de Moanne Publykspriis

Publisearre op 11 oktober 2017

De Provinsje Fryslân rikt op freed 10 novimber foar de njoggende kear de Vredeman de Vries-priis foar Foarmjouwing út. De foarmjouwingspriis wurdt útrikt as erkenning foar it resultaat fan in slagge gearwurking tusken opdrachtjouwer en ûntwerper. Ut 50 ynstjoerings hat de sjuery dit jier 7 ûntwerpen nominearre.


Linda de Haan
– ‘Er zit een gat in – de wereld van Spriet’
Martina Brandsma – ‘Identities’
Barbara Jonkers i.s.m. Dennis de Vries (BW H Ontwerpers) – ‘Under de Toer’
Jurjen Hofstra en Ronald (Kr8werk) – ‘Post Plaza’
Ina Meijer, Matthijs van Cruijsen en Nico van Diem (Studio INA-Matt) – ‘Sweet Nothing’
Elma Vermijs – ‘De Kom-post’
Claudy Jongstra – ‘Honeysuckle Blue(s) garden’


de Moanne Publykspriis 2017

Ek dit jier kin it publyk in stim útbringe op in favoryt út boppesteande nominearren. In stim útbringe op de Moanne Publykspriis kin troch de side fan de nominearre foarmjouwer fia www.vormgevingsprijs.frl te dielen op Facebook en/of Twitter. Kinst dyn favoryt ek trochjaan fia: publieksprijs@vormgevingsprijs.frl.

De útrikking fan de Vredeman de Vries-priis 2017 en de bekendmakking fan de Moanne Publykspriis is op freed 10 novimber om 16.00 oere op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Stimme op de Moanne Publykspriis kin oantenmei 9 novimber om 12.00 oere. By de bekendmakking sil ek in Moanne-special oer de Vredeman de Vries-priis presintearre wurde.

De sjuery fan de Vredeman de Vries-priis 2017 bestiet út: Lonny van Ryswyck (productontwerper en mede-oprichter van Atelier NL), Yu-Lan van Alphen (programmamanager stichting DOEN), Robert-Jan Hofhuis (grafisch ontwerper), Arjen Boerstra (ruimtelijk ontwerp / beeldend kunstenaar) en Tim Vermeulen (programmamanager Dutch Design Foundation).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels