De Eldering’s: pake en pakesizzer

GERBEN DE VRIES –

Der hat in tiid west dat arsjitekten gjin keunstners wiene, mar gewoanwei ambachtslju. It eigenaardige is dat harren wurken – fansels ek kleurd troch it patina fan de tiid – gauris in mear keunstsinnige oanblik jowe as de gebouwen fan hjoeddeistige professionele arsjitekten. Mei oare wurden, in giele broek of in designersbril en de freonskip mei in wethâlder yn in middelgrutte gemeente is op himsels net genôch om artistieke bouwurken nei te litten.

Dy gedachte kaam by my op nei it lêzen en besjen fan it boek De gebouwde erfenis van twee Fries-Groningse architecten. Cornelis Hermannus Eldering en Hindrik Eldering fan de hân fan de eardere boargemaster fan it Grinzer Zuidhorn, Bertus Fennema. It boek hat de undertitel Suameer-Hoogkerk-Leeuwarden en dat jout wol sa’n bytsje oan dat it dreech is te sizzen oft de Elderings no Friezen as Grinslanners wiene.

 

In giele broek of in designersbril en de freonskip mei in wethâlder yn in middelgrutte gemeente is op himsels net genôch om artistieke bouwurken nei te litten.

 

Yn alle gefallen kaam de foarste Nederlânske Eldering ut Dútslân. Dy sette him yn de 17e iuw te wenjen yn Dronryp. Stadichoan teach de neiteam eastwaarts en de heit fan Cornelis Eldering hie yn de midden fan de 19e iuw in oannimmersbedriuw yn Sumar. Cornelis Hermannus Eldering (Sumar 1854 – Hoogkerk 1932) lei de basis fan it noch altiten besteande boubedriuw yn 1892 yn Hoogkerk. Dêr krigen Cornelis en syn frou noch twa dochters. Net altiten is in famyljeportret in sukses. Op in foto fan it echtpear en de bern (side 33), lykje de dochters sa út de Addams Family wei te rinnen. Cornelis’ pakesizzer Hindrik Eldering (Hoogkerk 1915 – Ljouwert 1993) ferfarde yn 1936 krekt oarsom nei Fryslân ta. Echte noarderlingen dus.

Hja wiene seker ek griffermeard. De femylje Eldering gie nei 1834 mei de Ofskieding mei. Neidat de saneamde ‘Dolerenden’ ûnder oanfiering fan Abraham Kuyper in twadde skuor yn de Herfoarme Tsjerke makken, fusearren beide tsjerkgenoatskippen en foarmen yn 1892 de Gereformeerde Kerken in Nederland. Dat wie krekt yn de tiid dat de karrière fan Cornelis Eldering úteinsette. It nije tsjerkegenoatskip hie ferlet fan in protte nije tsjerken en pastorijen en fuort dernei ek griffemearde skoallen. Eldering foel dus mei syn gat yn de bûter. Hy wie in selfmade man, dy’t it ûntwerpen en bouwen fan hûzen en oare gebouwen yn de praktyk leard hie. No koe er syn kwaliteiten oan de eigen mannenbroeders toane. Opfallend wie it dat Cornelis Eldering as arsjitekt benammen yn Grinslân tsjerken boude en yn Fryslân pastorijen, griffermearde skoallen en ek wenhûzen, bûterfabriken en de dêrby hearende direkteurswenten. Opfallend ek wie dat Cornelis, los fan in desennium dêr’t er ek yn Amsterdam in soad hûzen tekene, eins foaral boude yn it grinsgebiet fan Fryslân en Grinslân.

Syn soan waard yn Hoogkerk gewoan oannimmer, mar pakesizzer Hindrik Eldering folge de technyske skoalle en waard in ‘echte’ arsjitekt. Hy bedarre al op jonge leeftiid yn Ljouwert en bleau der ek wenjen. It wurkterrein fan de yn moderne (‘Delftse’) styl operearjende Hindrik wie in stik grutter as dat fan syn pake, hiel Nederlân eins. Sa wie er arsjitekt fan sljochtwei 35 tsjerkgebouwen, yn Fryslân ûnder mear yn Harns, Midslân, Nes (op it Amelân), Noardburgum, Twizel en Warten. Op dy fan Harns nei hâlde dy net oer trouwens. Gek genôch makke makke de griffermearde Hindrik Eldering – noch gekker: syn pake die dat ek alris! – ek wolris in ûntwerp foar in kafee. In moai foarbyld dêrfan is it kafee-resraurant Meer- en Zeezicht yn Kornwerdersân, út 1948.

Mar Ljouwert wie echt syn stêd. Hjir ûntwurp Eldering tsjerklike gebouwen, in pear skoallen, in bejaardensintrum, wenhuzen, bungalows en bedriuwspannen. Foar de Fryske haadstêd ek byldbepalend wie syn stêdeboukundich projekt it Europaplein. Hjir ferriisde ein jierren fyftich de earste heechbou fan de stêd, in acht ferdjippingen tellende toerflat, mei in restarant/hotel en in garaasje op de begeane grûn en apparteminten derboppe. Doe wie fan syn hân al in oar markant gebou yn de stêd boud, de Korhoenflat oan de Ferlingde Skrâns. Ek de drukkerij Jongbloed oan de Grutte Tsjerjestrijitte is noch altyd it besjen wurdich.

Noch twa opmerkings c.q. fragen. Beide Elderings binne by it grutte publyk amperoan bekend en hawwe gjin opfallende gebouwen ûntwurpen. In soad wurk fan Hindrik Eldering is ‘wederopbouwarchitectuur’ en it is de fraach oft dêr op den duer in soad fan oerbliuwt. Cornelis Eldering hat tenminsten noch twa gebouwen tekene dy’t no Ryksmonuminten binne, in moaie fillabuorkerij yn Eastermar út 1907 en in pleats yn syn berteplak Sumar út 1915. Soe de eklekstyske styl fan in oannimmer dy’t arsjitekt waard hast as fansels moaier wêze as dy fan in profesjoneel arsjitekt dy’t, lykas de measten, de hurd ferâlderjende trends en moades folge?

Dan noch in lêste fraach. Foar in boek oer in arsjitekt binne der in protte leuke dingen oer de arsjitekten Eldering fûn en opskreaun, sûnder mis ek mei tank oan de digitale ‘krantenbank’. Mar wêrom komt der pas oan ‘e ein fan it boek in hiel algemien stik oer allegear boustilen? Hie dat net better yn it ferhaal yntegreard wurde kind, bygelyks troch kaderteksten?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.