de Moanne siket studinten

Publisearre op 11 juni 2015

Op snein 30 augustus trapet it UITfestival Ljouwert it kulturele jier ôf mei in festival fol teater, literatuer, keunst en muzyk. Mar ek mei bysûndere gearwurkingsprojekten, in kultuer- en kursusmerk, iten en drinken.

de Moanne biedt op it UITfestival in poadium oan Ljouwerter studinten om gedichten foar te lêzen yn it moaiste timpeltsje fan Ljouwert; it Pier Pander timpeltsje yn ‘e Prinsetún. Dêrfoar sykje wy dichters. Skriuwsto Frysk- of Nederlânsktalige gedichten en soest dy graach ris mei oaren yn in yntime setting diele wolle? Stjoer dan in mailtsje nei Sito Wijngaarden (s.wijngaarden@afuk.nl).

de Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels