Steande ovaasje hat wearde ferlern

Publisearre op 23 april 2014

ELSKE SCHOTANUS –  

Bûtendoar, op it Kiryat Onoplein yn Drachten, hearskje de sketterjende lûden fan de peaskemerke, yn spegeldbyld binne de letters Ghost Castle te lêzen, binnen, yn de lytse seal fan de Lawei, bringt objektteater Tamtam Escape wêryn’t hûnderten ôfdankte foarwerpen – fan printplaten oant letterbakken, âlde kranten, nietsjes, tillefoans en wat al net – in rol spylje yn in live makke animaasjefilm. Carolien Verduijn joech de foarstelling op cultuurbewust.nl fiif stjerren en skreaun: “Een live animatiefilm ontwikkelen en uitvoeren is knap, maar de kwaliteit die met dit unieke concept gepaard gaat maakt Escape fascinerend om te zien.” Soks prikelet om derhinne.

By it binnenkommen wurdt it teaterpublyk de mooglikheid jûn om de, achter it op it poadium opstelde projeksjeskerm, op tafels útstalde objekten te besjen. Dêr, mei al dy ‘rotsoai’, wurdt aanst achter de kûlissen, troch de spilers, Marije van der Sande en Gérard Schiphorst, mei wurke. It makproses sels is net te sjen, it is allinne it resultaat dat, fia kamera’s, toand op it skerm wurdt en dat de yndruk wekke moat dat it om in animaasjefilm giet. Der sit yndie in risiko yn it live filmjen en bringen fan de manipulaasjes fan de beide spilers, antwurdet de kameraman op in fraach fan myn kant. De fraach bringt ûngelok, want daliks yn it begjin giet al it mis… De foarstelling wurdt ôfbrutsen en Marije van der Sande ferskynt in pear kear op it toaniel om it rûzemuozjende publyk, ûnfersteanber, út te lizzen wat der oan de hân is. Nei in kertier is it oplost, al bliuwt it byld justjes te dûnker.

De haadfiguer – in enoarme holle wêrby’t de hân fan de spiler sichtber yn byld is – yn it ferhaal, foar safier’t it om in ferhaal giet, is in obsessive samler. Sa’t it hûs fan de samler hieltyd foller rekket, mei rûnom reklamefolders, sa ek rekket de ierde hieltyd foller. In wrâld dêr’t de fûgeltjes frij en blij fleane en fleurige bern op it gersflild omdjoeie, sa’t yn in super 8 filmke út de jierren fyftich te sjen is, teart om yn dy fan parasiten, de parasiten dy’t, sa seit in tekst op it skerm, gjin omtinken ha foar it oerlibjen, the survival, fan de wrâld. In strykizer komt it gersfjild op, lit in asfaltearre dyk achter. Der komme hieltyd mear minsken (bouten, stikjes izer), mear huzen (houten boartersguod), mear flets (tillefoans en ôfstânbetsjinnings), minsken binne de pionnen fan it mens-ergerje-nietspul yn sa’n flet (in letterbak) en út it yn in sirkel yn elkoar omkrioeljen fan matchbox autootsjes falt ôf te lieden dat it ferkear hieltyd drokker wurdt.

Ut en troch binne der nijsgjirrige, fraaie bylden, mar as gehiel befrediget it net. It is knap boadskipperich, mei de betiden driigjende muzyk en de beskuldigjende teksten oer de parasiten dy’t wy binne, jo en ik. Ien popke op it skerm, in twaddenien en yn minder as gjin tiid it skerm fol. Huzen wurde flets, yn flets wenje pionnen. En ja, it lânskip wurdt fernield. Mar rekket it de sjogger noch as alle subtiliteit mist en it iene klisjee it oare jaget?

Wat is nij as de kranten alle dagen fol stean mei min nijs oer it klimaat, oer flechtingen dy’t op see fersûpe, oer it kweken fan einekroas en seewier om mar oan genôch iten foar in groeiende wrâldbefolking te kommen. Wat foeget it teater ta ast it al witst? It resultaat sil net wêze dat de besiker ris stilstiet by syn wize fan libjen en dêr de konsekwinsjes út lûkt. De auto no en dan stean lit. Foar ien, heechút twa bern kiest. It hûs net folsleept mei ûnsinnige dingen dy’t algau wer ôfdankt wurde. Escape ropt oare fragen op: Wat is de mearwearde fan in animaasjefilm live yn it teater makke boppe in film op youtube? En as it toch live moat, is it proses, dat wat achter it skerm dien wurdt, hoe’t it wurket en dien wurdt, dan net nijsgjirriger as it resultaat?

Hoe dan ek. Elk komt oerein, der wurdt klapt. De spilers ferdwine yn de kûlissen, komme werom en op ’e nij boazet it applaus oan.

“Wêrom dogge wy dit eins?”, freget immen achter my him lûdop ôf.

 

Escape troch Tamtam yn de Lawei yn Drachten, 17 april 2014

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]