De leagen fan Wylgeragea: Een open en tolerant Fryslân

ELSKE SCHOTANUS –

Doe’t ik yn de LC fan freed 7 oktober in artikel oer ‘De Wierheid fan Wylgeragea’, de nijste foarstelling fan Tryater, lies, realisearre ik my dat ik it stik earder, yn de ‘preview’, al sjoen hie. Yn 2014 skreaun ik, oer wat doe ûnder de kop ‘Liet fan myn doarp’, brocht waard: ‘De spilers, dy’t allegearre meardere rollen ha, rinne foar in part noch mei de tekst yn de hân, toch makket it gehiel de yndruk ôf en klear te wêzen.’ Der is slipe wêrby’t de grutste oanpassing wierskynlik it dekôr, tagelyk ek tribune, west hat. Ofrûne sneon wie de premjêre.

 

It sit yn it hege sykheljen, yn in subtyl wriuwen fan de fingers. It sit yn it fuortfeien fan in trien as de fiif spilers it terjochte applaus yn ûntfangst nimme.

 

It spylflak leit yn ’e midden, dêromhinne sitte de taskôgers. De opstelling hat wat wei fan in krusing tusken tsjerkebanken en kolleezjeseal. Oant en mei mids desimber ferhuzet it dekôr mei nei de ferskate spyllokaasjes yn Fryslân (en Amsterdam). Joop Wittermans, as Wiebe Wiersma klimt op in ferheging om de prizen fan de Zijlstra Beton Talent Award bekend te meitsjen. It tema fan de muzykkriich is ‘mienskip’, tagelyk ek it tema fan de foarstelling, mar dan giet it om de skaadkant fan it begryp ‘mienskip’. As yn it doarp Wylderagea tal fan ynbraken plak fine, slute de rigen har stadichoan. Immen fan it doarp kin it net dien ha, de sûndebok wurdt socht bûten de eigen mienskip.

Lourens van den Akker hat in dûbelrol. Hy is sawol de yn it Poalenhotel ferbliuwende hurdwurkjende Poal Pavel as Gauke, in ferfelende, lammenadige jongkeardel dy’t oerdeis by mem thús omhingelet en nachts mei it brekizer yn ’e baan is. As Pavel hat Van den Akker in pet op, as Gauke hat er de pet achterstefoaren om oan te tsjutten dat it hjir om twa tsjinpoalen giet: goed en ferkeard. Joop Wittermans is glorieus as politikus fan Lokaal Belang, in soartemint Donald Trump, in earsten blast en in draaikont. Is der yn it begjin sprake fan wearze en ferset tsjin de bûtensteander, as er trochkrijt dat sa’n Poal foar net al tefolle jild en leafst swart in badkeamer oanlizze kinne soe, krûpt er Pavel op ’e lije side. Mar ‘no talkie-talkie to frou Bleeker’. Ek Wittermans spilet mear as ien rol. Hy is net allinne de opportunistyske Wiebe Wiersma, mar – it kolbertjaske binnenstebûten oan en de breidene mûtse op – ek de begrutlike doarpsgek.

Allinne frou Bleeker, tige kristlik, leaut oan de ein ta yn Pavel syn ûnskuld. En al hat Gauke syn mem (Lysbeth Welling) op in stuit troch dat it har eigen fleis en bloed is dy’t ferantwurdlik is foar de ynbraken, as mem hâldt sy Gauke de hân boppe de holle. It rint derop út dat Rona (Eva Meijering), sechtjin en swier fan Pavel, net op kin tsjin de druk fan de omjouwing en Pavel foar de plysje (nochrisom Joop Wittermans) oer oanwiist as de dieder fan de ynbraken. Oant yn de lytste details wit Eva Meijering de emoasjes dy’t de rol fan Rona mei har meibringe oer te bringen. De skrik as sy oer tiid is, de eangst foar de reaksje fan har âlden, it ynerlik ferset as sy, as kassafamke yn de buurtsuper, de geroften en rabberij opfangt, de panyk en it ferskuorrende fertriet nei har ferrie. It sit yn it hege sykheljen, yn in subtyl wriuwen fan de fingers. It sit yn it fuortfeien fan in trien as de fiif spilers it terjochte applaus yn ûntfangst nimme.

 

‘De Wierheid fan Wylgeragea’, de nijste foarstelling fan Tryater is noch te sjen o/m 18 desimber.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.