fotografy: Het Hoge Noorden / Jaap Schaaf

De mienskip hat belang by in bataljon sjoernalisten

BERT DE JONG – 

Bert de Jong wie oant juny foarsitter fan de Nederlandse Vereniging van Journalisten. Hy hat 33 jier by de Ljouwerter Krante wurke, de lêste jierren as adjunkt-haadredakteur. Hy jout hjir syn fyzje op de ûnwisse takomst fan de regionale sjoernalistyk.

It is in foarrjocht om sjoernalist te wêzen. Want in sjoernalist mei him ferwûnderje út namme fan de minsken om him hinne. De sjoernalistyk is de hoeder fan de demokrasy. Hoe oars kriget in mienskip sicht op it libben dat faak net is sa as it liket dat it is?

Mear noch as it yn stân hâlden fan media, is der de needsaak om frije sjoernalistyk it fundamint te jaan dat dy fertsjinnet. In demokrasy kin dêr net sûnder. In libben sûnder de no besteande media soe noch kinne, mar in libben sûnder sjoernalisten, soks kin net wier wêze.

De wearde fan sjoernalistyk moat opnij bepaald wurde. Sjoernalistyk is mei fan de mienskip. It is dy mienskip dy’t no in antwurd jaan moat.

Sjoernalisten binne de eagen en earen foar safolle oaren. Hja witte safolle mear en ha de posysje om fragen te stellen, wat safolle oaren net doare of kinne. Dêrmei komme saken oan it ljocht dy’t oars ûnder it kleed bliuwe soenen. Dat is mei reden dat sjoernalisten de posysje ha fan de fjirde macht fan de demokrasy.

It is de mienskip sels dy’t alle belang hat by in bataljon sjoernalisten, dat de striid oanbynt mei it ûnrjocht, dat by steat is om de oare kant fan it gelyk sjen te litten, dat de romte hat om saken út te plúzjen. Soks is in elts wat wurdich, of dat soe sa wêze moatte.

It is de wearde fan ûnôfhinklike kwaliteitssjoernalistyk dy’t no te min omtinken kriget. Stadichoan slûpt hjir it gefaar tichterby. Betroubere en ûnôfhinklike ynformaasje is net mear fanselssprekkend. It fuortbestean fan regionale deiblêden en omroppen is net iens mear fanselssprekkend. De oplossing sit him ek net yn jild foar de besteande mediastruktueren, mar yn it stypjen fan sjoernalistike produksje.

 

Net mear ‘Hoofdblad van Friesland’
It is in needsaak om de ûnôfhinklike sjoernalistyk te stimulearjen, de wearde dêrfan opnij te finen en romte te jaan oan fernijingen dy’t in antwurd wêze kinne op de hjoeddeistige krisis yn de wrâld fan de frije parse. Dêr is soarch oer, rûnom yn Fryslân, ek oer de tanimmende desynteresse fan boargers foar it iepenbier bestjoer en oer de ôfnimmende krêft fan de tradisjonele media om dêryn in kaairol te spyljen.

Dy noed wurdt ek field by bestjoerders en politisy yn Fryslân. De steateleden sprekke graach út dat in krityske, ûnôfhinklike parse net mist wurde kin. By de behanneling fan de begrutting fan 2014 op 6 novimber 2013 kaam Retze van der Honing fan GrienLinks mei in foarset. ‘Wy fine it hiel normaal dat in omrop jild kriget om bygelyks de Kulturele Haadstêd yn byld te bringen, mar wy fine it soms minder fan belang in krityske en ûnôfhinklike ûndersykssjoernalistyk oerein te hâlden.’

Der sil in grutte draai makke wurde moatte nei digitaal, los fan it hjoeddeistige fundamint fan de tradisjonele media. De sjoernalistyk moat himsels opnij útfine.

In protte ferslachjouwers binne foaral drok dwaande mei it publisearjen en presintearjen fan in grutte stream fan itselde nijs, yn it earste plak op de digitale poadia. Dan is Omrop Fryslân fiif minuten earder mei de brân as de webside fan de Ljouwerter Krante, dan is it oarsom; it freget frijwat mankreft, mar ynhaldlik is der amper ferskil.

Wat wol ferskil makket is djipgong, it gruttere perspektyf fan nijs, in spit djipper gean. It sil gjin nij dwaan dat dêr hieltyd minder sjoernalisten foar beskikber binne. Troch ferskate reorganisaasjes binne der yn Fryslân sûnt it jier 2000 al in lytse hûndert sjoernalistike banen ferlern gien. De nije ieu bringt troch it abonneminteferlies en de flecht fan advertearders net folle wille foar deiblêden. It is in sneu ferhaal, want yn it foarige jierhûndert wienen de redaksjes fan kranten krekt de rêchbonke fan de sjoernalistyk.

Is it tafal dat sûnt 1989 it grutske “Hoofdblad van Friesland” ûntbrekt yn de titelkop fan de Ljouwerter Krante? Wie dat ûnbedoeld, op wei nei it hichtepunt fan it sukses, in omslach yn it tinken oer de posysje fan de Ljouwerter Krante yn de mienskip? Feit is dat by it binnentreden fan it nije milennium de Ljouwerter Krante net mear fanselssprekkend dé nijsbringer is. Radio, televyzje en foaral nijsdistributeurs op ynternet dogge itselde.

 

Ferlies oan identiteit
Yn dizze digitale revolúsje binne de nijskonsuminten feroare. Want wêrom betelje, at it ek fergees te krijen is? En sa hat de Ljouwerter Krante op 1 july 2014 noch in tal fêste abonneminten fan 62.400, wylst dat yn it topjier 2000 noch 111.000 wie. It Frysk Deiblêd sit no op 12.400 en yn 2000 wie dat noch 19.000. De delgong foar beide kranten hâldt mar oan, yn fergeliking mei 2013 is it ferlies opnij sa’n 7 persint.

Fryslân mei grutsk wêze, krekt omdat it noch hieltyd twa provinsjale deiblêden ryk is en in regionale omrop dy’t fanwegen it brûken fan de Fryske taal dúdlik in eigen sinjatuer hat. De Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd hawwe altyd in wichtich plak hân yn dizze eigenwize provinsje. Nearne oars hat de eigen identiteit fan kranten sa’n wichtige wearde as yn Fryslân. Soks is mei tank oan de Friezen, oan de Fryske taal en kultuer, dat soks kin.

Sûnt útjouwers sjoernalistike ferhalen oantsjutte as ‘content’, is dúdlik dat de ferhâldingen feroare binne. Rûnom yn it lân is der in ferlies oan identiteit foar benammen de regionale kranten. Ferhalen wurde omraak útwiksele. Parool brûkt stikken fan AD en Trouw, Ljouwerter Krante en Deiblêd fan it Noarden publisearje grutte parten fan de kopijstream fan it AD en meikoarten is nijsproduksje fan De Telegraaf te lêzen yn de regionale kranten yn Noard-Hollân.

Yn de maatskippij is just in beweging geande dy’t freget om mear as it 112-nijs, de koarte berjochten op ynternet of Twitter.

It oereinhâlden fan in nijsfabryk is hiel wat oars as it mooglik meitsjen fan kwaliteitssjoernalistyk. Ek de digitale kiosken lykas Blendle sille net it antwurd wêze. De kâns is grut dat de delgong fan de oplage fan guon kranten noch hurder giet en de digitale kiosken yn jild ûnfoldwaande kompensaasje biede kinne. De ein fan de ekonomyske libbenssyklus fan kranten komt hurd tichterby.

Der sil in grutte draai makke wurde moatte nei digitaal, los fan it hjoeddeistige fundamint fan de tradisjonele media. De sjoernalistyk moat himsels opnij útfine. En yndied, de sjoernalisten moatte hurd oan de slach mei nije foarmen om harren publyk te ynformearjen. Dat begjint mei goed nei dat publyk te harkjen. No binne radio, televyzje en kranten tefolle ynsteld op stjoeren. Mar tenei stiet de ûntfanger sintraal. Op de digitale snelwei is dy hiel goed te berikken.

It is tiid foar in oar tinken. In mienskip moat sels dy ûnôfhinklike sjoernalistyk hoedzje en noedzje en dêr ek jild foar oerhawwe. It binne de sjoernalisten dy’t yn ’e mande mei de mienskip oan it wurk moatte. It kin de mienskip sels wêze dy’t foar de distribúsje fan sjoernalistike produksje soargje kin troch it te dielen op sosjale media lykas Facebook en Twitter.

 

Ynformaasjegaos
De oerheid hat ek in ferantwurdlikheid, in taak en in plicht om te ynvestearjen yn in fitale demokrasy en dus yn sjoernalisten. Dy kinne al harren enerzjy stekke yn ûnôfhinklike produksje dy’t lâns de digitale wegen frij is foar in elts om te nimmen en te dielen, sûnder abonnemint, sûnder in betelmuorre. De soarch fan bestjoerders en politisy moat him folle mear rjochtsje op hoe’t alle lagen fan de mienskip betsjinne wurde kinne mei goede sjoernalistike produksje.

Troch de komst fan ynternet, smartphones en tablets is it publyk fan de tradisjonele media fergrize. De gemiddelde aldens fan sjoggers en harkers fan regionale omroppen en fan lezers fan regionale kranten leit, ek yn Fryslan, boppe de 55 jier.

It is dúdlik dat it de ‘âlde media’ al langer net mear slagget om alle generaasjes goed te betsjinjen.

Alles liket no op ien bult smiten te wurden, ek de earder faker as ien kear bepleite gearwurking fan kranten en regionale omrop yn in mediasintrum.

Sjoernalistyk is troch digitalisearring yn in moardzjend tempo feroare en feroaret noch hieltyd. De digitale revolúsje dy’t al jierren geande is, makket dat boargers folle mear romte en mooglikheden hawwe om kennis en mieningen fuortdaliks mei oaren te dielen. Elts jier opnij besteegje hja mear tiid oan media. Nettsjinsteande in gruttere mediakonsumpsje is der in ferskraling fan it serieuze oanbod. De sjoernalistyk ferwideret him op dit stuit hieltyd fierder fan de kearn. Yn de maatskippij is just in beweging geande dy’t freget om mear as it 112-nijs, de koarte berjochten op ynternet of Twitter. Mediabrûkers binne mear en mear op syk nei oardering yn de ynformaasjegaos.

 

Poadium Fryslân
Is it nij betochte Poadium Fryslân dan it antwurd? It provinsjebestjoer fynt fan wol, alteast dat hat Omrop Fryslân ein juny de rezjy jûn om dêrfoar in opset te meitsjen en der oare moanne mei útein te setten. Ynearsten giet it om it stypjen fan regionale sjoernalistyk, mar yn deselde gong is it earste fundamint lein foar de publisiteit oer Kulturele Haadstêd 2018. Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân wie tûk genôch om as earste de € 200.000 foar dit en oare jier op te easkjen. Dêrmei hat er ek in earste stap set foar it jild dat ornearre is foar de publisiteit om KH2018 hinne. Soks is noflik, no’t de finansiering fan regionale omroppen fanút in lanlike pot foar de takomst ûnwis is.

Alles liket no op ien bult smiten te wurden, ek de earder faker as ien kear bepleite gearwurking fan kranten en regionale omrop yn in mediasintrum. Soks eaget sympatyk, mar hjoed-de-dei hat soks allinnich noch mar it doel om kosten te besparjen en is it gefolch noch mear ienheidswoarst. Underfining op oare plakken yn it lân lit sjen dat it yn feite mei oerheidsjild finansierjen fan besteande aktiviteiten blykt te wêzen.

De grutste bydrage oan de Fryske mienskip, ek mei it each op KH2018, is om no sjoernalisten te stypjen dy’t de keunst fersteane om yn alle frijheid ynformaasje op de goede wize te garjen, te oarderjen en te presintearjen.

Dat stiet ek heaksk op it yn juny 2014 yn it Mediabrief formulearre doel fan it provinsjebestjoer “om foar de Fryske mienskip nije kânsen te skeppen foar selsstannige profesjonele en plurifoarme sjoernalistyk fan kwaliteit, mei behâld fan de eigenheid en selsstannigens fan elk fan de dielnimmende partijen.”

 

Koartdei
Op it Provinsjehûs wurdt urginsje field. Heech op de aginda stiet dan ek ynnovaasje by media. Kommissaris fan de kening John Jorritsma hie de hoop dat hy mei syn yn 2012 betochte Mediafûns de saak yn beweging krije kinne soe. Mar der kamen ta syn frustraasje ûnfoldwaande inisjativen. Sa as wol faker moat fernijing blykber fan bûten komme. It is dreech om besteande struktueren te ferlitten. It is mei it each op de oansteande provinsjale ferkiezings fan belang om te witten watfoar aksje oft de politike partijen datoangeande sjogge. De ferkiezingsprogramma’s moatte noch skreaun wurde.

De grutste bydrage oan de Fryske mienskip, ek mei it each op KH2018, is om no sjoernalisten te stypjen dy’t de keunst fersteane om yn alle frijheid ynformaasje op de goede wize te garjen, te oarderjen en te presintearjen. Sjoernalisten ha kennis en ekspertize om saken boppe wetter te heljen, sy kinne as gjin oar de kultuer yn Fryslân ferbyldzje en bekommentariearje. De wearde dêrfan is folle grutter as wannear’t men soks presintearre kriget fan it pr-buro fan KH2018.

It is ek in ynvestearring yn in jonge generaasje sjoernalisten foar wa’t no yn Fryslân hieltyd minder kânsen binne omdat hja gjin poadium hawwe, útsein wat se sels dogge mei bygelyks in persoanlik blog. It sa wichtige sjoernalistyk talint siket syn heil yn oare beroppen of nimt de wyk nei de Rânestêd. Dat hat mei as gefolch in fierdere ferflakking en direkt ek oantaasting fan de kwaliteit fan de Fryske kultuer. In antwurd is nedich. It is koart dei.

Comments
2 reaksjes oan “De mienskip hat belang by in bataljon sjoernalisten”
  1. josse de haan schreef:

    Unôfhinklikheid en frijheid, dat binne de begripen dy’t de basis foarmje fan it sjoernalistike wurk. Folslein mei iens. Mar hoe ûnôfhinklik is in sjoernalist as de krante dêr’t er wurket ôfhinklik is fan adfertinsjes? Mei oare wurden, hoe kritysk kin en mei in sjoernalist wêze yn dy ôfhinklike sitewaasje?

    Ik haw krekt in 5 wiken yn Fryslân west, en elke dei de twa Fryske kranten kocht. Krityske stikken oer bygelyks dy mânske mûnen dêr’t Abe de Vries him terjochte lulk oer makket haw ik net sjoen. Itselde jildt foar de stavering dêr’t Eeltsje Hettinga al faak oer skreaun hat – men rint achter de Professoaren sûnder Universiteit fan de Akadeemje oan. Ik bin der wis fan dat krityske en brede stikken oer dy saken yn lêsbere taal in soad minsken ynteressearje. Nada, dus!

    De freontsjes-‘sjoernalisten’ fan de LC besprekke sûnt ferline jier septimber myn boeken net mear, omdat ik har ferge op ûnôfhinklikheid. Ik skriuw in 50 jier yn it Frysk, mar dit haw ik noch net earder meimakke. Mei oare wurden Bert de Jong, jo wurden binne prachtich, idealistysk en ek terjochte, mar hoe krijst dy fermolme kwaliteitsleaze figueren dy’t elkoar dekke en slikje op in dearinnend spoar dêr’t se sliepe en fuortrustkje kinne???

    Kwaliteit allinne sil de deiblêden rêde kinne, en … skerpkritysk yn de ûndersyksjoernalistyk dy’t mear as nedich is yn dizze sjochmaatskippij. Dêroer hie ik graach noch wat mear hearre wold.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.