De nije missy fan Skanomodu

TSJOMME DIJKSTRA –

Skanomodu bringt digitaal tydskrift út
Sâneninheal jier hat Skanomodu as stúdzjeferiening bestien, de feriening foar studinten Fryske taal en kultuer oan de universiteit yn rrins. As stúdzjeferiening hie Skanomodu mar koarte tiid noadich om ek de ferbylding foar de bûtenwrâld te wurden fan de aktive en entûsjaste lichting studinten fan de stúdzje Frysk yn de resinte jierren. Mar Skanomodu stiet foar in bysûndere oergong. Sûnt 1 jannewaris is de stúdzjeferiening in stifting wurden en is Skanomodu net mear oan de nije stúdzje Frysk (de stúdzje Minderheidstalen en Meartaligens yn Grins) ferbûn.

Yn de nije foarm sil Skanomodu (fan ein maart ôf) in Frysk ynternettydskrift foar de jongerein útjaan, mei de namme Y-skrift Skanomodu. de Moanne hie in petear mei it bestjoer fan de stifting, Meindert Reitsma, Nienke Jet de Vries en Jan Ybema, en fregen harren nei harren ambisjeuze plan.

 

Wy wolle in nije ympuls besykje te jaan yn de Fryske wrâld, wy tinke dat der ferlet is fan wat nijs.

 

Skanomodu, mei skjinne moed in nij jier, mar dus ek in nije wei ynslein. Wolle jim sels nochris fertelle wat de feroaring fan Skanomodu krekt ynhâldt?
Meindert: Ik tink dat Skanomodu by de measte minsken bekend is as stúdzjeferiening fan Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Wy binne sûnt de begjin fan dit jier in stifting wurden; wy binne no net mear ferbûn oan de stúdzje oan de universiteit en wy krije in bredere opset yn de nije stiftingsfoarm.

 

Dat hat alles te krijen mei jimme plan om in ynternettydkskrift te begjinnen. Hoe hawwe jim dat plan betocht? Jim binne noch fan in earste idee ôfstapt om in papieren tydskrift út te jaan, dochs?
Meindert: Wy woenen graach fierder gean mei Skanomodu en fral ek mei it Skanoskrift, it ferieningsblêd.
Nienke Jet: It wie gjin opsje mear om in stúdzjeferiening te bliuwen, om’t de nije ynternasjonale studinten sels in stúdzjeferiening oprjochtsje wolle en der mei mar ien feriening oan in stúdzje ferbûn wêze. Dus it wie wol gau dúdlik dat wy net as stúdzjeferiening trochgean koenen, mar dat it yn in oare foarm moast.
Jan: Wy woenen eins ek net mear op deselde manier troch. Teminsten, ik hie de nocht der wat ôf, as âld-studint yntusken.
Nienke Jet: It libbene wie in bytsje út de feriening weirekke mei’t der de lêste jierren minder nije studinten wienen en dat libbene wolle wy der graach wer yn bringe. Wy hawwe it idee fan in papieren tydskrift hân, mar op in bepaald momint ha wy besletten dat dat dochs net libbensfetber genôch wêze soe. Ek omdat wy de doelgroep dêrmei net berikke kinne, tinke wy: jongerein.
Meindert: Us oarspronklike plan wie om in papieren tydskrift én ynternettydskrift út te jaan. Sa as de Moanne en Ensafh dat dogge, sa wurdt dat dien. Mar, wy tochten; wa nimt noch in abonnemint op in papieren tydskrift?
Nienke Jet: Dat is ek in bulte wurk, dat betochten wy ús hieltyd mear.
Meindert: In papieren tydskrift is folle mear wurk as in digitaal tydskrift; it byhâlden fan de abonnees, it ferstjoeren. Wy hawwe sa in grutter berik en elkenien kin derop komme. It is fergees en tagonklik en elkenien kin it diele.
Jan: In ynternettydskrift past by de tiid, fansels, it is op ʼe takomst rjochte.

 

Binne dat foardielen dêr’t jim ynearsten dan net genôch oer neitocht hienen?
Nienke Jet: Ynearsten gie it om de trochsetting fan it Skanoskrift foar in breder publyk. Mar hoe mear foarm dat de plannen krigen, hoe mear wurk it foar ús ek waard.
Jan: Wy ha no ûngefear sechstich leden, mar om’t wy no net mear bûn binne oan de stúdzjeferiening woenen wy ek wol in breder publyk oansprekke. En op dizze manier kinne wy mear minsken berikke as mei in tydskrift.

 

Watfoar ‘breder publyk’ wolle jim jim útsein studinten Frysk op rjochstje? En hoe wolle jim besykje dat publyk te finen?
Meindert: Wy rjochtsje ús yn it bysûnder op jonge Friezen. Sjoch, it tydskrift is foar elkenien yn prinsipe. Mar der binne oare tydskriften, oare media, dy’t ek mei digitaal oan de gong binne. Wy wolle in nije ympuls besykje te jaan yn de Fryske wrâld, wy tinke dat der ferlet is fan wat nijs.
Nienke Jet: Dat is ek it erfskip fan Skanomodu: wy wolle ús fral rjochtsje op studinten yn dy leeftydskategory. No binne der gjin studinten Frysk op it heden, mar der binne wol jonge Friezen dy’t ynteresse ha yn de Fryske taal en kultuer. Dy wolle wy berikke.

 

Minsken dy’t sels net alle dagen mei it Frysk dwaande binne, jim wolle jim dêr mei klam ek op rjochtsje.
Nienke Jet: Ja, ek.
Meindert: It giet bot om it oanboarjen fan nije groepen minsken. Wol de Fryske kultuer bestean bliuwe, dan moatte der ek hieltyd wer nije minsken by komme. Ik fyn persoanlik dat it gat tusken de gewoane man, sis mar, en de Fryske kultuer op dit momint te grut is. Je moatte der in soad foar dwaan, wolle je der echt ynkomme. Ien dy’t der wol niget oan hat, fierder giet it net, immen ferdjippet him net gau bot yn de kultuer. Wylst dat miskien wol fan belang is; dat elkenien deroan meidwaan kin.

 

Hoe wolle jim dy minsken berikke?
Jan: Troch persoanlike kontakten en wy sette fansels de sosjale media yn. Wy krigen de yndruk dat de Fryske media fan no net hiel tagonklike media binne. It Skanowebstee moat in poadium wêze foar de minsken.
Meindert: It ynternet en de sosjale media binne wol de grutte bining. Bining is der net langer mear troch papier, mar troch ynternet.

 

Is it in tydskrift hielendal tastânkommen troch jongerein?
Meindert: Net allinnich, der komme ek wol bydragen fan oare skriuwers, Skanoleden, âld-Skanoleden. Sa krekt binne wy dêr net yn.
Nienke Jet: Yn de Fryske kultuer wurdt frij gau weromfallen op tradisjonele ûnderwerpen as bygelyks it ljipaaisykjen. Wy sykje nei aktuele tema’s dy’t de Fryske jongerein yn de ienentweintichste ieu dwaande hâlde.

 

Hokker ferbân is der tusken it ferieningsblêd fan Skanomodu en it digitale tydskrift dat der komt?
Meindert: Der bliuwt omtinken foar de frisistyk en wittenskip.
Jan: Wy hienen yn it ferieningsblêd altyd wol wat ‘gejeuzel’ oer de leden sels. Dat binne wy kwyt. Ferslachjes fan wat wy dien ha. Mar de fokus op literatuer bliuwt der yn, en taal en wittenskip bliuwt deryn, opiny sit der yn en kultuer yn de brede sin.

 

Dat binne de ûnderwerpen dy’t jim de fjouwer ‘pylders’ foar it nije tydskrift neamme.
Nienke Jet: Us ynternettydskrift hat fjouwer pylders: literatuer, kultuer, taal & wittenskip en opiny & maatskippij.
Meindert: It is hiel breed. Wy nimme yn prinsipe alles mei wat dêr ûnder falt.

 

Wy binne in jonge generaasje dy’t oars yn de wrâld stiet. Persoanlik fyn ik de sfear dy’t der yn de Fryske wrâld hinget gauris negatyf is.

 

Jim wolle besykje om op de webside stikken by dizze haadûnderwerpen te publisearjen, mar jim neamme dêrnêst lytsere rubriken, lykas in natoerrubryk, in berne/jongereinrubryk, in taalrubryk en populêr-wittenskiplike bydragen. Dêrmei wolle jim mei oare Fryske tydskriften konkurrearje?
Nienke Jet: Wy sjogge ússels net as hurde konkurrinten foar de besteande tydskriften. Sa is it plan ek net ûntstien. Mear foar ússels as poadium en wy wolle oaren ek graach dat poadium biede. Wy wolle graach mei ús trijen wat ûndernimme. Ik tink dat wy dan miskien wat mear op de Moanne lykje as op Ensafh. Ensafh is in tydskrift foar allinnich literatuer, dat sit der by ús ek yn, mar wol krekt wat oars. Ik tink dat wy der wat in oare ynfolling oan jouwe.
Jan: It ûnderskiedende sit him miskien net sa yn de meartalichheid; ik tink dat wy in soad yn it Frysk dwaan sille. Mar it ûnderskiedende sit miskien wol wat yn it ferlykjende perspektyf. Dat wy Fryslân net op himsels sjogge, mar yn ferhâlding ta de rest fan de wrâld, yn ferhâlding ta Nederlân, yn ferhâlding ta Europa.
Meindert: Wy binne in jonge generaasje dy’t oars yn de wrâld stiet. Persoanlik fyn ik de sfear dy’t der yn de Fryske wrâld hinget gauris negatyf is, bygelyks as it oer de Kulturele Haadstêd giet. Dat is in prachtige kâns, mar wurdt faak troch iroanysk en synysk kommentaar de grûn ynwâde. Dat is net allinne sa by Kulturele Haadstêd. Dat is skande, om’t je dêr miskien ek wol just minsken mei ôfskrikke.
Nienke Jet: Of it Fryske imago, miskien dat jongeren wer wat positiver tsjin it Frysk oansjogge.
Meindert: Der is miskien wol in grut gat.

 

Hawwe jimme genôch minsken fûn dy’t foar jim skriuwe wolle?
Meindert: Wy binne al yn septimber mei de earsten begûn. Doe tochten wy al: wa soe eventueel graach wat skriuwe wolle?
Nienke Jet: Wy ha minsken frege dy’t al dwaande binne yn de frisistyk, lykas in berneboekskriuwer, en in striptekener. Bekende nammen en nije nammen. De measten reagearje posityf. Dy positive reaksjes wienen foar ús ek wol wat in graadmjitter, dat je sizze de minsken reageare posityf. As se allegear soks hienen fan ‘jonges, wêr binne jim mei oan de gong?’, dan hienen wy it miskien ek allegear wol net dien. Mar de minsken sizze dat liket ús wol wat. Dat jout ek stipe.

 

Yn hokker kategory wie it lestich om meiwurking te finen?
Jan: De maatskiplike hoeke komt no noch wat oan de krapperein.
Nienke Jet: En de wittenskiplike miskien ek wol wat. It moatte wol tagonklike bydragen wêze.
Jan: Ik tink dat wy allegear yn elts ien pylder op ús nimme en dan soargje dat dêr hieltyd minsken foar binne dy’t wat bydrage kinne. Sadat wy net alles sels – of, sa min mooglik- sels skriuwe moatte. Wy stribje dernei alle wurkdagen in nije bydrage online te setten yn ien fan de fjouwer kategoryen.
Nienke Jet: Wy brûke it webadres fan de stúdzjeferiening, www.skanomodu.nl, mar dy wurdt hielendal fernijd. It moat der fris en fruitich útsjen.

 

Jim hâlde in lêzing op it Sirkwy Sympoasium op 28 maart. Wat sille jim dêr fertelle?
Meindert: Dan hâld ik in ynhâldlik ferhaal oer wat Skanomodu eins wol, ynbêde yn in algemiener ferhaal oer de ûntwikkeling fan papieren en digitale útjeften. Oan de ein fan de presintaasje sil de webside dan lansearre wurde. Dan is it sa fier. Dan stean de earste bydragen derop.

 

En hoe wolle jim it fan dan ôf oan knap draaiende hâlde?
Meindert: Wy ha in plenning makke, in oantal nammen en ûnderwerpen, wat reservestikken. Je moatte soargje dat je wat in fêste yndieling hawwe en in oersjoch; dan ha wy noch neat, dan skriuwt dy en dy wat en dan leveret dy it yn.
Jan: Dêr hawwe wy dan alle wiken in gesellige jûn fan, dan moatte wy it der oer ha. Wannear komt wat, is it goed genôch, moat dat en dat noch oars…
Nienke Jet: Sa’t wy it no yn ’e holle ha wolle wy de 28e maart ek in link ha mei it tema fan it sympoasium: ‘Fryslân en de wrâld 2.0 – Jonge Friezen mei kulturele ambysje’. Dus in link mei 100 jier Douwe Kalma, 100 jier Jongfryske Mienskip. Op in letter tiid kinne wy in aktualiteit ek oangripe om bydragen yn in bepaald tema te publisearjen.

 

Der is ek in goede finansjele ûnderbouwing fan it ambisjeuze plan?
Nienke Jet: Ja, dat ha we. Wy ha wat fan de feriening en wy hoopje dat wy ek wat subsydzjes krije kinne. Fansels kinne minsken ek stiper wurde fan Stifting Skanomodu. Mear ynformaasje dêroer stiet op ús webside.

 

As we oan de begjin fan it nije jier wer by-inoar komme soenen; hoe moat it tydskrift der dan útsjen?
Meindert: Dan moat it gewoan goed draaie; wa wit wat wy allegear tsjinkomme. Miskien is it nei trije moannen wol hielendal op, miskien ha wy dan wol fierstentefolle stikken.
Jan: Mar it is fansels de bedoeling dat wy úteinlik in sekere faktor yn de Fryske wrâld wurde. In sinjalearjende, kritisearjende en opiniearjende rol.
Nienke Jet: Eins is dat de geast fan Skanomodu.
Meindert: Dy geast hâlde wy der yn fansels.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.