De krêft fan stilte en ienfâld

MARIEKE VINCKERS –

It nijste teaterstik dat er foar Tryater makket, giet oer it sykjen fan Keimpe. Syn heit ferdwûn lang lyn samar ynienen. Op in dei stiet der in famke by him foar de doar, dat him fertelt wêr’t syn heit is. Der ûntrôlet him in wûnderbaarlik aventoer. In ferhaal dat stadichoan ûntstiet yn it brein fan skriptskriuwer/komponist Peter Sijbenga en regisseur Bram de Goeij. Bram regissearret mei ‘It geheim fan ’e kânselier’ syn tredde jongereinfoarstelling foar Tryater. Hoewol, is it eins wol bedoeld foar de jongerein?

Sjenre: famyljefoarstelling. Sa wurdt it stik oankundige yn de teaters. Mar sa’t Bram by syn foarige stik ‘Stamppot Schmidt’ mei in knypeach skreau dat it stik foar folwoeksenen fanôf acht jier wie, hat de regisseur no in nije, ûndogense ûndertitel betocht: ‘It geheim fan ’e kânselier’ – net allinne foar folwoeksenen. It jout fuortendaliks oan dat Bram him net spesifyk talizze wol op jongereinteater, mar dat syn foarstellingen foar eltsenien tagonklik binne. Elts hellet der syn eigen boadskip út. Syn stikken besteane trochgeans dan ek út in soad lagen, dy’t op har beurt wer fol sitte mei spanning, (swarte) humor en libbenswiisheden. Syn nijste stik is benammen ek foar de regisseur sels in aventoer, om’t er foar it earst wat op de planken set dat er fan begjin oant ein sels betocht hat.

Krûme teannen
Bram de Goeij (40) makket it leafste wat er sels moai fynt. En lit dat no tafallich ek goed yn ’e smaak falle by syn jonge publyk. Yn de seal binne de ferskate lagen yn syn stikken goed te op te merken. It iene stuit hearst in smaaklik laitsjen fan it jongfolk, in tel letter sjochst de bern ferheard opsjen nei harren âlden: wat is dêr no wer sa leuk oan? Jongereinteater wol er it sels sadwaande leaver net neame. Foaral ek om’t er dêr persoanlik net sa’n noflik gefoel by kriget. As Bram mei syn soantsje fan acht nei it teater giet, wol it noch wolris barre dat er mei krûme teannen yn ’e stoel sit: ‘Dat acteurs zelf becommentariëren wat zij uitbeelden. Erger kan het niet. Het is zo vreselijk saai en verantwoord allemaal.’

Teater mei neffens Bram allegear wol wat boartliker. En foaral ek: hurder. ‘Een bepaalde mate van wreedheid is onontbeerlijk.’ Hy hellet as foarbyld de Muppetshow oan. ‘Dat die Zweedse kok “hurskeburske-keburskeburshjj” met een kip in de keuken staat te vogelen en die kip vervolgens over zijn schouder door een basketbalnetje gooit.’ Dat ‘heart’ fansels eins net, mar it is wol aardich om te sjen.

‘Ik ben echt allergisch voor verantwoord jeugdtheater’

Bram syn gesichtsútdrukking feroaret, hy lûkt de wynbrauwen op, makket syn eagen grut, lûkt syn kin yn en seit dan mei in ferdraaide stim: ‘Hey, ik zoek iets!’ Hy grypt de tafel fêst, loert derûnder, stekt de kop wer omheech en ropt: ‘Maar waar zou het liggen?!’ Op ’e nij dûkt er ûnder de tafel en dan hearst ûnder it tafelblêd wei: ‘Zeg, zou het misschien onder de tafel liggen?’ Ik kin myn laitsjen amperoan ynhâlde, mar sa moat it dus blykber net. ‘Nee, ik ben echt allergisch voor verantwoord jeugdtheater. Acteren zonder commentaar, dat is waar ik van houd. Ga in die emotie zitten. Maak de emotie pathetisch. Dramatiseer wat je uitbeeldt, zonder er ook maar iets bij te zeggen.’ De stilte fan de akteurs yn syn stikken, it seit faaks mear as wurden. Dat is miskien ek wol de krêft fan syn wurk. Ienfâldichwei stilte.

Rezjy
Dit rezjywurk docht er oars noch net sa hiele lang. Tsjin syn tritichste wie Bram klear mei de Rezjyoplieding yn Amsterdam. Foar dy tiid hied er yn Nijmegen noch in koarte opleiding Dramaterapy folge. Fan syn oarspronklike technyske eftergrûn hat er gjin gebrûk makke. Ut Nijmegen wei kaam er yn Amersfoart telâne by in psychiatryske ynrjochting, dêr’t er as dramaterapeut oan ’e slach gie mei bern mei net oanberne harsenletsel. In âlde opbierromte foarme syn nije wurkplak, net echt in gaadlik plak om eltse dei mei nocht en wille hinne te reizgjen. Nei sân moanne besleat Bram it heft yn eigen hannen te nimmen en melde er him oan foar in audysje by de Rezjyoplieding yn Amsterdam.

In bettere kar hied er net meitsje kinnen, sa docht tsien jier letter bliken. Yn ’e mande mei akteurs Gienke Deuten, Daniel Koopmans en foarmjouwer Maarten Kastelijns makket hy diel út fan it kollektyf Deuten & De Goeij. Hja hawwe har spesjalisearre yn lokaasjeteater en makken op festivals as Oerol, Over het IJ, Noorderzon en de Karavaan yndruk mei harren earste foarstellings MOBIL, Schmiere en De Schapelaar, wêryn’t Bram sels ek meispile.

Tema’s út it libben
Yn syn stikken geane der in soad minsken dea, of spilet de dea yn elts gefal in lyts roltsje. It nuvere is dat soks foar de measte bern gewoan fansels by it ferhaal heart. It is trouwens net sa dat Bram dy tema’s út it libben foarôf op papier set as paadwizer foar it stik. Dochs besteane syn ferhalen faak út ferskillende lagen dy’t de folwoeksen taskôger ferbynt oan fraachstikken út syn eigen libben. Syn teaterstikken fertelle in ferhaal dat opboud wurdt út archetypes wêrfan’t de taskôger al in byld hat. Dat fertroude byld besiket Bram te feroarjen. It platte oerâlde idee datst bygelyks hast by it wurd ‘skiep’. In feilich byld dat klisjees opropt. Oan ’e iene kant giet Bram mei yn dy klisjeemjittichheid en fergruttet er dat sels. Oan ’e oare kant soarget er der foar dat dy symboalyske personaazjes yn in situaasje belânje wêryn’t harren gongbere ideeën, harren gewoanten net mear pasje. It archetype sil in oantal fan syn wearden opjaan moatte foar wat him foardocht.

Sa makke Bram tegearre mei Gienke yn 2005 furoare op Oerol mei harren lokaasjefoarstelling De Schapelaar, wêryn’t in skiep en in wolf freonskip slute. De wolf wurdt sels wat fereale op it skiep, wylst hy it earme bist eins gewoan opite moast. Ommers, sa is dat dochs troch ’e natoer regele? ‘Iedereen heeft een bepaalde kijk op de werkelijkheid, maar er komt een ogenblik dat die ideeën niet meer houdbaar zijn. De enige manier om daaruit te komen is om er vanuit een ander perspectief naar te kijken.’

De hilariteit yn syn stikken ûntstiet foaral by it fersterkjen fan in klisjee, krekt salang oant it in sjenante fertoaning wurdt. ‘Juist als iets eigenlijk heel slecht lijkt, wordt het leuk.’ As foarbyld neamt er de foarstelling Schmiere, dy’t er ek tegearre mei Gienke skreau. In ferhaal oer in manyske clown, dy’t mei syn frou en pianiste yn ôfsûndering libbet. Dochs wit it publyk dy beiden eltse kear wer te finen en giet de clown, hoewol’t er fêstlein is oan in ketting, troch mei it fermeitsjen fan syn publyk. It stik begjint mei de haadrolspiler dy’t mei syn rêch nei it publyk ta pankoeken sit te iten. ‘Want wat doet een clown?’ (…) ‘Die eet pannenkoeken.’ It is sa simpel betocht, dat it júst troch dy ienfâld moai wurdt.

Sels fynt Bram it prachtich om earne yn te ferdwinen. Miskien dat dat fuortkomt út de harkspullen dêr’t syn heit eartiids sa graach nei harkje mocht. De searje ‘Sprong in het heelal’ waard yn 1955/1956 troch de KRO op ’e radio útstjoerd en Bram syn heit hie alle ôfleveringen op in kassettebantsje stean. ‘Vijftig minuten waarin je helemaal wordt meegevoerd in zo’n verhaal… waanzinnig. Het vraagt alles van je voorstellingsvermogen, daar houd ik van.’

Frysk
Foar Tryater is Bram fjouwer dagen yn ’e wike yn it noarden, mar hy wennet mei syn frou en bern yn Amsterdam. In hiele omskeakeling, om yn it Frysk te wurkjen. Al praat Bram ûnder it fergaderjen en it regissearjen sels Hollânsk, hy hat him de taal aardich flot eigen makke. ‘Ik vind de theaterstukken heel mooi in het Fries. In de voorstelling Stamppot Schmidt heeft Peter Sijbenga alle gedichten van Annie M.G. Schmidt vertaald. Vaak vond ik de Friese versie zelfs mooier dan de Nederlandse. Het is een poëtische taal.’ Mar is it somstiden net lestich om dúdlik te meitsjen wat hy as regisseur bedoelt? ‘Nee, het gaat meer om de acties die een acteur doet, ik zie of de acteurs de situatie spelen waar ze in zitten. Ik let meer op het spel, de regie-assistente let op de taal. Ik kijk of iemand genoeg in de overtuigstand staat. Het publiek moet je wel geloven, daar gaat het mij vooral om.’

It skiep
Krekt as yn De Schapelaar is ek yn ‘It geheim fan ’e kânselier’ in roltsje weilein foar it skiep. Bram digeret efkes nei it plafond as er siket nei in antwurd op de fraach wêrom’t dat skiep hieltyd yn syn stikken weromkomt. ‘Eh, ja, de hoofdpersoon heeft een schaap als vriend. Ik kan dat verder inhoudelijk eigenlijk niet verantwoorden. Ik hou van het schaap denk ik.’ Oeral is wol in djippere betsjutting foar te finen, mar dit is no krekt dy ienfâld dy’t sa karakteristyk is foar Bram de Goeij. Soms dochst dingen gewoan omdatst it moai fynst. Sa simpel leit it.

Oersetting: Nynke van der Zee

Dit stik is eerder ferskynd yn de Moanne 10 (2011), 10 (decimeer), s. 20-22.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.