De muzikale paden fan Stichting Appassionata

RYNK BOSMA – 

It tafal fan reizgjen en fakânsjes bringt in minske betiden op oare plakken en dy oant dan ta ûnbekinde oarden kinne ferrassingen opleverje, je kinne moaie muzikale dingen hearre dy’t yn eigen omjouwing net sa gau te belústerjen binne. Dat is eins yn ien regel it ferhaal fan it ûntstean fan de Stichting Appassionata, sa seit Saakje Zijlstra. Muzyk dy’t faaks wol yn de Rânestêd te hearren is mar kommersjeel sjoen te kostber om ek yn it noarden fan it lân syn of har wei te finen.

Konkurrinsje mei bygelyks De Harmonie fan Ljouwert of De Lawei yn Drachten is wol it lêste wat de stichting wol. It moat kommersjeel wol útkinne, is it saaklik belied fan de krekt neamde sealen. It is foar Zijlstra mear in saak fan mei elkoar oparbeidzje wêrby’t by de stichting de klam leit op lytse sealen, foaral tsjerken liene harren der goed foar.

De stichting bestiet no sa’n seis of sân jier en Janny Feddema en Saakje Zijlstra foarmje it bestjoer. In bestjoer dat it trouwens foaral ha moat fan de frije oerkes want in fêste betelle krêft sit der net yn. Wat de ynhâld oanbelanget litte sy harren advisearjetroch saakkundigen.

Zijlstra: “It is in miks tusken tagonklik en minder tagonklik, tusken bekend en net bekend. Fansels wurdt der ek Haydn of Mozart spile mar dêr moat it net by bliuwe.” Dat it idee fan ’e grûn kaam wie ek in bytsje te tankjen oan in gearwurking mei de Stichting Oude Muziek yn Utrecht dy’t elk jier dêr yn septimber in grut festival ‘oude muziek’ hâldt. Dizze stichting frege de stichting Appassionata om gear te wurkjen mei harren opdracht dizze muzyksoarte troch it hiele lân hearre te litten.

No is dat ‘hiele lân’ wat oerdreaun want alle konserten fan Appassionata fine yn Ljouwert plak. Sa wie der ôfrûne freed yn de Doperske tsjerke de kâns te harkjen nei it Apollo Ensemble mei as sintraal tema ‘Ten oosten van Oostenrijk’. Muzyk fan Bohemen mei komponisten as Haydn, Heberle, Pichi en Vanhal. In miks dus fan bekende en ûnbekende muzyk mei spesjaal omtinken foar in kontrabaskonsert en in csakankonsert.

Yn de Grutte of Jacobijner tsjerke is op twa maaie it Tsjechise Tburtina Ensemble oan bar dy’t komposysjes spylje sil fan Hildegard von Bingen, in midsiuwske mistika, komponiste en tsjerkelearares. Ego sum homo, visioenen van Hildegard, hat it program as titel meikrigen. Gregoriaanske en Midsiuwske muzyk útfierd troch in ensemble mei útslutend froulju. Dit konsert is in gearwurkingsferbân mei de Organisatie Oude Muziek Utrecht.

It keningsnûmer yn de trije konserten dy’t hâlden wurden is neffens Zijlstra dochs wol it konsert yn de Waalse tsjerke op 16 maaie om 20.15 oere mei trije fortepiano’s bespile troch pianiste Viviana Sofronitsky. De útfierster is in Russysk-Kanadeeske fortepianiste en sy nimt trije fortepiano’s mei dy’t alle trije boud binne troch Paul McNulty dy’t him by de bou bassearre hat op oarspronklike achttjinde iuwske fortepiano’s sa’t dy doe bespile waarden. Muzyk dus fan trije komponisten spile op piano’s wêr’t de muzyk ek foar skreaun is. Die Klangwelt von Mozart, Schubert und Chopin neu entdeckt, sa hjit it program fan Sofronitsky. “Ik ferwachtsje der hiel wat fan, de fortepiano hat in doffer en dêrtroch bysûnder lûd en klinkt ek wat beskiedener. Wy ha keazen foar de Waalse tsjerke om’t dy kwa akoestyk it bêste by dizze muzyk past. It moaie fan dy konserten fyn ik foaral ek de persoanlike drive dy’t de muzikanten foar harren muzyk hawwe.”

Dêrmei is it noch net dien yn it simmerske Ljouwert fan 2015 want der steane ek noch seis ‘zomerconcerten’ op it program. De aksinten by dizze konserten lizze krekt wat oars as by de niisneamde muzikale optredens. “Dy seis simmerkonserten wurde útfierd en ek gearstald troch jonge musisi. Allinne it earste konsert is mei in musikus fan de ‘gevestigde orde’, dit jier is dat de harpist Remy van Kesteren. It is yn de simmerfakânsje en altiten op sneintemiddei.”

Dy konserten ha neffens Zijlstra ek dúdlik in soasjale funksje. “In protte minsken komme elke kear wer. Dat kin wêze om’t se minder mobyl binne om noch fiere reizen te meitsjen. Mar it kin ek wêze om’t de bern yn de grutte fakânsje fuort binne. Of it kin wêze dat dy konserten om ‘e nocht binne en as it kwa jild wat minder past, kin dat ek in reden wêze om der hinne.”

En dat fynt Zijlstra ek wol wer moai, al dy ferskillende byferskynselen en redenen dy’t meitsje dat minsken nei ien fan de konserten geane. Foar mear ynformaasje: www.appassionata-leeuwarden.nl. Kaartferkeap Poort Music of by info@appassionata-leeuwarden.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.