De histoaryske Schotanus-atlas yn facsimile

MARRE SLOOTS – 

Yn 1682 krige de Fryske wiskundige en arts Bernardus Schotanus à Sterringa opdracht foar syn Uitbeelding der Heerlikheit Friesland; zoo in ’t Algemeen als in Haare XXX bijzondere Grietenijen, better bekind as de Schotanus-atlas. No, presys 333 jier letter, is de atlas opnij te krijen. Hânbûn, ynklusyf mei goudpigmint ynkleure ôfbyldings en fan ‘oudhollands gevergeerd papier’. Foar de leafhawwer, dat wol: in eksemplaar moat mar leafst 1.125 euro kostje.

 

In bysûndere produksje dy’t, neffens Rob van Diessen fan útjouwer Asia Maior yn Voorburg, ‘alles overtreft wat er ooit eerder aan facsimile-atlassen in Nederland en wellicht zelfs wereldwijd is verschenen.’

 

Schotanus makke de ryk illustrearre atlas yn opdracht fan de Steaten fan Fryslân. In unike opdracht foar dy tiid: noch nea earder wie in provinsje sa wiidweidich yn kaart brocht. En in flinke put foar de dan 43-jierrige Schotanus. As studint wurke er al foar syn heit Christianus Schotanus, heechlearaar oan de Universiteit fan Frentsjer. Dy hie yn 1664 mei syn Beschrijvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt al in foarsetsje jûn foar de lettere Schotanus-atlas. Foar it projekt waarden 2 lânmjitters ynset om de provinsje yn kaart te bringen. Schotanus junior wie lykwols net ûnder de yndruk fan it risseltaat: dat koe er sels better. 16 jier lang tôge er troch Fryslân mei mjitapparatuer om de provinsje oan’t yn detail yn byld te bringen. Syn atlas, dy’t yn 1698 ferskynde, waard yn 1718 opnij útjûn troch Francois Halma, drukker foar de Fryske Steaten. Dit is de ferzy dy’t by it grutte publyk it meast bekind wurden is, en dy’t ek de basis foarme foar dizze nije útjefte.

De Fryske Akademy, it Fries Museum en Tresoar wurken gear om ienmalich dit stikje Fryske kultuerhistoarje yn al syn pracht opnij út te jaan. It wurd ‘reproduksje’ is lykwols net op syn plak, seit Sytze van der Veen, histoarikus en ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt. It giet om in ‘facsimile’, in term dy’t oanjout dat alles út de orzjinele útjefte ien op ien oernaam is. Dat betsjut dus echt alles: de kaarten ha presys deselde ôfmjittings as it orizjineel, de bân is fan kowelear mei goudopdruk, en foar de drukinkt waard sels spesjaal goudpigmint ûntwikkele.

It opnij útjaan fan de atlas hie nogal wat fuotten yn de ierde. Om’t it om sa’n lúkse en dus ek djoere útjefte gie moast fan tefoaren wol dúdlik wêze oft genôch minsken ree wiene om de atlas te keapjen. It hat krap in jier koste, mar no is dy garânsje der. De atlas komt út yn in beheinde oplage fan 125 stiks. In bysûndere produksje dy’t, neffens Rob van Diessen fan útjouwer Asia Maior yn Voorburg, ‘alles overtreft wat er ooit eerder aan facsimile-atlassen in Nederland en wellicht zelfs wereldwijd is verschenen.’ In wier collector’s item dus.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.