De GFR

Publisearre op 11 januari 2017

TJITSKE VAN DIJK – 

Spannend, dat is it. In boek dat ik goed kin en dat ik geregeld foarlêzen ha oan de klassen dêr’t ik foar stien ha. Welke juf net? En dan no yn it Frysk? As it mar net ôffalt …

Gau-gau sjoch ik foaryn nei de list mei persoanen dy’t foarkomme yn it boek. Gelokkich: Sofie hjit noch altyd Sofie. En ik mis dan wol de ‘Bloedbottelaar’, mar myn leafde foar alliteraasje komt hielendal oan syn gerak mei de ‘Bonkebrekker’, de ‘Pjutpriuwer’ en de ‘Skrokslokker’. En ‘Famkesstamper’ alliterearret dan wol net, it rôlet seker like lekker oer de tonge as ‘Meisjesstamper’. Hmm, tink ik, miskien kin it dochs wolris leuk wurde.

 

Yn alle sinnen wurdst ferrast troch nije wurden dy’t hearlik oer de tonge dûnsje.

 

It ferhaal is bekend. Sofie, dy’t krekt as alle oare minsken net yn reuzen leaut, sjocht de reus troch har strjitte rinnen. De reus sjocht Sofie ek en fisket har út har sliepkeamer. Hy nimt har mei nei reuzelân. Dêr blykt dat Sofie gelok hân hat. Se is meinommen troch de ienichste reus dy’t gjin minsken yt. Of minskbrokkels, sa’t hy de neamt. Hy is net as alle oare reuzen, hy is de GFR. De Grutte Freonlike Reus. Hy praat wat nuver, mar is sa goed as bôle. Yn plak fan minskbrokkels te haffeljen, fangt er dreamen en blaast dy nachts by de minsken troch de gerdinen.

As de oare reuzen mei in soad kabaal op ‘en paad geane om harren jûnsmiel te heljen, wurdt Sofie lilk. Se kin net begripe dat de reuzen dat alle dagen wer dwaan kinne. Se fynt dat de GFR der wat oan dwaan moat! Se betinkt in bjusterbaarlik plan om de keninginne fan Ingelân yn te skeakeljen by it opsluten fan de reuzen. It plan slagget en alle ôfgryslike, meunsterlike reuzen wurde fongen en opsletten yn in mânske kûle. En se ite nea wer minskbrokkels, mar krije foar ivich en altyd allinne noch mar smoargoare snoaskommers.

Roald Dahl is in masterferteller. De GFR is as in bern; mei syn kromme sinnen, syn ympulsen en syn genietsjen fan de lytse dingen. Mar hy is ek in filosoof, dy’t de (foar)lêzer subtyl mar skerp wiist op de stampte michjes en krobbekeutels yn de harsens. “Juster wy leaut net yn reuzen, dochs? Hjoed leaut wy net yn snoaskommers. Allinnich om’t wy it tafallich net sjóen ha mei ús eigen dopkes, tinkt wy dat it net bestiet.”

Goed, mar dy hearlike sfear sit ek yn de ferzje dy’t ik al koe. De konklúzje kin wêze dat de GFR in kreaze Fryske oersetting is. Mar ik fyn dat te koart troch de bocht. Martsje de Jong hat in feestje makke fan dit boek. Fan alle wûnderlike wurden dy’t de GFR seit, hat se in prachtige Fryske ferzje makke. Ik tink bygelyks oan de ‘fripsdripper’ en de ‘sûsklappers’. Soene dy net krekt as yn de Nederlânske ferzje ‘fropskottel’ en ‘flitspoppers’ hjitte kinne? Jawis wol. Mar siz no sels: ‘fripsdripper’ en ‘sûsklappers’ binne Frysk.

En leau mar net dat de yn de Nederlânske ferzje Switsers sitte dy’t nei swit smeitsje of dat Frou Buorren en Bartele Hiem dêryn foarkomme. En sa binne der in hiel soad hearlike lytse wurden dy’t yn net ien taal bestean en dy’t Martsje de Jong dochs yn it Frysk oersetten hat.

Dus: spannend? Ja. Mar op syn Frysk: it foel my neat ôf. En op syn GFRs: it wie in machtmerakel. De GFR is in hearlik Frysk boek dat freget om foarlêzen te wurden. Yn alle sinnen wurdst ferrast troch nije wurden dy’t hearlik oer de tonge dûnsje. Dus foar wa’t noch tinkt: moat dat no wol yn it Frysk? Gewoan dwaan!

 

De GFR, Roald Dahl. Oersetting: Martsje de Jong, yllustraasjes: Hilda Groenesteyn. Utjouwerij Regaad, €15,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels