de Moanne – Live mei Kester Freriks

De twadde Moanne live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 15 maaie. En ditkear is skriuwer Kester Freriks te gast.

Kester Freriks, skriuwer en sjoernalist, publisearre yn 2010 it boek ‘Verborgen wildernis’. Yn dat boek siket hy nei lânskippen dy’t de sensaasje fan wyldernis jouwe. Hy kombinearret dêrby tekst mei âlde kaarten dêr’t op te sjen is hoe’t ús lân der sa’n twa ieuwen lyn útseach. Troch de kombinaasje fan lânskip en kartografy is dat boek in lofsang op Nederlân yn wurd en byld.

Op de Moanne Live sil Kester Freriks fertelle oer âlde kaarten dy’t hy selektearre hat út de kolleksjes fan Tresoar. De kaarten slute oan by in troch Anita van Os gearstalde eksposysje oer it Fryske lânskip.

Tiisdei 15 maaie 2012, oanfang 20.00 oere.

Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert

De Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin en skerp tinke.

Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge út nei jim komst!

Opjefte graach foar 14 maaie by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.