De film komt werom op it Saailân

SYDS WIERSMA – 

Op 16 july is it 116 jier lyn dat Christiaan Slieker yn in merketinte mei 116 sitplakken de earste films yn Fryslân draaide. Dat fertsjinnet oandacht. Hielendal no’t de film takom maityd weromkomt op it Saailân. Dan iepenet Filmhûs Ljouwert de doarren fan trije bioskoopsealen yn it nije museumgebou. Christiaan Slieker wie in pionier, de earste Nederlanner dy’t in reizgjende bioskoop hie. De Ljouwerter merke fan 1896 hie de primeur. Mei syn ‘Theater Edison’, sa’t er syn merkebioskoop neamde (letter: Theater Edison), reizge Slieker tolve jier lang troch it lân.

George Christiaan Slieker (1861-1945). De eerste bioscoopondernemer in Nederland hjit it kostlike boekje fan Harm Nijboer en Asing Walthaus út 1995.[1] Yn detail beskriuwe se hoe’t de merkeman Slieker in bioskooptinte begûn en hoe’t syn aventoer past yn it gruttere ferhaal fan de iere filmskiednis en -technyk.[2] Doe’t Slieker yn 1896 yn Berlyn in filmprojektor kocht, wie er al jierren merkeûndernimmer. Hy hie it besocht mei ferskate attraksjes, lykas in smyttinte en it wûnder fan in ienjierrich famke fan 60 pûn. Yn 1895 stie er mei in nijerwetse attraksje op de wrâldtentoanstelling fan Amsterdam, in elektromagnetysk fiskspul: mei in magneet izeren fisken út in bak angelje. Dat rûn sa goed dat er ek yn Berlyn op ’e ‘Gewerbeausstellung’ kaam te stean. Dêr ûntduts er de ‘kinematograaf’, in wûndermasine dy’t bewegende bylden op in wyt doek projektearre.[3] Yn Berlyn waard dêr fanatyk mei advertearre en Slieker bestelde by de fa. Foersterling it type ‘Edisons Ideal’. It ding moast in lyts fermogen opbringe: 1250 Dútse ryksmark (750 Nederlânse gûnen) mar wie noch altyd folle goedkeaper as it orizjineel dat de Frânsman Continsouza ûntwikkele hie en dat Foersterling foar 4800 Dútse ryksmark oanbea.[4] Yn sân hasten reizge Slieker werom nei Ljouwert om fan syn tinte in bioskoop te meitsjen.[5]  Op 10 july, krekt foardat de Ljouwerter merke begjinne soe, hie er in advertinsje yn de LC: “DE KINEMATOGRAAF komt op de Kermis te Leeuwarden”. En op 13 july nochris: “Nieuw! Nieuw! Nieuw! KINEMATOGRAAF, EDISON’S ideaal, komt op de LEEUWARDER KERMIS”.

‘Edison’s Ideaal’
Mar it wie behelpen mei Edison’s Ideaal, seker yn it begjin. Nijboer en Walthaus beskriuwe hoe’t Slieker grutte problemen hie om syn apparaat oan de praat te krijen. De Dútse monteur kaam earst mei it ferkearde model oansetten. Doe’t er mei it goede út Berlyn weromkaam, bliek dat de monteur gjin ferstân hie fan de kalkbrâner dy’t Slieker foar de beljochting brûke woe en dat der foar dy kalkbrâner boppedat noch in soerstofsilinder foar 80 gûne út Delft komme moast. Pas op 16 july, de Ljouwerter merke wie al fjouwer dagen oan ’e gong, koe Slieker syn wûnder oan de wrâld toane. De LC skriuwt de oare deis: “Rijtuigen, omnibussen, equipages, ‘elegante’ voetgangers en menschen uit het volk, alles schijnt te leven, zelfs de rook die een voorbijganger, nadat hij de cigarette uit den mond heeft genomen, uitblaast, ziet men opstijgen (…) Iedere dag is er wat nieuws te zien (…) Wie het heeft gezien, staat er ‘versteld’ van.” Nei Ljouwert folgen Haarlem, Rotterdam, Alkmaar. Yn Nijmegen yn oktober wie it noch altyd net ideaal, alteast neffens fotograaf C.A.P. Ivens (heit fan de bekende Joris) yn de Nijmeegse Courant fan 1/2 novimber 1896: “Men gelieve te bedenken dat deze films (beeldreeksen) mogelijk afleggertjes waren uit een of andere groote plaats en dat het onaangename flikkeren, sissen enz. niet een eigenschap is (althans niet in die hooge mate) van Lumière’s Kinematograph, maar wel van het hier vertoonde exemplaar.” Yn ’e winter, oars in sloppe tiid foar de merkeman, boude Slieker syn bioskoop yn sealtsjes en teaterkes op, bygelyks yn Utrecht yn Tivoli, yn Ljouwert yn de skouboarch en yn Boalsert yn sosiëteit Amicitia. Yn dat earste jier moasten jo flink ta de beurs om by Slieker yn ’e tinte te kommen: earste rang 50 sint; twadde rang 25 sint; op ’e merke wie allinnich it fariëteeteater djoerder. Mar Slieker krige al gau konkurrinsje fan merkelju lykas Riozzi, Grünkorn, Benner, Alber. Yn 1897 moast er de helte sakje mei syn prizen. En om 1900 hinne wie syn apparaat al sterk ferâldere neffens dy fan syn konkurrinten. Edison’s Ideaal hie gjin opwynspoel, de films rôlen troch in gleuf yn in koer en nei in fertoaning rôlen Slieker syn bern de films wer op. Boppedat hold er it by kalkljocht (‘limelight’), moai foar de sfear mar behoarlik brângefaarlik. Oare bioskooptinten stapten dêrom al gau oer op stroom foar de beljochting. Blykber hie Slieker net de middels om begjin 20ste ieu nije apparatuer te keapjen, of hy wie in romantikus dy’t hechte oan de sfear fan ‘limelight’. Hoe dan ek, de pionier waard op achterstân set en joech der yn 1907 de brui oan.

De films fan Slieker
Wat wienen dy ‘afleggertjes’ dêr’t Slieker it earste filmpublyk him oan fergapje liet? Grif ynkleure filmkes út de studio’s fan Thomas Edison: kafeerúzjes, bokswedstriden, dûnseressen mei spannende petticoats en sjarretellen. Titels fan de bekende Frânse filmpionier George Méliès fine wy ek yn Slieker syn advertinsjes en struifolders. Yn ’e Ljouwerter skouboarch hat er begjin 1897 fjirtjin films op it programma stean, dy’t yndie foar it grutste part út wrâldstêden of eksoatyske oarden komme: “Afrikaansche Wildernissen”, “Dynamietaanslag in een speelhuis te Berlijn”, “Zeehaven te Boston”, “Bois de Boulogne met Wandelaars” (in film fan George Méliès). Der sitte ek in pear nije Nederlânse ‘produksjes’ tusken: “Het Badbassin te Amsterdam”, “Spelende kinderen” en “Gestoorde hengelaar”, alle trije makke troch de Amsterdamse fotograaf en sportfisker Machiel Laddé. “Gestoorde hengelaar” is, foarsafier bekend, de earste Nederlânse spylfilm. De film is ferlern gien mar oan de hân fan in rige filmstills dy’t Slieker bewarre hie en dy’t publisearre waarden yn De Wereldkroniek fan 9 novimber 1935, is it ferhaal foar in part noch te rekonstruearjen: In as frou ferklaaide man dûnset foar in man mei in hânoargeltsje. Mar it oargeltsje blykt in fiskkoffer te wêzen. De man kiperet de angelstokken út de koffer en set de frou op ’e lege koffer del. Wylst hy de angel ynelkoar set, hellet er kluchten út en kin mei de hannen hast net fan har ôfbliuwe. Neffens Jan Brugman, eigner fan it Filmmuseum yn Ljouwert en kenner fan de iere sinematografy, moatte de akteurs op de stills Lion Solser en Lion Solser wêze. Dy foarmen begjin 20ste ieu it komyske duo Wip en Snip, letter troch Willy Walden en Piet Muijselaar fuortset as Snip en Snap (1937-1977). Wa’t de stills ferliket mei foto’s fan it duo moat Brugman hast wol gelyk jaan. Boppedat, yn 1900 makke Laddé nóch in film mei it duo, ûnder de titel “Solser en Hesse”. Brugman: ‘Het zou geweldig zijn als deze eerste 100 seconden van de Nederlandse speelfilm, die dus verloren zijn gegaan, met twee hedendaagse acteurs opnieuw worden verfilmd. Er is alle ruimte voor eigen invulling, want wat we hebben van “Gestoorde Hengelaar” zijn een paar plaatjes.’ In idee miskien foar takom jier by de iepeningswike fan it nije Filmhûs op it Saailân?

Aldste Fryske filmbylden
Slieker hold net op mei sykjen nei middels om it publyk nijsgjirrich te hâlden. Dêrom begûn er al gau mei it fertoanen fan pleatslike filmbylden. Sa hie er op ’e Ljouwerter merke fan 1899 “Het uitgaan der Dominicus-Kerk in de Speelmanstraat, opgenomen 16 juli ’99 na de tweede godsdienst-oefening” op it programma stean. De kâns is grut dat dat de âldste Fryske film is. It soe aardich wêze om oan ’e hân fan ûndersyk yn regionale en pleatslike kranten fermeldings fan de âldste filmmakkerij yn de provinsje boppe wetter te krijen. Wy witte bygelyks dat de earste fêste bioskoop yn Ljouwert, de Frisobioskoop (1910, no Tivoli), eigenmakke films fertoande. Datselde die de Witte Bioscoop yn It Hearrenfean (1912-1973). Sa attindearre keatsûndersiker Germ Gjaltema my lêsten op in ferslach út de LC fan 17 maaie 1910 oer filmbylden dy’t de Frisobioskoop draaide fan de Bûnspartij yn Ljouwert. Yn itselde ferslach wurdt ek melding makke fan opnamen fan de fuotbalwedstryd Fryslân-Grinslân en de besite fan Prins Hendrik oan Ljouwert. Fierders lies ik yn in ynventarisaasjelist út 1990 dat der noch Feanster filmfragminten út 1913 bestean moatte: bylden fan de Pinkstermerke en de ûnôfhinklikheidsfeesten (1813-1913). Christiaan Slieker hie syn Theater Edison doe al fan ’e hân dien. De tinte waard ferkocht, it ferearme gesin ferhuze fan It Hearrenfean nei in húske yn de Drachtster Tsjerkestrjitte, “een armoedige steeg vol trekhonden, waar, ironisch genoeg, op de hoek bioscoop Union stond.” [6] Slieker bewarre syn kinematograaf en die noch wat skoalfoarstellings.[7] 

Hommaazje oan Slieker
Yn 1935, by de festiviteiten om 40 jier film hinne, stie de doe 74-jierrige Slieker noch wer even yn ’e skynwerpers. Yn it Nieuwsblad van Friesland (14-10-1935) ferskynt in fraachpetear mei him. En de ‘Wereldkroniek’ út datselde jier (s. 1662) skriuwt: “Tussen de gasten die eenigen tijd geleden in de Cinetone Studios ter eere van Lumière bijeen kwamen, viel een oude heer op, van wien niemand wist, wie en wat hij was. Het bleek echter spoedig dat de bescheiden onbekende in het feestelijke donkerblauw een der interessantste figuren der geschiedenis van de Nederlandse cinematografie is, dien men in de loop der jaren volkomen heeft vergeten.” Asing Walthaus stelt op syn weblog foar om ien fan de sealen yn it nije Filmhûs op it Saailân nei Slieker te ferneamen. In hommaazje oan de man dy’t de Nederlânse bioskoopskiednis yn Ljouwert begjinne liet.

 

Koarte biografy[8]
Christiaan Slieker wurdt berne op 19 jannewaris 1861 op in skip yn ’e Ljouwerter grêften. Syn âlders binne merkelju en sutelders. Oarspronklik komme de Sliekers út in Dútse famylje fan glêsblazers. Christiaan hat trije broers en trije susters. De broers Slieker wurde alle fjouwer merkereizger. Christiaan trout yn 1888 mei Geertruida Akkerman út Akkrum, in merkedochter. Se wenje earst op in skip, mar krije al gau in hûs op ’e wâl, earst yn Snits en yn 1892 yn It Hearrenfean. Nei it aventoer mei de kinematograaf ferhuzet it gesin nei Drachten. Christiaan sutelet dêrnei mei in kroade mei potten en pannen troch de Drachtster kriten. Mar de merke sit him yn it bloed en hy besiket it opnij mei in smyttinte en mei in tentoanstelling fan twa wylde bargen, fongen yn de bosken fan Beetstersweach. Yn 1934 ferstjert Geertruida. Yn 1942 ferhuzet Christiaan nei syn âldste soan yn Assen, dy’t dêr in fotosaak hat. Op 9 maart 1945 ferstjert er. Op syn grêfstien op it Suderbegraafplak yn Drachten stiet: “Eerste bioscoopondernemer van Nederland”. 



[1] Ljouwert 1995. Inkele eardere publikaasjes mei ynformaasje oer Christiaan Slieker: H.J. Prakke, Drieërlei Filmbegin in Drenthe, Assen 1958; P. Bonnet, “De Kinematograaf begon haar triomftocht in Leeuwarden op de kermis in 1896”, Leeuwarder Courant 1-10-1971; A. Briels, Komst en plaats van de Levende Photographie op de kermis, een filmhistorische verkenning. Tussen Kunstkabinet 1885-1910 en Kinematograaf – 1896, Assen 1973; V. Tietjens-Schuurman, Van toverlantaarn tot kinematograaf, een reis door de geschiedenis van het geprojecteerde beeld, Rottevalle 1979;  F. van der Maden, “De komst van de film”, yn: K. Dibbets en F. van der Maden (red.), Geschiedenis van de Nederlandse Film en Bioscoop tot 1940, Weesp 1986.

[2] Foar dizze histoaryske skets oer Slieker haw ik my foar it grutste  part op Nijboer & Walthaus basearre. Wêr’t ik ôfwyk fan harren ûndersyk, neam ik dat yn myn fuotnoaten.

[3] De kinematograaf wie krekt útfûn. William Kennedy Laurie Dickson, in meiwurker fan Thomas Edison, hie begjin jierren ’90 yn Amearika de kinetoskoop (in filmkykkast) en de kinetograaf (it earste filmopname-apparaat) útfûn. Om 1895 hinne slagget it meardere útfiners om in kinematograaf (kamera en projektor tagelyk) te ûntwikkeljen: de bruorren Lumière yn Frankryk, de bruorren Skladanowsky yn Dútslân, Robert W. Paul  yn Ingelân en Thomas Edison yn Amearika.

[4] Filmûndersiker Deac Rossell nimt oan dat Slieker syn kinematograaf by de fa. Foersterling bestelde; dy advertearren doe mei dat type; Nijboer & Walthaus, s. 13-14. Mar Jan Brugman, eigner fan it Filmmuseum yn Ljouwert en samler fan alles wat mei de iere sinematografy te meitsjen hat, fûn yn it Dútse merkefakblêd ‘Der Komet’ fan 20 juny 1896 twa advertinsjes: “Viel, viel Geld zu verdienen durch Forführung des Apparates. Die Lebende Photographie dargestellt durch den Kinematograph” (R. Mosse) en “Kinematograph, Edisons Ideal” (U. Schneider). Brugman tinkt dat Slieker syn kinematograaf by Schneider bestelde of by Fuhrmann, de eigner fan it Kaiserpanorama, dy’t in ‘Optisch-photographisches Kunst-Institut’ hie dêr’t er ek kinematografen ferkocht. Neffens Brugman soe de fa. Foersterling mei de orizjinele, djoere projektor fan Continsouza (de ‘Biomatograph’) op de Gewerbeausstellung stien ha, wylst tuskenhannelers as Schneider en Mosse it goedkeapere apparaat ferkochten dat troch de fa. Foersterling neiboud wie.

[5] De Gewerbeausstellung yn Berlyn duorre fan 1 maaie oant 15 oktober 1896. Slieker moat syn kinematograaf yn maaie kocht hawwe en hie doe foar de merke yn Ljouwert (12-19 july) noch krapoan twa moanne de tiid om fan syn merketinte in bioskooptinte te meitsjen. Dat hat in lyts huzarestik west, óf Slieker wie foar Berlyn al fan doel om in kinematograaf oan te skaffen.

[6] Nijboer & Walthaus, s. 34

[7] De projektor fan Slieker is bewarre bleaun en stiet yn Museum Smellingerlân yn Drachten, dêr’t yn 2006 in lytse tentoanstelling oer Slieker en de iere filmskiednis wie.

[8] Nijboer & Walthaus, s. 6-7; 34-35

Earder publiseard yn de Moanne, 11 (2012),  5 (maaie), s. 41-43.

Comments
Ien reaksje oan “De film komt werom op it Saailân”
  1. Sytske Zijlstra schreef:

    Wat in pracht ferhaal en goede ynformaasje. Begryp no werom wy Slieker eare matte.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.