De ekskreminten

Publisearre op 10 oktober 2011

ERNST BRUINSMA –

‘Ga tot Breughel en wil niet weten wat anderen er u over verteld hebben, maar ontdek zelf. En al was het dat ge u alleen maar – wat een minimum zou zijn – ergerde om de man die zit te kakken, en de andere die er zijn handen in wrijft – als een illustratie van die schrijnende waarheid dat de een de handen wrijft in de stront van de ander – ge zult er “menselijker” van terugkeren.’

Fansels moast ik oan dit sitaat fan Louis Paul Boon tinke, doe’t ik freed by de premiêre wie fan De Presidintes, spile troch Tryater. Boon fielde him ferwant oan skilders lykas Breughel omdat hy harren wurkwize seach as in metoade om tichter by de minsken te kommen en harren libbenswrâld. Dat moat toanielskriuwer Werner Schwab ek besocht hawwe yn syn Fekaliën-trilogy, dêr’t De Presidintes diel fan út makket. Want yn dit stik spilet de stront fan minsken – ekskreminten sa’t it mei wellust neamd wurdt yn de oersetting fan Bouke Oldenhof – in wichtige rol. Letterlik, want ien fan de haadpersoanen mei graach mei de bleate earms yn wc-potten omreagje om op te fiskjen wat oait in beskate gearhing hie en no allinnich mar ûnbeneamber hurd of sacht is. Mar ek op in figuerlik nivo spilet de ‘stront’ in rol. Dan lit lykwols de kearn him noch minder maklik fêstpakke. Greta fantasearret bgl. oer in moaie man dy’t har in finger yn de kont stekt en har opfrijt, Erna besiket krekt net oer sokke saken te praten omdat it – yn har ferlangen it goeie nei te stribjen en derfoar beleanne te wurden – net sa heart.

Ynearsten hie ik wol wat muoite om betsjutting te jaan oan de swarte wurdebrij dy’t troch de trije froulju oer my hinne stoarten waard, oant ik it groteske karakter fan de foarstelling werkende. De bykomstichheden blike wichtiger te wêzen dan de haadsaak, nammentlik in wat polityk korrekt boadskip oer ynterminsklik ferkear en oer toch wat holle begripen lykas opoffering, ferlangen en teloarstelling. Wat sterk yn it ûnthâld hingjen bliuwt is in grutte foarkar foar it stoflike, it konkrete. Yn dit gefal in skjinne, fel-oranje keuken, giele sopdoekjes, de rook fan deeglik skjinmeitsjen, in blik Frankfurters, massa’s sigaretten, ferstoppe wc’s en de opfallend kleurige, hast karnavaleske klean fan de haadrolspylsters.

Net in swiersettich boadskip, mar de luchtige toan, de humor bliuwt nei trochspielen/trochspyljen hingjen. In goeie kar fan de regisseur en de aktrises, want wat sjokeart ús eigentlik noch as taskôger sûnt wy op televyzje in man syn eigen kots opiten sjoen hawwe en sûnt wy konfronteard wurde mei bestjoerders en politisy dy’t hieltyd plattere taal brûke? Lês wat dat oangiet it essay fan Henk Hofland dat dizze wike yn De Groene Amsterdammer stiet, oer it nije type minske, der marris op nei.

Oer de foarstelling sels kin ik net folle sizze, mar Tamara Schoppert foel my op. Fral op mominten dat se gjin tekst hie ûnderskiede se har neffens my fan de oaren. Seker yn de earste helte fan it stik. En Alyt Damstra waard hieltyd sterker trochdat se mear en mear tekst krige. Om yn de sfear fan it stik te einigjen: ik sil noait ferjitte hoe’t Alyt Damstra nei in dekorwikseling sitroenen oan it sykjen wie, se telde en telde en miste ien. Dat kloppe. Dy wie op it toaniel ûnder in kruk lizzen bleaun. As it yn it libben sels.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]