fotografy: Jolanda van Steinvoorn

De slach om de Omrop

BERT DE JONG – 

De striid om Omrop Fryslân is ferlern. In selsstannige Fryske omrop is yn in nuvere politike striid ferspile. Wat gie der mis? In rekonstruksje.

‘Us taal, ús omrop!’ De needgjalp davert troch de buorren by it Provinsjehûs yn Ljouwert. It is foar it earst sûnt lange tiid dat der yn de haadstêd wer ris aksje is, dat der minsken breinroer binne en fan harren hearre litte. Se tôgje spandoeken mei en roptoeters om moarns betiid noch mear minsken wekker te meitsjen.

Der binne op de dei fan 23 septimber 2015 sa’n fyftich minsken dy’t harren yn de iere moarn drok meitsje om it bestean fan Omrop Fryslân. Se binne yn it spier brocht troch de Freonen fan Omrop Fryslân, de Ried foar de Fryske Beweging en de Stifting Fierder mei Frysk.

 

Poepjes kin hiel goed taarten bakke, mar mei swiete koekjes foar Dekker wurdt gjin risseltaat binnenhelle, safolle is yntusken al dúdlik.

 

‘It wie oan de lette kant mei dy aksje’, seit Freonen-foarsitter Andrys de Blaauw yn it weromsjen. ‘Mar wy wienen net earder ynformeard oer de plannen foar de Mediawet en de konsekwinsjes dêrfan.’ De earnst is dan wol dúdlik. De Freonen ha op dat momint de grutste freon yn de redaksje fan Omrop Fryslân en yn de Ried fan de Fryske Beweging. Sy meitsje harren bot soargen.

It is krekt dy dei fan 23 septimber dat Provinsjale Steaten harren bûge oer de posysje fan Omrop Fryslân. Dat ek deputearre Sietske Poepjes har yn de steateseal sterk makket foar in selsstannige Omrop Fryslân. Sy hat it boadskip goed begrepen, want de steateleden wolle net oars as dat. ‘Lit jim Frysk hert sprekke en gean mei in tas fol munysje nei Den Haach’, ropt in striidbere Corlienke de Jong (FNP).

Mar oer hoe’t de deputearre de Fryske striid yn Den Haach winne sil, docht Poepjes it swijen derta. ‘Je moatte in briedende hin net steure’, is har sizzen en de steaten fine dat goed. Utsein de PvdA. Dêr is it befinen dat it yn it ûnderhanneljen net goochem spile wurdt. Harren alternatyf: kom mei jild op tafel, dan kinne je ek wat easkje.

Der giet in unanym stipe moasje nei Den Haach. Gjin spjeld tusken te krijen dat de Nederlânske steat op grûn fan Europeeske wetten en regels ferplichte is te soargjen foar in selsstannige Frysktalige radio- en telefyzjestjoerder. It doel is ek helder: it befoarderjen fan de Fryske taal. De steat kin der ek net foarwei, want der is soarchplicht foar it Frysk as twadde rykstaal.

It is de Ried fan de Fryske Beweging dy’t al yn novimber 2014 warskôget yn in brief op poaten oan de Twadde Keamerkommisje foar ûnderwiis, kultuer en wittenskip. It is foarsitter Geart Benedictus dy’t goed sjocht dat steatssiktaris Sander Dekker yn syn plannen foar in nij publyk mediabestel gjin omtinken jout oan de Fryske taal, en soks is yn striid mei ynternasjonale ôfspraken en ek yn striid mei it bestjoersakkoart dat fuortkaam is út de wichtige advizen fan de kommisje Hoekstra.

Sa snoad is Sander Dekker ek wol dat hy Fryslân en de Haachske politisy op dat punt daliks temjitte komt. Mar fan in status aparte foar Omrop Fryslân krije se yn Den Haach stikels. Soks witte se ek wol yn It Heitelân, mar dochs bliuwt it doel om de selsstannige posysje foar Omrop Fryslân op de ien of oare wize binnen te heljen.

Der hat dan al krap in jier lang hiel wat strideraasje west yn oare fermiddens. Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân wit dêr alles fan. It regearakkoart fan it kabinet Rutte is helder oer de nije takomst fan de regionale omroppen. Dêryn is gjin romte foar in útsûndering, lykas Omrop Fryslân. ‘Dat wie it startmomint en dêrfan seinen wy: “Dit komt sa net goed”.’

Under oaren mei deputearre Jannewietske de Vries (PvdA) praat Koster yn 2014 oer in te bepalen stratezjy. De fraach is: Wat kinne wy noch berikke? By it provinsjebestjoer taksearret men dat it in dreech ferhaal wurde sil. Ofpraat wurdt dat in ‘status aparte’ net beneamd wurde sil. Soks sil averjochts wurkje. Dochs hammert de deputearre al rillegau op in ‘status aparte’. Koster yn it weromsjen: ‘Der wie doe net in sterke rol fan de kant fan de provinsje.’

‘It is better it stjoer sels yn hannen te hawwen’, is de oerwaging fan Koster by it ferfolch. By de koepel fan regionale omroppen (ROOS) leit dan al in opdracht fan Dekker om in útwurking te jaan oan de herfoarming fan de regionale omroppen, dy’t ek nochris in besuniging fan 25 miljoen euro opsmite moat. Koster sit ticht by it fjoer, want hy is ek vice-foarsitter fan ROOS. ‘Ik ha der gjin spyt fan dat wy as ROOS mei in eigen plan kaam binne, oars hie Dekker it dien en soks hie folle yngripender west.’

Der komt yn de maitiid fan 2015 in alternatyf plan fan ROOS, dêr’t de steatssiktaris mei akkoart giet. Wichtich dêryn is dat de besuniging nei 17 miljoen euro werombrocht wurdt, mar ek dat de spesifike posysje fan Omrop Fryslân foar de Fryske taal en kultuer beneamd wurdt. Koster: ‘It gie guon net fier genôch, mar dit wie wat der mooglik wie.’

Yn Fryslân waait der dan in oare wyn. Nei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten is de PvdA bûtenspul kaam te stean. Under lieding fan Geart Benedictus, de âld-senator foar it CDA, is der in koälysje fan CDA, SP, VVD en FNP ta stân kaam. Benedictus, ek foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, smeit in koälysje-akkoart dêr’t swart en wyt harren yn fine kinne.

Oer Omrop Fryslân wurdt yn it yn juny 2015 presintearre akkoart in polityk belangryk statement makke: Omrop Fryslân moat syn selsstannige posysje hâlde. In ‘sa strakke lijn’ fernuveret ek Omrop-direkteur Koster. ‘Sa hie de provinsje him earder net opsteld. It wie frjemd genôch ferrassend.’

Foar Koster is it pynlik en yn eigen hûs dreech út te lizzen, want op dat punt gie it provinsjebestjoer de Omrop-baas fier foarby. It ferwyt komt op dat hy him yn ROOS-ferbân al ferbûn hat mei it ynleverjen fan de selsstannigens, wylst de striid dan noch oangean moat. ‘Wy kamen oars yn de wedstriid’, is de konklúzje en ferdigening fan Koster.

‘Taktysk besjoen kinst sizze dat der te gau mei Dekker om tafel gien is om te ûnderhanneljen’, seit De Blaauw. ‘Wy moasten reageare op wat al fuortfallen wie, it wichtige punt wie foar ús de selsstannigens. Dat ha wy op tafel brocht en dêr binne wy doe foar gien.’

Ek de Fryske CDA-senator Joop Atsma is fan betinken dat hjir in flater makke is. ‘Der is net goed ynskatten dat de polityk hjir noch oer beslute moast en hjir in hiel wichtige rol yn spylje koe. It plan fan Dekker is tefolle besjoen as “eis en vonnis”.’ Atsma wiist op de taktyk fan Dekker: ‘Fansels woe er it leafst skermje mei grien ljocht, ek fan de provinsje.’

Nei it statement fan it nije provinsjebestjoer komme der ek oaren yn it spier. Se binne wekker skodde, de redaksje en meiwurkers fan Omrop Fryslân, de ried fan kommissarissen, de ûndernimmingsried, de Freonen fan Omrop Fryslân. De meiwurkers fersmite it plan fan de direksje omdat dat ‘it begjin fan de ein fan ús autonomy is’. Wurdfierder Henk te Biesebeek: ‘Wy stean mei de rêch tsjin de muorre, wy kinne net oars as no yn aksje te kommen.’ Oant dat momint hat it foaral oerlis op heech nivo west. ‘Wy wienen der net by belutsen’, seit Freonen-foarsitter Andrys de Blaauw. ‘Ek de provinsjale polityk hat it te let yn ’e gaten krigen.’

Sa lang as it stil bleau oer de need fan Omrop Fryslân, sa skel is it lûd yn dy simmer. Mei de slogan ‘Us taal, ús omrop’ is besocht om op de ien of oare wize in selsstannige posysje foar Omrop Fryslân binnen te heljen. Dêrfoar is stipe fan de Fryske steateleden fan belang, mar ek fan de Friezen sels, fynt deputearre Sietske Poepjes. Hja ropt op om brieven oan Den Haach te skriuwen. Har taal is dúdlik: ‘Dit is it begjin fan de ein. It eigen Fryske stikje fersûpt sa.’

Wa’t ferwachtsje soe dat de deputearre de doar platrint yn Den Haach, dy hat it mis. It duorret oant 2 novimber foardat der in echt oerlis is tusken Dekker en it provinsjaal bestjoer oer Omrop Fryslân. De behanneling yn de Twadde Keamer hat dan al west. Al dy tiid bliuwe se freonlik tsjin inoar. Poepjes seit ‘graach mei Dekker dûnsje te wollen’.

De Twadde Keamer hat dan noch mar heal yn ’e gaten wêr’t it mei Omrop Fryslân echt om draait. ‘Ik bin noch hieltyd ferbjustere’, seit PvdA-keamerlid Lutz Jacobi. By de behanneling fan de Mediawet giet it de Twadde Keamer mear om it lanlike omropbestel as dat se harren drok meitsje om de regionale omroppen. It praat giet oer Sesamstraat en it hege lean fan Matthijs van Nieuwkerk, en amper oer Omrop Fryslân.

De politike reewilligens ûntbrekt om ta in útsûndering te kommen foar Omrop Fryslân. It freget politike linigens om noch wat foarelkoar te krijen. De fariant fan de Fryske Akademy komt op tafel. Sa is der wol in eigen bestjoer en in eigen foech en in eigen budzjet. Mar it wurdt net hurd makke. It bliuwt by in moasje fan CDA en ChristenUnie, dy’t opropt ta omtinken foar de Fryske taal en kultuer by de útfiering fan de nije Mediawet. Dy kriget by stimming op 13 oktober 2015 rom stipe fan de Twadde Keamer. Hoe’t soks stal krije moat, dat moat fierder útwurke wurde.

Steatssiktaris Dekker kriget it betrouwen at er seit dat er yn petear is mei it provinsjaal bestjoer oer in bestjoersôfspraak oer Omrop Fryslân. Mar wat nuver. Syn petear mei it provinsjaal bestjoer is pas op 2 novimber 2015. At deputearre Poepjes yn de steateseal sprekt fan in briedende hin, dan suggereart soks dat der earne yn de skimer wat bart. Mar praten mei Dekker is der dan noch net.

En wa’t tinkt dat it Poepjes mienens is ‘om mei Dekker te dûnsjen’ en der mei faasje in akkoart út te slepen, ek dy hat it mis. It is pas op 25 febrewaris 2016, in pear dagen foar de twadde behanneling fan de Mediawet yn de Earste Keamer, dat der wer praten wurdt. Dan makket it provinsjebestjoer ek dúdlik dat it sels ta de ponge komt.

Mear as yn de Twadde Keamer is der yn de Earste Keamer argewaasje oer de Mediawet. It liket derop dat steatssiktaris Dekker as in sleine hûn werom moat. Der is ynhâldlik krityk, mar Dekker hat it ferbruid troch op parten al mei útfiering te begjinnen sûnder dat der in akkoart is fan beide Keamers. Soks is prinsipieel de ferkearde folchoarder, fynt in grut part fan de Keamerleden.

It is de Fryske lobby dy’t yn it bysûnder de posysje fan Omrop Fryslân yn it omtinken bringt. It binne Hendrik ten Hoeve (Onafhankelijke Senaatsfractie) en Joop Atsma (CDA) dy’t it fjoer flink opstoke. ‘Hoe ver wil de staatssecretaris gaan?’ Mei dy fraach besiket Atsma de steatssiktaris yn ’e hoeke te twingen.

Mar Dekker lit him net ferliede ta saken dy’t er perfoarst net wol. Boppedat, hy hat in punt, de finansiering fan it spesifike doel fan Omrop Fryslân foar taal en kultuer is it probleem net. Dat is al regele. Hy leit fierders de klam op ynhâld, de programma’s. De organisatoaryske kant fynt er minder wichtich. Mei oare wurden, soks kin ek yn in noardlik cluster, sûnder in eigen direkteur foar Omrop Fryslân. Syn konklúzje: ‘De zelfstandigheid van Omrop Fryslân is een prestigeding geworden.’

Hy wit dan al dat de provinsje Fryslân oer de brêge komme wol foar in ‘breed Friestalig media-aanbod’. Der leit € 700.000 oan Frysk jild op de planke. By Omrop Fryslân kinne se net wachtsje om dat yn te setten, want der moat tenei alle jierren mei 1,2 miljoen euro minder budzjet wurke wurde. Ek al is dat net te’n koste fan programma’s, sa is tasein, dan noch hat it merkbere konsekwinsjes.

Lang is der hoop dat it de Earste Keamer slagje sil om Omrop Fryslân ek de selsstannige posysje behâlde te litten. Dekker leit mei syn Mediawet slim ûnder fjoer. Hy docht alle war om partijen yn ’e mjitte te kommen. De moasje fan Hendrik ten Hoeve (OSF) foar in selsstannige posysje fan Omrop Fryslân is him as in graat yn de kiel.

It is oant de ein ta spannend foar Dekker. Hy fielt him net wis. Foar de lêste behanneling yn de Earste Keamer hat er ein febrewaris noch in spesjale gearsit yn Utert arranzjearre mei in tal senatoaren, om syn Mediawet te rêden.

Yn Fryslân rekkent hast elkenien derop dat der foldwaande stipe komt foar in selsstannige Omrop. ‘It komt klear’, ropt FNP-deputearre Johannes Kramer yn de wyks foardat de stimming yn de Earste Keamer op 15 maart wêze sil. Ek CDA-senator Joop Atsma tinkt hieltyd dat der in mearderheid foar de moasje te heljen is.

Mar Ten Hoeve telt syn knopen. Hy kiest foar it heechst helbere. Syn taksaasje is dat in moasje wêryn’t frege wurdt om in ûnôfhinklike en selsstannige posysje mei in eigen bestjoer foar Omrop Fryslân gjin mearderheid kriget. In fariant op de Fryske Akademy is net helber, hy kiest foar in myldere moasje. Better in heal aai as in lege dop.

Ta fernuvering fan Atsma. ‘Dekker hat it handich spile troch hjir en dêr tasizzingen te dwaan oan partijen en der sa in kompromis út te slepen, wêrtroch’t hy dochs stipe krige foar syn Mediawet.’ Mar it risseltaat stimt him net tefreden. ‘In Mediaried, ik lis der net wekker fan, allinnich mar mear drokte en burokrasy, it smyt neat ekstra’s op. Wat hast no eins? In suertsje by de boadskippen.’

Der is ek ferbjustering by de Freonen fan Omrop Fryslân dy’t meireizge binne nei de Earste Keamer. Foarsitter De Blaauw hat by alle reizen nei Den Haach de trui mei de Fryske flagge oan. ‘Dan sjogge se je teminsten sitten.’ Oer wat it opsmiten hat is er teloarsteld. ‘Wy binne de selsstannigens kwyt, dêr gie it om.’

It ferhaal is noch net klear. No komt it oan op de dieden fan it provinsjebestjoer. De deputearre moat mei Dekker om tafel, noch foar de simmer. Oant dy tiid ta weaget Poepjes har net oan in analyze oer dit dossier. Sy kiest derfoar de briedende hin te bliuwen oant it mei Dekker klear is. Begjin maaie stiet der lykwols noch gjin nij oerlis mei Dekker yn de aginda.

‘De útgongspunten binne wol helder, mar it moat op papier’, driget De Blaauw. ‘De ôfspraken moatte ek yn de Mediawet sels en ek foar ûnbepaalde tiid jilde. Ek de advizen fan de kommisje Hoekstra moatte liedend wêze.’

Hielendal gerêst is men net. Hoe komt it mei it jild foar Omrop Fryslân? En mei it ekstra ryksjild foar de Fryske taal en kultuer? En hoe komt it mei de Mediaried dy’t by Omrop Fryslân oer it skouder meisjocht? Wa beneamt dy? Wa hat it foech? En fierders moat dúdlik wurde wa’t de Fryske kommissaris útsiket foar yn de ried fan tafersjoch fan de nije koepel RPO.

Poepjes kin hiel goed taarten bakke, mar mei swiete koekjes foar Dekker wurdt gjin risseltaat binnenhelle, safolle is yntusken al dúdlik. Der binne ek twifels oft de deputearre de steatssiktaris noch folle fierder kriget as it giet om de posysje fan de Fryske omrop. De Blaauw: ‘It moat swart op wyt en oanslute op de earste útgongspunten.’

‘Ik ha gjin reden om te twifeljen oan de ôfspraken’, fynt direkteur Jan Koster. ‘It liket my dat de Fryske taal no hiel konkreet yn de nije Mediawet útwurke wurdt.’ Hy is benijd nei de fierdere stappen fan de provinsje en it ekstra jild. ‘Ek it bestjoersakkoart tusken provinsje en ryk moat itselde wêze as wat ôfpraat is.’

Dat Dekker handich is en him as in glêde iel net gau pakke lit, dat is de warskôging. It is om dy reden dat Dekker fan de Earste Keamer al syn mûnlinge tasizzingen op papier útwurkje moast. Senator Joop Atsma hat noch in izer yn it fjoer. ‘De hiele útwurking fan de nije Mediawet komt noch wer werom yn de Keamer.’

Foar Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is dúdlik dat der no ‘in stevich fundamint leit’ en dat dat liede sil ta ‘hurde ôfspraken yn de bestjoersoerienkomst’. It is it konkreet meitsjen fan de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân. Jacobi: ‘Folgje de Friezen, wat sille wy no beleve, ferdikkeme.’

It ferskil is net in eigen redaksje en in eigen haadredakteur foar Omrop Fryslân, en ek net in eigen budzjet. Want dy wienen der al en dy stienen ek net echt yn ’e kiif. It ferlies sit yn de selsstannige posysje. Ek mei it model fan de Fryske Akademy blykt dat net oerein te hâlden te wêzen. It proses is dan al te fier. De Fryske lobby, mei promininte Fryske âld-politisy lykas Annet van der Hoek, Geart Benedictus, Kobus Walsma en Hayo Apotheker, kin it net keare.

Mei ‘hantsjebakken’ is it lot fan Omrop Fryslân beslikke, fynt Andrys de Blaauw. ‘Der is net goed ynskatten dat it polityk ek oars kind hie’, is de konklúzje fan Joop Atsma. ‘Wy binne gjin baas mear oer it eigen jild’, konstatearret Henk te Biesebeek. ‘It is noch te betiid om werom te sjen’, is Sietske Poepjes fan betinken. Jan Koster hat gjin spyt. ‘Wy ha dochs ek saken binnenhelle, sûnder dat wy saken ferspile hawwe. Dit is next best.’

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 15 (2016), 3 (juny), side 20-24.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.