De krêft fan kwetsberens

Publisearre op 1 juni 2006

HARMEN WIND – 

1. pak van sjaalman
Daliks oanslutend op de poëzybondel Ritueel (2005) ferskynde It útsjoch (2005) fan Piter Boersma. De oerienkomst yn tematyk is opfallend. Der is dêrneist ek dúdlik in relaasje mei de roman It libben sels (1997), dêr’t er in jier letter de GJ-priis mei wûn. Sels seit er dêr yn dit boek fan: ‘It wurk fan Richard Brautigan hat my ynspirearre ta in styl en in ynhâld dy’t ik besocht ha te realisearjen yn ‘It libben sels’, fragmentarysk, koart om ’e hoeke, safolle mooglik sûnder omballingen, poëtysk, boartlik en absurd’ (195)

Dat is it ferrifeljende: ‘it libben sels’ en ‘literatuer’ flokke mei-elkoar. En dat moat ek, oars bestie der gjin keunst. Boersma liket fan dat lêste net oertsjûge. Dat stribjen om safolle mooglik de libbensrealiteit benei te kommen, is hjir trochwurke nei – ja wat is it eins? It docht tinken oan ‘het pak van Sjaalman’ yn de Max Havelaar, of wat auteurs as Jan Hanlo, Gerrit Krol of Koos van Zomeren wol dien ha: in oanienskeakeling fan deiboekfragminten, anekdoaten, boeksitaten, lêsferslaggen, ferhaaltsjes, weromtinkens, refleksjes, aforismen, ideeën, kommentaar, – folle net genôch. Mar it boek fan Boersma is persoanliker, iepenhertiger – en pynliker, nei it foarbyld fan Rozanov dy’t er bewûnderet.

 

2. bycht
Der ûntstiet, it kin net oars, in soarte fan psychologysk selsportret. It útsjoch fan de auteur (of sis: protagonist of haadfiguer) liedt foar de lêzer ta in ynsjoch yn syn geastlike wrâld. Ek al seit Boersma: ‘Wat wit men fan syn libben. Men makket der foar jinsels in ferhaal fan’ (200) en: ‘In boek jout gjin ynsjoch, it biedt útsjoch’ (235), foar my, de lêzer fan dat ferhaal, leit dat oars. Lykwols, wat hat de auteur mei It útsjoch op it each? Ik wit wol, yn it ûnderwiis heart de fraach ‘Wat hat de skriuwer bedoeld…’ yntiid ta de didaktyske deasûnden: dy bedoeling moat ommers helle wurde út de betsjutting fan wat der stiet. Mar yn dit gefal leit dat in slach oars. De skriuwer lit him opsetlik yn ’e kaart sjen. It mei dan wier wêze wat er seit oer syn katolike jeugd: ‘Doe’t ik jong wie, moast ik bychtsje. In ramp’ (40), de lêzer ûntkomt der net oan om it grutste part fan dit boek as in bycht op te fetsjen.

‘Ik ha foar oaren it libben fergalle. Dat is ek in reden om my fan kant te meitsjen.’(154) Dit is bekentenisliteratuer. Ik wol yn dit besprek de klam lizze op dy persoanlike kant. (De sitaten nim ik letterlik oer, ek de flaters. Oan de redaksje hie wol wat mear oandacht bestege wurde kind.) ‘As ik wat opskriuw, sis ik dalik tsjin mysels, mar dan moatst dát ek opskriuwe. Dat komt dan wei út it gefoel, it idee, dat ik earlik wêze moat tsjinoer de lêzer, dat ik net dingen ferswije moat oangeande mysels.’ (234)

De auteur sparret himsels net, ek al neamt er syn tekst yn dy gefallen faak ‘glêd’, foarst om’t er de wierheid net alhiel benei komme kin (Skriuwe is manipulearje 38) en boppedat om’t er himsels uteraard ek net echt falle litte wol. Dy iepenheid hat dus ek in dûbelde boaiem. Ek al boartet er mei it autobiografyske elemint út en troch wat (nammen, ferhaaltsjes), it is dúdlik syn eigen libbenswrâld. It ‘útsjochportret’ op ’e foarkant ûnderstreket dat. Sadwaande bekrûpt my noch alris in kaaisgatgefoel, mei de gedachte ‘ik sjoch it al, mar ik wol it net witte’ en tagelyk komt it ek ta in identifikaasje, in foarm fan ferbûnens. De motiven dy’t yn it boek almar weromkomme lige der net om: skuld, selshaat, isolemint, eangst, en de ‘escape’ yn de fantasy, it skriuwen.

 

3. tsjin de wanhoop
Miskien jout Piter Boersma dochs sels de motivaasje foar dit boek: ‘Ik ha pas it gefoel dat ik werklik yn ’e wrâld om my hinne tahâld, der werklik kontakt mei ha, as ik neitink oer mysels.’ (187) It giet dan dus om it trochbrekken fan it isolemint troch it iepenbierjen en neiplúzjen fan de eftergrûnen dêrfan. Is dit skriuwen terapeutysk? Dat is sûnder mis in motivaasje, mar it wol mear wêze. It giet op’t lêst om in publikaasje. ‘Ik bin (…) faaks allinne rjochte op mysels. Ik besykje sa om in byld fan it libben fan ’e minske te jaan.’ (196) It mei dan sa lykje dat it allegear yndividualistysk en partikulier is, it is eins krekt oarsom: Boersma makket himsels ta represintant fan de minske. Dêrfoar stelt er him beskikber, set er himsels yn it himd en lûkt dat ek noch út. Mar tagelyk nimt er de frijheid om him hinne te sjen.

‘Der binne twa kategoryen dy’t ik as in folslein oar soarte wêzens beskôgje as mysels: de oardielers en de moralisten. Ik wearzgje fan sokke lju.’ (150) Byt dy slang himsels net yn ’e sturt? Los dêrfan: hoesa ‘twa kategoryen’? Ornaris binn’ it dochs de moralisten dy’t oardielje? Dy ha alteast in noarm om harsels en elkoar de mjitte te nimmen. Hielendal fiis is er dêr sels ek net fan: ‘In gedachte dêr’t ik my mei wapenje: ik moat selsbewust wêze (oars streame de moed en de krêft om in foet te fersetten út my wei), mar ik moat tagelyk ek ôfstân nimme fan mysels (minsken dy’t stjerre fan earsucht, dy’t stiif stean fan arrogânsje en wakker wiis binne mei harsels haatsje ik).’ (67)

Syn identiteitsprobleem hat alles mei ‘de oaren’ te krijen: Ik bin ‘ta it ynsjoch kaam dat myn wanhoop te ferklearjen wie út oergeunst. Ik tocht altyd oan oaren, hoe’t se wiene, wat se dienen. Ik woe wêze as harren, wêze dêr’t sy wiene, hawwe wat sy hiene. It libben fan de oaren stelde wat foar, mines neat. De oaren wiene meiinoar, ik stie allinne. En hoe mear oft ik besocht om my derby te jaan, hoe iensumer en ûntefredener as ik waard. Ik woe mysels fan kant meitsje.’ (153) Dat lêste is in weromkommend motyf. ‘Ik ha earder alris beprakkesearre dat as men tajout dat men wanhopich is men in ein oan jins libben meitsje moat. Mar dat ha ik net yn ’e holle. Men ferset jin.’ (35) Opfallend is hjir it feralgemienjen. ‘Men ferset jin’: dat is de noarm, en dêr hâld ik my oan.

 

4. religy
Faak komt, neist de refleksjes oer jinsels tekoart dwaan, de eangst foar de dea foar. De tsjerke hat er de rêch takeard. ‘Ik leau neat mear,’ seit de ik-figuer, in hjirneimels kin er him net foarstelle. Mar oan de oare kant, der net mear wêze, dy gedachte is net te fernearen. De lêste oantekening giet yndirekt ek oer de dea: ‘Ik ha der altyd west en ik sil der altyd wêze. Ik wit dat it net wier is, mar it is in gefoel en ik jou my deroan oer.’ (235) Eins is dit ek in tige religieus boek, mar dan sûnder de bewende godstsjinstige begripen, alteast de bibelsk-transendinte. It docht dan ek net nij dat de ikfiguer de tsjerke mist: ‘Ik doch neat mear oan it leauwe (it Roomske) dêr’t ik yn grutbrocht bin. Mar no kom ik ek net mear op it plak (…) dêr’t it hillige, it ûnútspreklike en ûnbeneambere – him oantsjinne.’ (68)

It kearnbegryp lykwols is it hert fan de (kristlike) religy: skuld. It giet oer de minske dy’t him skuldich fielt oer wat er fan syn bestean makke hat en bang is foar de dea dy’t alle kânsen foargoed út ’e wei rommet. Hy falt op himsels werom, flechtet yn fantasy en skriuwen (wat dan ek wer in skuldgefoel opsmyt), doart it kontakt mei oaren net mear oan, tinkt dat se him troch hawwe, him feroardielje sille. In bycht, ja, mar net oan in hegere macht. In ferantwurding dy’t er ôfleit oan oaren. It is lokkich ek net allegear ellinde. Tsjin in protte ‘hate’, ‘wearze’ en ‘wanhoop’ oer, stean inkelde moaie, dierbere mominten. Dy wurde ‘bewarre yn myn hert’. Se ha te meitsjen mei leafde, kwetsberens. ‘Myn frou is krekt op bêd gongen. Ik ha noch even by har west om har in tút te jûn. Ik fûn har wang hearlik sacht. (170)

 

5. fet fol tsjinstridigens
Myn beswier tsjin ‘It útsjoch’ giet, krekt as by de dichtbondel, benammen út nei de foarm, yn it bysûnder de ‘bûntens’, de ûngelykweardigens fan de fragminten. It is in lapetekken, mei stikjes fan ien sin tsjinoer stikken fan tweintich siden. (It earste wurd stiet der hieltyd as ‘titel’ boppe. Fierwei it faakst: Ik.) It ‘kastielferhaal’ (102-124) dat er syn frou bygelyks fertelt, is neffens my nijsgjirrich, mar it fersteurt it ynhâldlike lykwicht. De lêsferslaggen (yn haadsaak Russyske literatuer) binn’ ek faak ‘Fremdkörper’.

Dochs krijt dit boek my mear yn ’e besnijing as de dichtbondel. De iepenhertigens en swiersettigens stean tsjin de argeleazens en sintúchlikens oer, mar alles bout dy iene man mei op. Dit hat er yn him. In mins. In fet fol tsjinstridigens (om noch mar ris oan Multatuli te referearjen). Piter Boersma wol gjin rol spylje, hy wol doge. En de lêzer dy’t earlik is, sil dat net allinne yn him priizje, mar hy sil himsels dêryn werkenne.

 

Piter Boersma, It útsjoch. Koperative Utjouwerij, Boalsert 2005, 235 siden, 15,00 euro.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006),  5 (juny), s. 29-30.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels