De Marboei – Eeltsje Hettinga

Publisearre op 22 juni 2017

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra, Dien L. de Boer en Piter Boersma skreaunen earder al in gedicht foar dit projekt.

Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Eeltsje Hettinga. “It wetter hat syn skeppende kracht en syn ferneatigjende kracht. ‘It wetter wat leavet, it wetter wat deadet’, dat fertsjintwurdiget in kosmos fan spanning en poalen dy’t elkoar tsjinsprekke, mar op de ien of oare manier ek byelkoar hearre.” Lês it gedicht fan Eeltsje Hettinga ‘Yn in úthoeke fan it hielal’ oer de Aldegeaster Brekken no yn de Moanne nûmer 3.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels