Folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018

Wolle Ljouwert en de provinsje Fryslân har kandidaat stelle foar de titel fan Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 op basis fan in (nije) nochal kwealik rûkende folksnasjonalistyske ideology?

Yn De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018, nûmer 1 yn de searje Perio-Pamflet, dy’t oare wike yn Ljouwert presintearre wurdt [ plak en datum folgje noch ] makket Eeltsje Hettinga in krityske en yngeande analyze fan it troch de Koöperaasje Fryslân 2040 gearstalde rapport Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân Duurzaam 2040, dat  as in blaudruk en basisstik tsjinne hat foar de notysje Nocht oan de takomst fan de Koöperaasjegroep 2018, dy’t ek dwaande is mei it skriuwen fan it bidbook foar de Kulturele Haadstêd 2018.

Hettinga set de taal en it tinken fan beide koöperaasjegroepen yn in histoaryske en sosjaal-politike kontekst. Hy lit ûnder oaren sjen hoe’t it nije Fryske duorsumheidstinken ferpakt is yn âlde folksnasjonalistyske ideeën.

Politikolooch en skriuwer Hans van der Heijde skreau foar dit omfangrike Perio-pamflet (s. 46) in wiidweidich foaropwurd. Hy freget him ûnder oaren ôf: “Dachten de Koöperaasjes echt dat ze, door DNA te schrijven in plaats van bloed, een volksnationalisme konden presenteren dat voldoende gemoderniseerd is om aan bruine associaties te ontsnappen? Of hadden ze daar lak aan en zochten ze naar een Friese variant op het Venlose populisme dat Limburg teruggeeft aan de Limburgers?”

Mear ynformaasje by Willem Winters, uitgeverij Perio, Beethovenstraat 5, 8916 GE Leeuwarden, of Eeltsje Hettinga.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.