fotografy: Linus Harms

De rop fan ’e tún

ELSKE SCHOTANUS – 

25 augustus 1951 stoarte de âlde romaanske tsjerketoer fan Jorwert, dy’t op dat momint yn restauraasje wie, yn: “… in stik fjoer út de triedden en in grize stofwolk…” Noch noait hie it doarp safolle besikers hân as it wykein dêrnei, tûzen, miskien wol 1500 minsken, en oan de nûmerbuorden te sjen kamen se oeral wei. Trije jier letter – yn 1954 – waard, yn de notaristún, it djipreligieuze iepenloftspul ‘De Klokken fan Jorwert’ brocht, om te fieren dat de toer út ’e púnheapen ferriisd wie. It waard in tradysje, mei yn ’e begjinjierren toanielwurken fan kopstikken lykas Douwe Kalma, Ype Poortinga en Douwe Kiestra. De resinsjes wienen lykwols lang net altiten optein. De dekors, fûnen resinsinten doe al, wienen te tradisjoneel, de beljochting wie net goed, it spyljen wie gauris it opsizzen fan teksten. “De iennige aksje yn de tafrielen is likernôch it kofjedrinken.” Mar ek: “Dat dit wurk trochgean moat, is nammentlik wis.” En it gie troch. Mei ‘De kloklieder fan Nij Daam’ wurdt dit jier yn Jorwert foar de 60ste kear in iepenloftspul op ’e planken brocht.

It wie fjochtsjen
Yn de notaristún, njonken de appelbeam dy’t alles seach, sit Tjerk Kooistra, skriuwer fan it stik en regisseur. Al fertellend is it allegear hannen en fuotten by him, hy brekt syn sinnen healwei ôf en fol entûsjasme huppelt en springt er fan it iene ûnderwerp nei it oare. Doe’t Tjerk yn 2007 frege waard om Romke Toering op te folgjen, wie der sprake fan in finansjeel debâkle.

‘It gie allinne noch mar oer jild, kommersy, it wie fjochtsjen. Wat der fout gien wie? Fan 1991 ôf wie it iepenloftspul alle jûnen útferkocht en yn 2005 ynienen net mear. Midden jierren njoggentich wienen der wol tritichtûzen belangstellenden, mar om’t der mar plak wie foar fiiftûzen man hienen we net troch dat de belangstelling weromrûn. It wie ommers alle kearen útferkocht. De magy wie gewoan wurden. Ik kin der net letterlik in finger op lizze. Yn 2003, mei it fyftichjierrich jubileum, waard in nije tribune oanskaft, dy wie te djoer foar wat Jorwert drage koe. En der kaam in boek … Der wienen tonnen skuld doe’t ik frege waard. Nei seis jier is de skuld fuortwurke. Dat earste jier moasten wy it mei de helte fan it budzjet dwaan. It gong allinne noch mar oer jild.

Wy wolle al yn de top meidwaan, yn it segmint tusken doarpstoaniel en Tryater. Iepenloftspul is in ynflatoar begryp, oaren brûke it as keurmerk. Neamst it sa, dan lûkst mear publyk. It is net goed dat der safolle iepenloftspullen binne, mar elkenien mei it dwaan.

Yn 2008 wie it basisidee: wy wolle “lyts” teater meitsje, yts wat minsken rekket. Breed programmearje, foar “buorman”, dy’t miskien mar ien kear yn ’e fiif jier yn it teater komt, oant en mei de “high culture”. Ergens moat it tagonklik wêze, dat “buorman” dan nei ôfrin seit: wy gean ek ris nei it teater. Sa binne wy in skeakel yn ’e foedselketen. De omslach kaam mei “Jou my wjukken”, basearre op de film As it is in heaven. In dirigint set him yn in doarp nei wenjen, it hiele doarp sjocht nei dy man. We holden it sober, kwalik rekwisiten, kwalik dekor, teminsten, sa like it, mar it wie net goedkeap. In film is fragmintarysk, sêne op sêne, mar it fielt net sa. Op toaniel moat it oars.

En der kaam in plan: hoe krijst de nêstskiters derút. Der wienen in hûndertfyftich frijwilligers, alle noazen … Moatst kritysk nei elkoar ta wêze, mar kinst net oer elkoar lulle. Sa’n ploech liedst as wie it in bedriuw … Wie de bougroep werris segrinich … Krigen de spilers nei de foarstelling in drankje, mochten sy dêr net by … Sa’n bouploech moat gjin eilân wurde, no is elkenien belutsen en ík in geweldige fint … Davert it applaus, fiele sy it as hár ding … binne sy lilk as de resinsint krityk hat … Aardich toch as de bouploech ’m soks oanlûkt?

Iksels net sasear, as der in jier is dat it wat minder giet, in stik minder oanslacht, dan takom jier ferfijne, want it kin altyd nóch better. Oft in krityk no terjochte is of net, ik kín der wat mei …

Fjouwer jier ferlyn spilen wy “Tuskentiid”. Eins woenen wy in stik fan Kim van Kooten bringe, “Alles is liefde”, dat wy fregen de rjochten om dat te spyljen. Dat mislearre. It wie har “kindje”, skreau sy ús en doe dêr achteroan “én zeker niet in het Friese taaltje …” Hie se it sa net sein, dan hienen wy it net dien, in parody op har stik meitsje.

Byfangst
Fan Ate de Jong hie ik Trinus Riemersma syn boek “It feest” alris krigen, de toanielbewurking fan “Festen”. It boek makke my no net daliks entûsjast. Letter ha ik de film sjoen. De lêskommisje draacht alle jierren trije stikken foar, it bestjoer hakt de knoop troch. Soks kinst manipulearje fansels … Dan dochst der gewoan twa stikken by wêrfan’tst witst dat se dý net kieze sille. “Feest”, nimmen dy’t it sitten seach … en it mocht tóch. Dan is it: wow! It wie in stik dat hiel djip sit, kwa tekst. Koarter as oare jierren, 85 minuten, sûnder skoft, dat makke dat wy by de repetysjes de gelegenheid hienen om te ûntleden wat de spilers dienen, de mimyk, alles. Mei fideo-analyzes.

En kâld dat it wie, de jûn fan de premjêre … It eaze en ik siet droech, de spilers rekken dweiltrochwiet, dat ik ferliet myn plak. Al dat glês dat Wybo Smids fan tafel reage … Wybo rûn in slachierblieding op, pas nei it applaus gong er nei it sikehûs … “Ik wie op in feest,” sei er tsjin dy dokter, “en it rûn wat út ’e hân …”

Dat it iepenloftspul dit jier sechtich jier bestiet is net yts dêr’t ik wat mei moat, it is mear in soartemint byfangst. Yn 1991, mei “De bochel fan de Notre Dame” wie it foar it earst dat Jorwert hiel grut gong. By de premjêre rekke Arjen Toering ferwûne oan it skouder, de foarstelling moast ôfblaasd wurde en dêrmei helle Jorwert de Telegraaf. Mar sa’n tweintich jier âld stik … de tekst is datearre, alles giet no flugger, de taal is moderner wurden, de seksgrappen fan doe gean alle stereotypen foarby … Je moatte jesels net werhelje.

Ik kaam op “Nij Daam”, dat is hoe’t doarpen binne, te min ambysje … Krekt wat je nét kinne, moatte je wolle. As Esmee, in jonge frou, har nei yn Nij Daam nei wenjen set, begjinne de minsken dêr op har eigen gedrach te reflektearjen. Wêrom dogge wy de dingen net oars … Troch har komst fiele de minsken har befrijd, mar dat de manlju gek op har binne, dat liedt úteinlik ta moard, dêrmei wurdt it in psychologyske thriller. Der binne wol parallellen mei it oarspronklike ferhaal fan Victor Hugo, De Klokkenluider van de Notre Dame, mar mear ek net. Lykas mei “Kakao” [yn 2006 yn Burgum brocht, nei de film Chocolat], dêr’t in jonge frou har ek op in doarp festiget. Sa op it earste gesicht binne der raakflakken, mar net ast it op toaniel sjochst.

Elk mins makket diel út fan in mienskip, mar yn Fryslân is it méár, óárs … Op in doarp giest om mei minsken fan ferskillende snit. Trefst de frachtweinsjauffeur en de miljonêr beide op ’e merke. Dat is it aardige fan doarpen… dat dêr yts yn gebeurt…

Wy, Ekko Bakker, Jan Schotanus, de oaren, wolle alle jierren wat oars bringe. Ha wy it iene jier in romantyske komeedzje, dan wurdt it it oare jier drama of in rockopera. Wy wolle alle úteinen fan it kleurpalet benutte. No, sa maaie, juny hinne, wurdt it stik foar takom jier útsocht, mids oktober begjin ik te skriuwen, mids desimber is it earste konsept klear. Yn de earste faze kin ik de lêskommisje dêr net by brûke, oaren hoege net te beneamen wat ik sels al wit. Earst skriuw ik de sênes; as ik oan de dialogen begjin, wit ik wa’t de spilers wêze sille. Binne we oan de repetysjes ta, alliterearret it téfolle. Of it docht bliken dat in rol fan tritich klausen werombrocht wurde moat nei acht. Gûlpartijen. Mar it is net om te klieren. Meielkoar, yn ’e mande mei de spilers, fernimst it wol as yts nét kin. De minsken om my hinne fungearje as fangnet.’

Yn de tún hinget de rook fan in timmermanswurkpleats, it is de rook fan nij hout dêr’t it poadium mei opboud is. Der falt in stilte. Heech yn it beamte nimme swarte krieën it petear oer, mar dat sil net foar lang wêze, want in healoere letter begjinne de repetysjes.

 

 

De kloklieder fan Nij Daam giet yn premjêre op sneon 24 augustus. Mear ynformaasje op: www.iepenloftspuljorwert.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.