De syktocht fan Albertina Soepboer

HARMEN WIND – 

1. Earste proazabondel
Albertina Soepboer (1969) is ien fan de bekendste Fryske dichters. Ek as toanielskriuwster hat se namme makke. Ferskillende fan har  bondels binn’ yn it Hollânsk ferskynd, bgl. De hengstenvrouw (1997), De dieptering (2001) en Het nachtland/De knotwilg (2003). De krityk wie trochstrings loovjend. De lêste tiid hat har gearwurking mei de Fryske fado-sjongeres Nynke Laverman de oandacht lutsen  De leafde (en de spanning tusken de wrâlden fan man en frou), it lânskip en reizgjen (yn romte, tiid en geast) binne wichtige tema’s yn har poëzy.

De earste bondeling fan har ferhalen dy’t krektlyn ferskynde, is titele Reistiid. Tolve fan de fjirtjin ha alris oars publisearre west, mar hjir stean se yn in ramt. Se gean neffens de efterflap ‘oer de skerpte fan de leafde en it libben, oer teplak wêze en ûnderweis wêze’. Dat heart fertroud. Ik bin benijd hoe ’t de skriuwster de kwestjes dy’t har yn de poëzy heech sitte no ferwurket yn proaza.

 

2. Isolemint
De ferhalen binne (al is it net lykwichtich) ferdield oer fjouwer skiften: ‘Doedestiids’ (5), ‘Underweis’ (6), ‘Simmer en winter’ (2) en ‘Teplak’ (1) Ek kwa lingte rinne se nammers frijwat útien. It koartste telt goed twa siden, it langste sechtjin.

Behalven it gean, yn romte en tiid, is in ferbinend elemint tusken de ferhalen de iensumens, it isolemint, dêr’t de haadfigueren yn libje. Echt kontakt is der eins net. Typearjend binne de telefoanpetearen tusken de ‘ik’ en har freondin Lisa yn it lêste ferhaal ‘Op it lân’.

‘Marco wie hjir niis by my. Hy kaam by dy wei.’

Se is stil. Wit net wat se sizze moat. Sjocht dat der wiete modder op ’e flier leit.

‘Hy seit datsto net mear wolst.’

Se slokt.

‘Wat Marco seit, dat docht der net ta, Lisa.’

Lisa nimt in swolch. Wite wyn, gokt se.

‘Mar hy is helendal fan slach.’

‘Lisa, harkje. Marco hat twa moanne wintersliep hân. Ik tink dat er no einlik wekker is,’

Lisa hapt nei de siken.

‘Mar jim binne al jierren tegearre.’

‘Tegearre wêze is wat oars.’

Lisa begjint op ’e neils te biten. En stelt dan de ultime fraach.

‘Is it wol goed mei dy dêr?’

‘It is heel goed. It stoarmet bûten.’

It ûnfermogen om ta elkoar troch te kringen fia talige kommunikaasje is hjir sa oerhearskjend dat it sitaat de skyn krijt fan postmodernisme. Taal, sa seit dy streaming, kin de werklikheid net werjaan. Wurden ferwize net nei de werklikheid, mar binne úteinlik net mear as klankkonstruksjes en in petear is in (ferbale) rituele dûns. Lykwols, boppesteand fragmint foarmet in yllustraasje fan miskommunikaasje tusken twa minsken dy’t finzen sitte yn har yn har eigen werklikheid, dy’t boppedat elkoar wantrouwe en dêrom net ûnder wurden bringe kinne wat har heech sit. It ûnfermogen leit net oan de taal, mar oan har eigen posysje. De libbensfisy dêr’t Soepboer yn dit ferhaal stal oan jout, is dus krekt nét post-modern mar eksistinsjalistysk: it bewustwêzen fan in minske, dat er, bûn oan syn eigen bestean, iensum is en bliuwt.

 

3. Eksistinsjalisme
Assosjaasjes passearje de kontrôle trochstrings ûngemurken. My foelen tidens it lêzen fan ‘Krystman’ in pear klassyk wurden rigels fan Martinus Nijhoff yn it sin:

Wij konden ons niet bij elkaar verschuilen:

een mens, eenzaam, ziet zijn zwarte eenzaamheid

dieper weerkaatst in de ogen van een ander – (‘Het souper’)

Yn de ynlieding fan de blomlêzing ‘Lees maar, er staat niet wat er staat’ (1959) komt dizze dichter ta in konklúzje dy’t wûnderlik ticht by de minskfisy yn ‘Reistiid’ leit:

Het volstrekte zelfbestemmingsrecht van de mensheid is een voldongen feit geworden. Wij zijn alleen. De Schepper heeft ons een enorme natuur meegegeven, maar we zijn geen kinderen meer, we zijn volwassen en we moeten het nu zelf rooien.

It giet hjir om de morele desyllúzje dy’t út de ferskrikkingen fan de Twadde Wrâldkriich fuortkaam. De minsklike eksistinsje wurdt filosofysk typearre. Wichtich is it engaazjemint dat derút sprekt: de minske moat posysje kieze. De âlde rjochtingwizers binne weifallen. Elk stiet der sels foar. Frij, ja, ek al is dy frijheid gjin rjocht, sa’t Nijhoff hjir (iroanysk) suggerearret, mar in doem, sa’t Sartre sei.

 

4. Surrealisme
Nijhoff learde op grûn fan dizze libbensfisy de surrealistyske skilderkeunst te wurdearjen as ‘útbylding fan it ûnderbewuste’. It wêzentlike, sa besefte er, falt de keunstner ta yn it tafallige, it bliuwende yn it foarbygeande, it wiere yn de fiksje, it folsleine yn it fragmint, de kearn yn it oerflakkige.

Dy surrealistyske grûnhâlding sjoch ik ek by Albertina Soepboer. Se hat in soad omtinken foar de werklikheid, skriuwt realistysk,  mar altyd yn it besef dat it waarnimbere earne foar stiet. De waarnimming is in projeksje fan de ‘siel’. Dat wat minsken driuwt, is net streekrjocht te befetsjen of te ferwurdzjen.

De grize gyng him oer de grouwe. Se like wol sa’n âld orakel. Hy moast goed by syn ferstân bliuwe. Dat wie de iennichste manier om mei de sitewaasje om te gean. Achter him hearde er hoe ’t se de fingers ien foar ien knappe liet. It makke him senuweftich.

‘Jo tinke dat jo wat witte as jo it mei eigen eagen sjen kinne. Mar jo binne gjin eilanner, jo witte net wat hjir spilet. En jo kinne myn wurden mar better leauwe.’ (…)

Yn him wie in grutte plasse fan wurden, hy woe wat sizze tsjin har, in antwurd jaan op har ferhaal, mar hy koe net prate.’ (‘De fjoerwachter’)

De omjouwing krijt troch de belibbing fan de haadfigueren gauris in symboalfunksje, Dat komt al ta utering yn de lokaasjes: in tsjerkje, krúspunt, ferlitten hûs, fjoertoer op in eilân, ferwyldere tún, earmoedich kafee…

 

5. Tematysk
Tematiken dy’t hieltyd weromkomme, binne: relaasje- en kommunikaasjeproblemen, iensumens (faak as kar), dea en ûngelok (it absurde, ferbjusterjende, dat de werklikheid útmakket) en (as kompensaasje) it skeppen fan in yllúzjewrâld (‘De griene neisimmer’). Gjin fleurich rychje, mar dizze ûnderwerpen passe byelkoar yn in konsistinte minskfisy.

Hoe’t se ûnderling ek útienrinne, de ferhalen hingje gear. Sa dúdlik sels, dat de hiele bondel tematysk hjitte mei. Dat hie fan gefolgen dat in gefoel fan déjà-vu my op it lêst wolris bekroep. Oan de oare kant, it giet hjir om in libbensskôging. In minske is, neffens Soepboer – oerienkomstich mei Bunyan’s ‘The pilgrim’s progress’ (1678) – ûnderweis, nearne thús, neat en nimmen wurdt echt hiem. It libben giet foarby. Wa of wat falt te berikken of te behâlden?

Dochs bewurket Soepboer fariaasje, bgl. yn it wikseljen fan point of view, of in yndieling yn tiidstippen. Nijsgjirrich is ek de ferhâlding tusken fiksje en werklikheid, dy’t eins in eigen, oerkoepeljend, tema foarmet (‘De nachtskriuwers fan Lissabon’). Dat lêste wurdt ek nochris eksplisitearre yn trije ferhalen mei feitlik materiaal (in opgroeven foarwerp dêr’t in foto fan opnommen is of it komponearen fan it ferhaal om in oarkondetekst hinne.) De realiteit foarmet ús iennichste hâldfêst, liket de auteur te beklamjen.

 

6. Byldspraak
De styl is sober, de sinnen binne koart, mar de metafoar – en dat hoecht by in dichter net nij te dwaan –  spilet net swak by. Yn ‘De fjoerwachter’ bgl. stean op alle siden gemiddeld twa as-fergelikings, bgl: De trep wie sa glêd as sjippe; de seepapegaaien stienen dêr, magnifyk as lytse keningen yn djip petear; it wie as stie de tiid stil; de opsette hannen leinen as ûnwennige, wurkleaze moskjes yn ’e skurte; it is sa helder as glês; de oseaan lei as in djipblauwe spegel foar har; hy seach Breeze de heuvel ôfrinnen as wie se in ierdwyfke; de fjoertoer dy’t as in ferlern stikje skaakboerd boppe it lânskip útstuts, ensfh. Dizze byldspraak is, om it bewustwêzen fan de haadpersoan ta te ljochtsjen, funksjoneel, mar de frekwinsje is te grut. It fergelikingsbyld is net altyd sterk en  soms liket it literêre fersiering.

 

7. Utsetter as útdaging
De lêste ôfdieling, ‘Teplak’ mei dan in ‘thúskommen’ suggerearje, yn ‘Op it lân’ bliuwt de haadpersoan (krekt as yn ‘De fjoerwachter’) nammeleas. By har leit de waarnimming. It is in skriuwster dy’t har nei wenjen set yn it âlde hûs fan in stoarne muoike, earne poer op ’e romte, mei as selskip in almenak. Har man folget har net, mar siket syn lok by har freondin, en de iennichste dy’t del komt is in ienselvige hazzejager fan wa’t se gjin hichte krijt.

Oer him seit it begjin:

Hy makket de tas wer fêst oan de riem en draait him om. Smyt de sigret fuort. Rint traach it fjild oer. Sa rinne minsken. Se eaget him nei. Minsken binne hjir seldsum.

En it beslút sa:

Se wit net wêrom, mar it stekt har. Dat er sa rint. Helendal rjochtop. Allinne.

‘Komst te iten moarn?’

Hy knikt. Dan docht er de achterdoar iepen en rint nei de fjilden ta. Hy sjocht net om. Net ien kear sjocht er om.

Beide kearen lûkt, mear noch as de rinnende man, de efterbliuwende frou de oandacht. Se nimt waar. Se wachtet.

Dit ferhaal soe útspûn wurde kinne ta in roman. Dêr hat it genôch ynderlike krêft foar. En in problematyk dy’t ropt om útwreiding en ferdjipping. It soe moai wêze as de gearhingjende tema’s, dy’t no ferdield binne oer fjirtjin koarte ferhalen, ta ‘it moderne libbensgefoel’ útwurke waarden yn ien literêr tiidsdokumint. Dizze slagge bondel as gehiel soe dêr it foarwurk foar foarmje, in wurkwize dy’t bgl. Jan Wolkers tapaste. Dat boek sil der komme. Dat kin net oars. Dy frou wachtet derop.

 

Albertina Soepboer, Reistiid. Ferhalen. Bornmeer 2008.

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2008), s. 36-37.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.