De trein út Gent

EPPIE DAM – 

Yn 1970 wie ik santjin, âld foar myn leeftyd, en lid fan de Lêzende Mins. Jierren rûn ik op en del tusken bungalow en bibleteek, de griene barak dêr’t ik datumstimpels garre yn dichtbondels fan namme. Omdat it ek wat mei my wurde moast, reizge ik troch de wike fan Kollum nei Dokkum. Mar ik wie al wat ik wie: lêzende mins.

Op Claercamp waard ik berûze troch de Foarlêzende Mins: Het boek Alfa fan Ivo Michiels, magys fertolke troch Ties Jan Eekhof. Deselde foarlêzende mins dy’t twa jier letter opdracht joech oan de Skriuwende Mins: meitsje in boekferslach. Ik dy’t al skriuwende mins wie, en noch altyd oan ’e lêzende hân, rûn fan bungalow nei barak en kaam werom mei de trein.

 

Ik lies de Trein yn in pear oeren tiid en koe der net wer út.

 

De trein wie de Trein fan dr. Herman Thiery. Yn in oare werklikheid De trein der traagheid fan Johan Daisne, de man dy’t in man syn hier koartknippe liet. Ik wie as lêzende mins al omblaasd troch gedichten (nee, net dy fan him) – no walsten yn proaza, ferljochte wagons oer my hinne. Sûnder my plat te drukken. Side nei side iepene him it ienkennich hazzehert dat fan jongs ôf yn my opteard west hie.

Ik lies de Trein yn in pear oeren tiid en koe der net wer út. Sa’t ik de seis fellen folio yn in pear dágen skreau, doe al wist dat ik fan de novelle neat lizze litten hie, en dat de Trein in ûnferjitlik boek bliuwe soe. De Opdrachtjaande Mins naam it wurkstik yn ûntfangst, ik letter mei in reade holle syn wurdearring. Hy woe de útlis nei België ha, oan it heechste adres. Dat fan de skepper fan ’e Traagheid.

Tiden hearde ik neat. Oant it simmerfakânsje waard en ik yn Kollum de Postrinnende Mins wie, dy’t eigenhannich in envelop sortearre mei de kop fan Boudewijn derop. Ornearre foar de bungalow. Doe wist ik dat it de trein út Gent wie. Ik rûn mei de brief nei bûten en stie triljend op it busstasjon, dat grinze oan it âlde postkantoar. De datum 27.7.72 spegele as in palindroom it hinne en wer fan de trein.

Yn 2007 wie ik fjouwerenfyftich, jong foar myn leeftyd, en slachtoffer fan in nachtlik brânen. De Trein gie yn flammen op, mar ik bestelde in nijen, ien mei in wêzensfrjemd foarfront. De foliofellen bleau neat as jiske fan oer, ek yn myn holle. Allinnich de brief oerlibbe it fjoer, kaam nei it blussen ûnskansearre boppe wetter. Noch sichtber de rânen fan ferjitnis en ûnthâld.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.