De sirkel is rûn

NYNKE VAN DER ZEE – 

Ein novimber stie se foar it earst yn it Tryatergebou op de planken mei it stik It famke en de twiveler fan Tatiana Pratley. Ali Zijlstra (22) spile yn de stêd dêr’t se hikke en tein is har debútstik foar Tryater. Dêrmei is de sirkel rûn, want yn Ljouwert rekke se as lyts famke fereale op it toaniel. “Yn de Harmonie seach ik mei ús heit en mem it stik Ronja de Roversdochter fan Tryater, en doe wist ik: dat wol ik letter ek.”

Se is krekt ôfstudearre oan de toanielskoalle yn Arnhem, sit fol nije ideeën en tourde mei har eigen teatergroep troch Nederlân en België mei it stik Het Slot, nei it boek fan Franz Kafka. Ali Zijlstra is in ‘spring in het veld’, entûsjast, mar boppe-al ambisjeus. “Ik wist al hiel betiid dat ik it teater yn woe. Mei ús heit en mem gongen myn broerke en ik faak nei toanielstikken en musicals. Ien fan de earste stikken wie Tryater’s Ronja de Roversdochter. Dêr waard ik hielendal fereale op. Mar doe’t ik it stik Het temmen van de feeks fan toanielgroep Amsterdam seach, wist ik it seker. Dit wol ik letter ek. Minsken bespylje mei alles watst hast op toaniel.”

 

Ien grut fraachteken
Gjin hobbys lykas fuotbal of tennis. Nee, Ali fytst as famke fan trettjin elk wykein nei jeugteaterskoalle Meeuw yn Ljouwert. Twa jier letter spilet se har debútstik Storia d’Amore, it ferhaal fan de leafde. Tafal bestiet net, want sân jier letter stie Ali by Tryater op ‘e planken mei It famke en de twiveler. “Op ‘e nij in leafdesferhaal”, laket se. “Doe’t Tatiana Pratley my fertelde oer har plannen foar it stik, waard ik fuortendaliks rekke troch it moaie ferhaal oer it ûnbegryplike paad fan de leafde. Dat past by my, want ek yn myn libben is de leafde noch ien grut fraachteken”, knypeaget se.

 

“In leafdesferhaal past by my. Ek yn myn libben is de leafde noch ien grut fraachteken.”

 

Ferstikkende konkurrinsje
Nei fjouwer jier yn Arnhem, is Ali no werom yn Ljouwert. Se ferdielt har tiid tusken it hûs fan har heit en mem en har eigen plakje yn Amsterdam, dêr’t se sûnt in healjier wennet. Want hielendal werom nei Fryslân, dat leit foarearst net yn de takomstplannen. “Ik soe hjir bêst in part fan it jier wenje wolle om te spyljen, mar ik bliuw ek yn Amsterdam. Dêr bart sa folle as it giet om keunst en toaniel, kinst eltse jûn nei in oar stik. Dy smeltkroes fan ideeën, dat lûkt my. Mar de oare kant fan it ferhaal is dat de konkurrinsje yn Amsterdam sa grut is, dat it ek wolris wat ferstikkend fielt. Dan is it hearlik om nei Fryslân te gean. Hjir is de druk minder heech en krijst mear fertrouwen fan minsken mei wa’st wurkest. Dat is hiel noflik.”

 

Kokhalzje yn de kûlissen
Yn har aginda stie de datum fan 27 novimber moannen fan tefoaren al mei read omsirkele: de Sneak Preview fan It famke en de twiveler. Senuweftich as in kat wie se, doe’t it dan einliks safier wie. “Dat ha ik trouwens altyd, hear”, jout Ali ta. “Foardat ik op moat, stean ik kokhalzjend yn de kûlissen”, laket se. En dan wie it ek nochris har alderearste Frysktalige stik. Makke dat hat Tryater-debút ek noch ekstra spannend? “Falt ta”, antwurdet Ali. “Ik prate altyd Frysk mei myn beppe, dus doe’t de teksten yn myn holle sieten, fielde it hiel natuerlik. It Frysk jout boppedat in ekstra diminsje oan it ferhaal, dat makket it noch moaier om te spyljen.” En dan mei in grutte glimk: “Ik hoopje dan ek dat dit net myn lêste Tryater-stik is.”

 

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.