De smaak fan klisjees

Publisearre op 12 januari 2015

TAMARA SCHOPPERT – 

Wannear’t ik dit skriuw, rinne de strjitten fol yn Parys. Ik bin taskôger fan dizze bylden, wylst ik wit dat elk fan ús, spiler is yn dit ferhaal. In histoarje dy’t we ek noch mei ús allen fierder skriuwe moatte. De rol fan Charlie wurdt troch in soad minsken claimt, nee, in Charlie bin ik net, ik spylje graach in oare rol.

De krêft soe mar sa net sitte hoege yn wat der sein, mar yn wat de dien wurdt, ek yn dizze foarstelling.

Eran Ben-Michaël en George Elias, in ‘Israelische Nederlander en Syrische Hollander’ sa’t se harsels neame, spilen earder in foarstelling tegearre yn ien broek mei trije pipen. It swit mingt him dan aardich. “As wy dat mei ús beiden yn frede oprêde, dan moatte ús memmelannen dat ek kinne”, wie harren stelling. Op 28 jannewaris, komme se nei Ljouwert mei ‘George & Eran lossen de wereldvrede op’. Ik gean noait nei teater om antwurden te krijen oer it libben en sykje net perfoarst de aktualiteit yn foarstellingen. Mar ik no bin ik oprjocht benijd. Meinammen hoopje dat we fan dizze mannen sterkere wurden oanrikt krije dan ik dizze dagen hearde yn de media: hannen ôf fan ús frijheid en dat soart sinnen. De krêft soe mar sa net sitte hoege yn wat der sein, mar yn wat de dien wurdt, ek yn dizze foarstelling.

Sûnder dizze aktualiteit, soe ik it inkeld hân hawwe oer de haute-cuisine dy’t Golden Palace ús rûn dizze dagen yn Ljouwert en ’t Hearrenfean foarsette sil yn ‘Restaurant Amore’. Absurde útfergruttingen fan klisjees troch û.o. Gerindo Kartadinata en Julia van de Graaff: dat sil goed smeitsje. De oanklaaïng fan dit etablissemint is trouwens dien troch Douwe Hibma fan Kûbaard. Ik ferwachtsje dat myn kulinêre en teatrale smaakpapillen tidens dizze foarstelling, beiden folslein befredige wurde sille.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]