Egbert Reitsma yn Fryslân

GERBEN DE VRIES – 

It hat my altiten yntrigrearre wêrom’t minsken faak al nei inkelde desennia útsjoen binne op neiooarlochske nijbouwwiken. Moatte der huzeblokken fan somtiden mar tritich jier âld wike foar oare projekten, dan is it foar de gemeente gjin probleem om dy gebouwen mei de grûn lyk te meitsjen. It liket der op as binne wethâlders en beliedsmakkers bliid dat se wer sa’n grouwélich stikje moderne boukeunst nei de Filistijnen helpe meie. Dat jildt net allinnich foar huzen trouwens, ek tsjerken dy’t nei 1950 boud binne wachtet itselde lot. Ik wol hjir net in rekwiem sjonge foar dy sa maklik omgoaide nijbou, want meastentiids binne it yndie saaie kleurleaze gebouwen. Benammen de noch libjende feteranen fan de generaasjes arsjitekten fan nei de Twadde Wrâldkriich meie it harsels oanrekkenje. Hja hawwe dúdlik net foar de ivichheid boud, al is it fansels de fraach oft dat ek bedoeld wie. Yn alle gefallen falle der net in soad triennen as der wer ris in nijbouwwykje tsjin de flakte giet.

 

By griffermearde arsjitekten wie de Amsterdamse School yn de moade en Reitsma gie dêr yn mei. It resultaat wie in op it earste gesicht skean en bryk gebou.

 

In man dy’t dat ek oerkommen is en dy’t oan de oare side dochs ek in protte gebouwen ûntwurpen hat, dy’t de 22ste ieu wol helje sille, wie de arsjitekt Egbert Reitsma (1892-1976). Oars as syn namme fermoedsjen docht, wied er gjin Fries mar in Grinslanner. Hy waard berne yn Ulrum, al sil er mei sa’n achternamme fest wol earne in Fryske konneksje weze. Ik koe in pear fan syn gebouwen yn Grins, lykas de prachtige filla’s oan de Nassaulaan, en fansels it manjefike Noorder Sanatorium yn Zuidlaren. De griffermeard Reitsma wie lykwols benammen in tsjerkebouwer en hat yn dy kwaliteit ek in pear tsjerken yn Fryslân boud. Moaie tsjerken ek noch. Kees van der Ploeg hat in boek skreaun oer dizze Egbert Reitsma en Teo Krijgsman hat der moaie plaatsjes bymakke.

It opmerklike is dat de troch Reitsma yn 1925 bouwde tsjerke fan Kollum ek fuort syn earste wie. Hy hie dus gjin erfaring opdwaan kind en yn dy sin is it daalk in tige slagge masterproef. Mei syn heit hie Egbert al meiwurke oan de tsjerke fan Muntjeziel (Munnekezijl), mar dat wie noch in frij gewoan godshús. Dy fan Kollum perfoarst net. By griffermearde arsjitekten wie de Amsterdamse School yn de moade en Reitsma gie dêr yn mei. It resultaat wie in op it earste gesicht skean en bryk gebou, wêrby’t it liket oft de boumaster mar wat dien hat mei de ferhâldingen tusken toer, skip en koar. Is de útfiering oan de bûtenkant noch aardich sober, it ynterieur is folslein unferwachts. De tsjerkebanken waaierje om preekstoel en oargel hinne, mar it is benammen it plafond dat de oandacht lûkt. As wiene it de flammen fan de hel, sa skildere de De Ploegskilder George Martens geometryske patroanen yn oranje, brún, giel, pears en swart. It is dan ek gjin wûnder dat de tsjerke de bynamme ‘de bioskoop’ krige en dat wie yn griffermeard Nederlân foar de oarloch bepaald gjin earetitel.

It soe nijsgjirrich wêze ris nei te gean wat de tsjerkeried der úteinlik fan fûn. Hja wiene wol fan oardiel dat keunstner George Martens in wylde bruier wie en dêrom waard de skilder op ’t lêest de tagong ta de nijbou ûntsein. It no Oosterkerk neamde gebou is oars in ryksmonumint. It werhâlde de griffermearde gemeente fan Ljouwert yn alle gefallen net om Reitsma in pear jier letter te freegjen ek foar har in tsjerke te ûntwerpen. Begjin jierren tritich waard de nijbouwyk Vogelwijk ten noardwesten fan de binnenstêd oanlein en dêr hearde fansels yn dy tiid ek in tsjerke by. In kompakt, kubysk bouwwurk mei in massive klokketoer, skriuwt Van der Ploeg terjochte. Yndied hiel oars as it hast ekspressionistyske gebou yn Kollum; it docht hast wat Toskaansk oan. Mar ek hjir in opfallend plafond en foaral lange hege glês-yn-leadramen. Opfallend by dy glêzen binne de protte uterings fan it moderne libben, lykas in auto, in fleantúch, in wolkekrabber, wylst der mar in pear bibelske foarstellingen te sjen binne. Rare jongens, dy griffermearden! Ek dizze Pelikaantsjerke, der’t dit jier in soad striid oer west hat, is in ryksmonuimint.

Om koart te kriemen, oer Egbert Reitsma is in moai oersichtswurk makke mei ek in pear raakflakken mei Fryslân. It is allinnich in bytsje nuver dat yn de literatuerlist wol ferwiisd wurdt nei in artikel fan Peter Karstkarel oer de Pelikaantsjerke, mar net nei it boekje fan Huub Mous oer de griffermearde tsjerke fan Kollum, yn de rige Monument van de Maand. En ja, ek fan Reitsma binne der in stik as wat gebouwen ôfbrutsen.

 

Egbert Reitsma, Meester in baksteen. Utjouwerij Friese Pers Boekerij, 160 siden, €22,50

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.