‘e reak lizze’, ‘ljuentsje’, ‘it hat har gjin dôve nuten lein’, ‘yn ‘e heine takomst’, ‘bemikerje’,  ‘se speaket de lea, ‘boantsjelap’, ‘der mei de mûtse nei smite’, ‘noatich’, ‘heurich en fleurich’, ‘nodzje’. En tusken al dy yngreven Fryske noaten toeterje Bremer en Hoekstra soms ek noch in eigen wyske: ‘folle aaps is it net’, ‘de man is alhiel hoera’, ‘twa blijreade toffels’. Soms twivelje ik: ‘krûpeltsjedauwe’, bestiet dat echt?

 

Oan ‘e ein fan it boek beslute de beide haadfigueren har foarlopich net oan nije aventoeren te weagjen. Gjin gedonder mear. Se binne ta oan fakânsje. Foar de geheimsinnige asega’s, dy’t op ‘e eftergrûn, ûnsichtber en ferburgen, alderhande toutsjes yn hannen ha, giet it wurk gewoan troch, har taak is noch lang net folbrocht: “Wy sille noch wol in set tiid dwaan moatte, mar ienris komt de dei, baarnende as in ûne; dan sille alle oerdwealsken en al wa’t goddeleazens docht ta tsjêf wurde en dy kommende dei sil har yn ‘e lôge sette en harren noch woartel noch tûke litte.”

 

 

Harke Bremer & Jarich Hoekstra, De trettjinde asega, Uitgeverij Bornmeer, 2018, 160 siden,  €15,00

Comments
Ien reaksje oan “De trettjinde asega”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.