fotografy: Bosch - Slabbers

de Moanne Live oer Fryske waadkust

De tredde Moanne – Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 14 maaie. Ditkear in temajûn oer de kânsen fan de Fryske waadkust. De jûn bestiet út in lêzing troch lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter en in debat. Yn it debat stiet de stelling ‘Fryslân hat him ôfkeard fan de see’ sintraal. Debatlieder foar dizze jûn is Klaas Sietse Spoelstra.

– Tiisdei 14 maaie, 20.00 – 21.00 oere
– Aldehouseal, Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

de Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin en skerp tinkt.

Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge út nei jim komst! Opjefte graach by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.