De Marboei – Arjan Hut

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Earder skreaunen Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol al in gedicht op ’e Fryske marren. Dy gedichten binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op ‘e mar. Oant en mei 2018 sille alle jierren fjouwer dichters de mar op om in gedicht by harren marboei te skriuwen.

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Arjan Hut op de Burgumer Mar. “It is in bombardemint fan yndrukken. Watst fielst, wat oer dyn holle hinne spat en watst sjochst oan kleuren, fûgels … En dan ynienen moatst yn aksje komme, want oars rint is mis!” Syn gedicht is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 1.

 

Comments
3 reaksjes oan “De Marboei – Arjan Hut”
  1. Ate Grypstra schreef:

    Moai, Arjan!
    (Oan ’e sek ta wiet … dat dan wol wer …).

  2. Arjan schreef:

    Ein Bisches Frisches!

  3. Marjan Poutsma schreef:

    Wat een schitterend filmpje! Je ziet een mooie man in grote vertwijfeling. “Skeppe bliksem! We sinke!” Roept de schipper. Ai-ai-ai. Chapeau voor Remco de Vries die dit filmde en monteerde. Lekker muziekje ook!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.