De Marboei – Elske Kampen

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichteres Elske Kampen op de Sitebuorster Ie by Grou. ‘Myn earste gefoel, doe’t wy mei de boat ôfsetten, wie it beweechlike. Je fiele yn je liif dat dingen los reitsje en dat betinke je net yn it foar.’ Har gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 2.

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Earder skreaunen Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol al in gedicht op ’e Fryske marren. Dy gedichten binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op ‘e mar. Oant en mei 2018 sille alle jierren fjouwer dichters de mar op om in gedicht by harren marboei te skriuwen. Sjoch hjir foar alle bydragen.

Mei tank oan Technische Watersportservice De Schiffart yn Grou.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.