De Fryske sêfte G

HENK WOLF – 

Koartlyn siet ik yn de trein. It wie rêstich en yn it bankegroepke skean foar my sieten trije kondukteurs te praten. Ut it petear waard ik gewaar dat ien út Gelderlân, ien út Grinslân en ien út Fryslân kaam. Op in stuit moast der omroppen wurde dat wy by in stasjon yn ‘e buert kamen. Nei efkes hinne-en-wer-praten krige de Fryske kondukteur de taak taparte. Hy rôp om dat de trein om ‘negentien uur veertien’ oankomme soe op it stasjon. De Gelderske kondukteur die it wurd ‘negentien’ nei, sa’t de Fryske kondukteur dat útsprutsen hie en konstrastearre it mei wat neffens him de ‘ABN’-útspraak wie.

 

De Fryske kondukteur fielde him blykber oansprutsen op syn Fryske identiteit en hat de rest fan de reis Stedsfrysk tsjin syn kollega’s praat.

 

Doe’t de Fries weromkaam by syn kollega’s, spruts de Geldersman him oan op syn Fryske útspraak fan de G en op ‘e nij kontrastearre er dy mei in ‘Standertnederlânske’ G.

Ik hie der wolris earder oer neitocht. It Frysk hat fansels net de sêfte G dy’t rûchwei tusken Arnhim en Duinkerke yn gebrûk is. Dy súdlike sêfte G liket wat op in J en wurdt frij fier foaroan yn ‘e mûle útsprutsen. Mar it Frysk hat ek net de skjirjende G dy’t yn de oare Nederlânske provinsjes brûkt wurdt, alteast lang net elkenien hat dy. Dútske kunde hat wolris sein dat jonge Friezen foar syn gefoel de algemienere Nederlânske G brûke, wylst dy fan justjes âldere Friezen oars klinkt, minder skjirjend en minder opfallend.

Om wis te wêzen fan de krekte manier fan útsprekken soe in ûndersiker de tongbewegingen fan pratende Friezen fan tichtby bestudearje moatte, mar as ik myn eigen tonge ris wat befimelje ûnder it praten, dan krij ik de yndruk dat de Fryske G op itselde plak yn ‘e mûle makke wurdt as de Nederlânske, nammentlik helendal achter yn ‘e mûle. De manier fan útsprekken is lykwols oars: de lucht wurdt wat minder hurd troch in wat bredere skreef tusken tonge en hûch blaasd, sadat it skjirjende karakter fan de G ferdwynt. Yn taalkundige termen: guon Friezen brûke gjin stimhawwende felêre frikatyf, mar in stimhawwende felêre approksimant. En dy brûke se ek as se Nederlânsk prate. Dat is ien fan de eleminten dy’t meitsje dat ien in ‘Frysk aksint’ hat. Harkje mar ris nei Foppe de Haan yn it folgjende filmke. Op 0:27 seit er mei in Fryske G it wurd ‘negentien’ en op 0:47 docht er itselde mei ‘zorgen’.

Sa net, mar de Fryske kondukteur fielde him blykber oansprutsen op syn Fryske identiteit en hat de rest fan de reis Stedsfrysk (‘Su kest dat oek wel doën, ju’) tsjin syn kollega’s praat en se oanfitere om by de Afûk op kursus te gean.

Comments
2 reaksjes oan “De Fryske sêfte G”
  1. wopkje bergmans schreef:

    Goeie Henk, ik lês dyn artikel en drekst tink ik ,ik ha lêstendeis buro de Vries heard,…. hoe soe it no mei Henk gean?? Fandér dizze réaksje…

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.