De Skipsjonges fan Bontekoe

TJITSKE VAN DIJK – 

“In ’t Jaer ons Heeren 1618, den 8. December, ben ick, Willem IJsbrandsz. Bontekoe van Hoorn, Tessel uytghevaren voor schipper, met het schip ghenaemt: Nieu-Hoorn …” It skipsjournaal fan skipper Bontekoe. Foar Johan Fabricius de ynspriraasje foar in spannend ferhaal oer fjouwer jonges dy’t der miskien wol by wiene op dy reis nei East-Ynje.

Dêr is Peter Hajo. Al wit hoefolle masters hat er hân mar net ien wol him hâlde. As er syn hert sprekke litte soe, dan gie der hjoed noch nei see. It is dat er te jong is, mar oars … Syn freon Padde moat der net oan tinke! Syn takomst leit yn ‘e bierbrouwerij fan syn omke. Fêstichheid foar him, syn mem en syn broerkes en suskes.

As Hajo en Padde op in middei te fiskjen wolle, krije se rúzje mei Rolf. Rolf fertelt, dat er as skipsjonge mei sil op ‘e East-Ynjefarder fan skipper Bontekoe. Fan dat momint ôf lit it Hajo net mear los: dat wol hy ek! Hy doart it oan en kloppet op ‘e doar fan ‘e skipper. En hy kin mei! Hielendal út ‘e skroeven stapt Hajo oan board fan de ‘Nieuw-Hoorn’. En as de kanonnen tongerje ta ôfskied, blykt dat ek Padde oan board is. Hy soe Hajo allinne mar even útswaaie, mar foel yn sliep yn ien fan ‘e skipskoaien. Om ’t de “Nieuw-Hoorn” ûnmooglik keare kin, moat Padde wol mei nei Bantam.

 

Ik kin my samar foarstelle dat benammen de minsken dy ’t dit boek yn har eigen jeugd yn it Nederlânsk lêzen ha, dizze Fryske oersetting graach lêze. Om it aventoer no yn ‘e eigen taal nochris te belibjen.

 

De freonen moatte hurd wurkje op it skip en fan ‘e oare jonges oan board leare se alles oer it libben op in East-Ynjefarder. Der wurdt lake en freonskippen ûntsteane. Dochs is it net allegear gloria. Guon mannen reitsje siik en oerlibje it net. En wat in ramp as dy prachtige ‘Nieuw-Hoorn’ yn flammen opgiet! It liket oer te wêzen mei it moaie aventoer, mar Hajo, Padde, Rolf en koksfeint Harmen soene gjin skipsjonges fan Bontekoe wêze as se samar belies jouwe soenen. Se sette alles op alles om Bantam dochs te berikken.

Yn it twadde diel fan it boek belibje de jonges sa mooglik noch mear aventoeren as yn it earste diel. Se fange in lyts poeske dat in tiger blykt te wêzen, stean each yn each mei krokodillen en flechtsje foar minskefretters. Uteinlik sile se mei in eigenmakke flot nei Java en treffe dêr har skipper wer.

Wat in geweldich aventoer! En dat kinst samar belibje fanút ‘e stoel! De skriuwer docht der alles oan om it ferhaal sa ticht mooglik by te bringen en nimt dêr ek rom de tiid foar. “It wie stil op strjitte, en yntusken hielendal tsjuster. It ljocht fan de kade spegele mei in sêfte glâns yn it iis … Yn ‘e fierte jankte in hûn; in reedrider kaam – krrrits-krrrats- de grêft ôfsetten …” Of op it fiere Sumatra nei in fikse reinbui: “Moai binne de griene hellings, mei de grutte, grize stienplakken, dy ’t juster noch sa tryst liken … Wêr komt al dat libben ynienen wei? Wêr ha al dy grutte en lytse fûgels mei harren sang en getsjotter har ferskûle? Wêr sieten dy bûnte tuorren ferburgen, dy ’t no rêd omgûnzje yn grutte, sierlike spiralen?”

Petsje ôf foar de oersetter. It sil fêst net maklik west hawwe om sa’n omhaal fan wurden mei it goeie byld en de goeie sfear oer te setten. It is prachtich dien: ast de eagen even ticht dochst, waanst dy op it skip of yn ‘e mangrovebosk. Ik kin my samar foarstelle dat benammen de minsken dy ’t dit boek yn har eigen jeugd yn it Nederlânsk lêzen ha, dizze Fryske oersetting graach lêze. Om it aventoer no yn ‘e eigen taal nochris te belibjen.

Mar foar wa is it bedoeld? Earst foar de jeugd, soe ik sizze. Boppebouwers fan ‘e basisskoalle, ûnderbouwers fan it fuortset ûnderwiis. Sjoch mar nei de haadrolspilers, sjoch mar nei it aventoer! Mar it is in âld ferhaal en net alle wurden dy’t brûkt wurde, hearst tsjintwurdich mear alle dagen. Meitsje al dy útwreide sfear- en omjouwingsbeskriuwingen it net te traach foar dizze bern? Hoefolle bern binne der dy ’t sa ’n boek sels pakke en sa maklik Frysk lêze?

Ik hoopje op in soad! Ik hoopje dat se – miskien mei troch de trijetalige skoalle? – dit oandoare. En ik hoopje fansels op ‘e learkrêften dy ’t it boek gewoan pakke en foarlêze. Want it is en bliuwt in klassiker en yn it Frysk liket it no krekt noch wat mear as bist sels oan board fan ‘e ‘Nieuw-Hoorn’.

 

De Skipsjonges fan Bontekoe, Johan Fabricius, 1e printinge 1924. Oersetting Anne Popkema, útjouwerij Regaad, 2015. €19,50

Comments
2 reaksjes oan “De Skipsjonges fan Bontekoe”
    Reagearje

    DE MOANNE

    'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.